ear op har boarsten harkjend nei it bounzjen. ik hie har hert stjitte wollen, mar hja sei dat it har sear die as ik sa fier gie. wie it har dat net wurdich west? soe it slimmer west ha as de pine dy't ik nou fielde? ik biseach har skonken en de boarsten dy't skodden by it rinnen. en ik fielde in heftige nijsgjirrigens nei har liif, hwat wie dêr fan oerbleaun? hwerom skuorde ik har de klean net fan 'e lea om it to sjen, om it mei eigen eagen to konstatearjen. hie ik it rjocht net? ik kaem oerein út de stoel. it is dyn tiid hast(?) ik roun by har lâns nei it rút en skoude de gerdinen hwat fansiden. it wie hjerstich bûten. de blommen wiene allang útbloeid. hja wiene brún wurden. de strúkjes stiene neaken yn 'e wyn, allinne it túch wist noch net fan ophâlden. ik eage de dyk del. in auto draeide fan de dyk it hiem op. ja, sei ik, it wurdt myn tiid. ik krige de oerjas en roun stadich nei de doar
in âld mantsje stie op 'e stoepe. is dit jim kat? oerriden. nyskrekt. né, de auto is trochriden fansels. it moast in grap wêze, in mislearre grap. in boartersguodkat hie er my brocht, it smycht. hy moast witten ha dat it ding op myn kat like.
hwer soe er it kocht ha, sa'n sinten útjaen om jin to narjen. reade inket dripte op 'e stiennen. it wie goed yninoar set. om soks to bitinken. mar ik sil wol meispylje. hwat let my. it is mar in kat, mar it sil je bern mar wêze, men kin suver net mear op 'e dyk forkeare, iksels.. dêr stie ik mei it bern yn 'e hân, mei in mantsje to lêbjen oer hoe'n gefaer dy auto's tsjintwurdich dochs wol net wiene. krekt as hie it neat om 'e hakken, naem de tiid syn deistich biloop mei jeuzelpraetsjes by de doar. ik walge fan 'e persoan dy't it fan 'e dyk opkrigen hie om in praetsje mei de baes meitsje to kinnen. dat ik der mei troch gie, dat ik der godsamme altyd mei troch gie. hokfor doel hie it it troch to setten nou't ik it bern hjir slap yn myn hân hold. hwat hie ik nou noch to sizzen. dat ik my wiis makke hie dat it net barre soe, dat it net barre koe, omt wy oars wiene. hwat in misrekken. hwat in leagen. ik hie it dochs witte kind, ik wist it dochs. wie it de hope dy't my yn 'e baen holden hie. hie ik wier leauwd dat it spul in oare loop nimme soe of dat it earst útspile wurde moast foar't ik har hert krige as priis.
ik hie it klopjen heart, foar dy hie hja forsprutsen. mar hokfor hope hie ik nou noch, in deade kat yn 'e hân. syn eigensinnigens hie syn dea west. ik hie as him wêze wollen, dwaen en litte hwat ik sels woe, fan nimmen ôfhinklik, in strykje sa nou en dan, mar dêr ek wol sûnder kinnend. hwa hie ik nou noch oer om mei to praten. iensum wie ik wurden, widner. och hearkes, de kat dea, hiestû sein en dû wiest dyn deistige gong gien. hoe lang hie ik noch foar it rút stien de dyk del to eagjen om my yn to tinken hoe't it bard wie. dû moast de kat bidobje. stadich wie ik nei it hok roun, tusken de krúsbeistrúkjes dolde ik in kûle
safier wie it dus. der wie gjin werom mooglik. ik smiet in lep modder op it wytkatoenen jurkje. der rûgelen blêdden op it bleke gesichtsje. in pop dy't sprekkend op in famke like. izergrize eagen stoarjend nei de loft. ik seach in krie fleanen, wolken hastich op in paed as waerden hja earne forwachte. in krobbe bisocht by de lep op to rinnen. ik skodde him dêrof en draeide it bist mei de hak