oan de ‘principiële aanpak’ net takomt. Van Dijk (VVD) hat in miniatuer-hunnebêd foar hûs, fynt ‘het in de Kamer zitten in toenemende mate zalig’ en neamt syn kultuerspesialisaesje ‘het mooiste’ hwat er hat. Hy is bliid en greatsk dat er mei syn Studioamendemint oantoand hat ‘dat niemand die uit subsidie wordt gesalarieerd veilig is’. Voogd (PvdA) hat wol aerdige idéen. It amendemint-Van Dijk is neffens him ‘een cultuurwandaad’. Hy wol ‘onderzoeken hoe de consumenten het beste aan hun trekken komen, een groot veld geven voor vernieuwing en experimenten, de creativiteit bevorderen en een aantal uitgangspunten formuleren’. Van Leyenhorst (CHU) krige de kultuertaek alhiel ûnforwachts taskikt (‘Ik ben meer van de M-kant dan de cultuurkant’). Hy jowt foaral omtinken oan museumbilied, monumintesoarch en natuerbihâld, is ‘bang voor een politiserende werking’ en bisiket hast nea toaniel- of filmfoarstellingen. Van der Sanden (KVP), as lêste, hat de kunstsektor der op it lêste momint by krigen en ‘heeft zich nog weinig kunnen oriënteren’.
Gjin rike rispinge dus. En it biroerde is dat de situaesje op it nasionale flak tipearjend is foar dy op it provinsiale en gemeentlike nivo. Ek dêr dogge de bistjûrders kultuer der gewoan even by. Ek dêr in minimum oan fisy en ynspiraesje en in maksimum oan moaije, lege wurden.
Deputearre Van der Mark hat himsels alris ôfgean litten yn in foarich nûmer fan Trotwaer (1971-5/6). Je moatte, fynt er, ‘noait freegje of kultuer en kunst in funksje hawwe’. Né, je moatte allinnich mar potsjes fordiele en safolle mooglik minsken ta freon hâlde (tink ik dan).
Op it gemeentlik flak buorket it ek sa bêst. Der binne kulturele rieden by't soad, mar dy sitte faek tangele mei B & W's dy't neat fan kultuer hawwe moatte. Al sille se dat noait planút sizze. Se sjogge wol út. Hwant kultuer hat noch altiid in soad (tofolle) mei status to meitsjen. En dat hat fangefolgen dat der mear oan kultuerkonservearring dien wurdt as oan nije ûntwikkelingen en kultuerskepping. Nim nou de hear Weide, de ljouwerter Vonhoff, dy't bilêste is mei ekonomyske saken, wolwêzen, sport, rekréaesje, jongerein-, wyk- en buertwurk, toerisme en kultuer. Hy jowt de foarkar oan ekonomyske saken en hwat kultuer oangiet is er eins allinnich enthoesiast oer de fêste kommisje fan Advys en Bystên foar it Princessehof (‘een van de grootste keramische centra van de wereld’, waar ‘een stukje geschiedenis wordt gemaakt, dat internationaal weerklank zal vinden’). Oer de kulturele ried praet Weide yn in bledsidegreat interview (Leeuwarder-Weekblad 23/3/72) mei gjin wurd.
Gjin wûnder, hwant mei dizze ried leit er konstant oerdwers. Alwer: tipearjend foar de hâlding fan de measte bistjûrders tsjin kultuer oer. Spitich, mar it is net oars. En it sil op dit stik fan saken altiid wol bihelpen bliuwe, seker salang't kultuer ûnderhearrich is oan ekonomy.
D.E. MUS