Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 262 [22]]
| |
gen útrukken sjoen, om nei hûs to gean. Nou binne wy den oan de bar. Wier 't sa fier mar! Dat wy yette tirailleare en ‘velddienst’ meitsje hoef ik net to fortellen, Ho 't ûs haden ús bihannelje, witte jimme ek al. Jister makken wy wer ynspeksie for ús kaptein. Dat is in bêste kearel, hwent hy sjocht in bytsje. Ik ha langlêsten ris by in ljutenant op de keamer wêst, dêr seach ik yette al niget, net om 't it er sa moai wier, né, krekt oars om, it wier der net eachliker as by mannich arbeider. Der binne, dat wit ik ek wol, ek oaren, dy 't it moaijer op hjar keamer hawwe, mar meast is 't dochs in hokje op de einen fen de stêd. 't Ynkommen is net sa breed, en den leau ik, dat er by binne dy 't graech in hapke meije. Jister kaem er sa yette ien troch de gelederen slûpen, om by 't wyfke to kommen, dat broadtjes en ek jenever to keap hie. Hy sloech gau in romerfol twa trije nei binnen en saech om him hinne as in kat dy 't by de reamkûp sit. Hy woe net dat de majoar him bimirk. Under de ljutenants binne forskate dy 't net in wiif hawwe, mar frouljue dy 't to hier binne, fynt min hjir genôch. Ja, in bistelibbeu is 't hjir. Yn 't hospitael leine forline wike fjouwer en tweintich fen 't gemienste soadtsje. Der wieren gûds by fen de lichting fen '74, dy 't fjouwer wike ûnder de wapens wêze moasten. Dy koene nou yette in moanne of fiif yn 't hospitael lizze. Dat hja 't dêr nou sa bêst hawwe, mat ik net sizze. To minsten dy 't er yn komt mei in iepene foet of sa, dy het it dêr net rom. Dy litte se der hast forhongerje en kleije se der | |
[pagina 263 [23]]
| |
oer, sizze se dat se honger hawwe, den is 't: Godv...... zoolang je nog niet 'en plank van je krib opgevrete hebt, heb je ook geen hongerr.’ Den skelle dy officieren fen gesondheid sokke soldaten ek yette út for ‘luilakken, landopvreters’ en sa foart. It skellen is maklik, mar dy hearen scoene sels ek net ljeafst mei in iepene foet in ûre mannich marseare wolle. Dat er gjin luiwammessen yn 't hospitael binne, scil ik net sizze. Foaral ûnder de eachsiiken binne er dy 't hjar sels de eagen bidoarn hawwe. Eachsîken krije yet al gan ¾ rantsoen, dat is net to folle, mar min kin 't iten yn 't hospitael sliepende fortarre. Ho 't sokke soldaten kjar eachsiik meitse? Hja plúsje hwet wol út de tekkens en wrjuwe dêrmeî yn de eagen, to minsten sa hawwe hja 't my útlein. Yn 't hospitael is min oars moai optakele. Ofdraegene kapotjassen mei boargerknopen het min dêr oan, in soarte fen in deamûtse krige min op en oan de foeten het min swarte sokken. 't Liket nuver. In pear by ús companij hawwe teikene foar seis jier. Wol útskift soarte. Hja bljuwe ûnder tsjinst om 't hja thús de holle net opstekke doare. Of nou it folkje, dat to gemien is, om yn de gewoane maetskippij forkeare to kinnen, de krychsmansstân ta eare forstrekje kin, wol der net by my yn. Mar wy matte net dwaen lyk as de boargers, wy matte ús fetsoenliker hâlde en drage, is ús leard. Ik begryp der neat mear fen. |
|