wei lizzen bleauwen. Ik krige it yn 't ein ek krap enôch. Ik bigoan net in bytsje to noasblieden. Do 't wy troch den Bosch teagen seach gjin ien mear op. De noas hinge hast op de groun. Dat wy bliid wierne do wy oan de oare kant fen de stêd wer yn ús tinten wierne kinne jimme wol tinke.
Wol hiene wy in moai bitankje fen de ljutenant-kornel hawn, - in sersjant lies tominsten sa'n ding foar, hwêryn de ljutenant-koronel ús priisge om 't wy ús sa bêst hâlden hiene en hwêryn er sei, dat er mei ‘genoegen de aangename oefeningen’ bywenne hie, mar ús ‘genoegen’ hie net great wêst.
Ik haw nou ek ris by de Noard-Brabansce boeren yn de hûs sjoen. Dêr wier 'f net folle aeps. In keamer mei in stiennen flier, mei in laech modder der oar. Dêr trapen hja op bleate foetten yn om. Fen pronkerij neat, bihalve tafel en stoellen seach ik dêr in swarte kleankast, in Marijebyldtsje, in stik mannich krúskes, en in âld rikkerich stik pompier, dêr op stie: ‘Mensch leeft vroom; eert uw vader en uwe moeder.’ Dat wier wol ienfâldich, net? De minsken wierne goed for ús, en dat wier for ús fen 't measte bilang.
Earst wierne wy bliid, dat wy de kaserne forlitte koene, mar nou koe 't wol ris met ús wirde: Bliid ût, blid thûs.