of wat oars, dat biljeaven net moaijer is. ‘Wat lieflijkis en welluidt’ misstiet ommers yn in soldaet.
Yn 't flokken is twiskenbeiden ris hwet foroaring. For ‘Godv......’ heart min hjir nou al gau ris: ‘God vervloekje.’ dat for sa fier de sin forbettert, dat me net mear yen sels, mar in oar it kweade tawinsket. Ginne dy flokkershelten hjar de tiid, den is 't ‘God zal je eeuwig gloeiend maken’, of ‘Spaansch, Koloniaals, helsch vervloekt’ ensafoart.
Wy krije in goede opfieding; wy meije net yn 't wetter flybkje; mar oars hwet útspeye, ôch, dat komt er net op oan. As wy dogge as de boargers, den komt it forkeard, mar as wy ús haden ta'n foarbield nimme, den is 't spil grif yn oarder!
Lêsten binne wy ek yn-inte, mar nimmen het er leedsje fen hawn, om 't wy allegearre mei hwet tobaksflibe de pokstôf weimakken. Wy kinne hjir sokke aksjes net hawwe.
Wy matte ek swimmen leare, 't hiele batailjon tagelyk. Dat is in biweging! De iene wol net, de oare doar net, mar der is gjin help for. Dy 't net to wetter gjit wirdt er yn smiten. Militaire marschen lit min ús tsjinwirdich ek nou en den meitsje. Seis, saun ûren rinne, sjuch, dat is alles net, mar 't kin yette, en mear is er yet net fen ús foardere. Wy hawwe den, sa 't hjit, frije biweging; dat wol sizze, 't komt er net krekt op oan ho 't gewear op 't skouder hinget en wy hoeve net krekt yn de pas to marsjearjen. Mar yn 't gelid matte wy bljuwe, en de rânsel is follôege as wy nei bûten geane.