De bundels binne:
Bonifasius en it ûnderbroekje fan God.
Ynferzen.
Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke.
In oerfloed oan ferzen en allinne al om it feit dat De Haan alle mooglike muoite dien hat dizze bundels útjown to krijen dit bisprek weardich.
Net dat De Haan net fan himsels tinke soe dat hy net ien fan de greatste poëten is dy't Fryslân ea fuortbrocht hat. Hwat siz ik, Fryslân? Miskien wol de wrâld. De Haan sjocht himsels as ien fan dy net-bigrepen dichters dy't syn tiid fier foarút is. Let marris op de earste side fan Bonifasius en it ûnderbroekje fan God.
attinsje: Dit manuskript is troch de 'trotwaerredaksje as to gek
ôfkard om opnommen to wurden:
de lêzers fan ‘trotwaer’ moatte dit útsoarte net keapje,
hwant jim binne net HARDSTIKKE GEK.
Nou is it fansels net folslein ûnmooglik dat De Haan ien fan dy syn-tiid-fier foarúte poëten is, mar it biroerde foar de man dy't anno 1972 it wurk fan De Haan skôgje moat is dat hy syn tiid net sa fier foarút is. Hy moat bisykje mei syn achtergroun hwat sinnichs to sizzen fan dit wurk. En dat falt net ta.
Hwat kin sein wurde fan stikjes proaza - of hyt soks poëzy? - lykas:
Lit ús even oannimme dat wetter gewoan hurd wetter is
breiden broekjes yn plestyk transformearre
der is wier neat gjin nijs ûnder de klean
gielswartbrune strepen en spatten fan 'e sinne
dat sizze alle histoaryske fossylen
(side 7 fan ‘Bonifasius en it ûnderbroekje fan God’)
Ik kin der mei de bêste wil fan 'e wrâld neat oars fan sizze as:
Foar my hoeft ditsoarte geskriuw net. mar miskien bin ik wol hwat tofolle oan de tiid, hweryn't ik libje, boun. Allegearre flauwe kul fansels; ditsoarte oprispingen kinne de namme poësy det drage en as De Haan fynt dat in boekje as Bonifasius en it ûnderbroekje fan God al in bundel poësy is sil syn bigryp poësy wol in alhiel oare ynhâld ha as dat fan my.
It soe foar De Haan in goed ding wêze as hy bitocht dat noch net fuortendaliks praet wurde kin fan literatuer fan nivo as hy in tal wurden yn minofto mear grammatikale oardering jowt lykas op side 25 fan 'Bonifasius ensfh.:
(- drink ook friesche vlag koffiemelk
de fles waar meer inzit -
mar it T.V.-fanke is sa plat as in dûbeltsje)
Hwat moat men oan mei ditsoarte stikjes tekst? Ik soe it warachtich net witte.
It iennige hwat ik opmerke kin oer dizze side fan Bonifasius ensfh. is dat De Haan kennelik, lykas guon byldzjende kunstners, bisiket in stikje ‘echte’ werklikheit (it sitaet fan de t.v.) to yntegrearjen yn syn ‘dichterlike’ werklikheit. Allinne,