| |
| |
| |
Durk van der Ploeg
Asmes
Hoe'nent? Né, né, net grien. Ik wie leau'k in bytsje dea, mar goed fan ynhouten fansels, bin ik de ivichheit bylâns syld. Guon stykje de siken yn 'e kiel as se efter in masine steane en stjerre yn it harnas, mar myn ribbekas docht gjin lichten, it bûket en blaest wer dat it hwat ôfdocht. Hearst wol, heite? Hokker driuwfear hat dit lichem wer op gong brocht? In wûnder. Leau ik oan wûnders? De tosken, de mage, de ears, de lange spier fan it lichem dy't slokkend en knipend wer bigoun is oan de fortarring! As ik ôfskyt kin ik de simmels wol wynje nei it earste stikje roggenbrea. Hawar, ik libje noch. Alles is lang lyn, as ha ik jierren sliept, as bin ik op 'e nij berne. Harre, hwat ha'k in smaek yn 'e bek, ik koe wol in âld hynder opfretten ha. Nou ja, ik liz hjir ek mar yn it tsjuster. It flokket my noch hwat as snijt it, it is de dage, tink, of hwat fan it ivige, of fan beiden hwat. Sil dit ierdske net oergean yn it himelske? Ik mei der oan twivelje as ik oan Heil tink. Heil. Fordarry, Heil, dou lekkere skommel. Hwat is it al ivige lang lyn dat ik Heil sjoen ha. De langst har to sjen is my suver forgien. Dat seit hwat. Nou liz ik hjir myn ellende op to fretten. As ik aenst ris foarsichtich hwat naem, inkel om mar to priuwen. Ik moat it hjoed moai opbouwe, stadich en mei doel, lykas juster. Juster? Hwannear wie it ek wer juster? Ik moat in moai poepke hawn ha. Of net? Of is dat mar kletsika fan mysels. Godskes, ik wit fan neat mear. It moat jierren lyn wêze. Hwerom wurd ik nou wer wekker? It hie foar elk in
fortroude gedachte west dat ik der yn 'e sliep útknypt wie; in wûndermoaije dea, dat seit elk. De suterige lekkens plakke hjir fan 'e snotte. Ja, ja, ik moat bisykje om de fuotten by it bêd del. Toemar Asmes, de strampels bûten board. Dy't âld wurde wol moat pine útstean. De bliksem, as bin ik yn jierren net yn 'e bocht west, de spieren stean my as in snare. As ik hjir hwat sitten bliuw to mompeljen, it helpt my net. Der is net ien dy't harket nei myn gelul. Ik bin in noartske sliepkop, in mol mei wrotfingers, in woelsnút en oanberne blinens. Strak komt dy rotsuster om my de eagen to dippen. Of is dat al tweintich jier lyn dat se my de hurde koarsten fan de eagen weakke? Wie ik doe ek al syklik? Unfoarstelber dat it alwer sa lang lyn is dat se my der fan biskuldige dat ik myn eagen forwaerloazge. Gjin wûnder dat ik sa steksjoch bin. Wûnder dat ik noch net alhiel blyn wurden bin. Of bin ik wol blyn, is it net tsjuster om my hinne? Myn fingers stek ik nou al jierren taesterich nei alle hoeken fan de keamer, mar de keamer is sa wiid dat ik neat rikke kin. Of bin ik sa lyts wurden, forskronfele en opdroege yn de lange winter dy't ik sliept ha? De dagen moatte foarby gien wêze as libbensgreate skaden, sêft en wolkich oer de koepels fan de stêd. O, ik ha myn fantasijen dêr wol oer, en myn filosofy net to forjitten. Ik tink der in bulte oer nei, altyd tink ik as ik hjir sit, nou al jierren, tink. Gers. Ja nim nou bygelyks it gers, hwat ha ik dêr in bulte oer neitocht. Dat is hwat fan de natuer. Hoe lang sil it al lyn wêze dat ik hwat fan de natuer sjoen ha. Der binne hjir net iens fan dy stjonkende rotgraniums. Alles hwat ik fan de natuer genietsje doch ik yn myn foarstellingsformogen. Dêryn bistiet noch gers, beammen, bosken, sé, strân, alles. En ik kin der mei mysels oer prate, it biredenearje, omdat ik it noch sjoen
| |
| |
ha. Nou moast ik sa de bleate fuotten yn it gers sette kinne, dat ik it iepen fjild wer foar my lizzen seach. Hiele dagen krús ik mar hwat om troch it fjild dat de holle my der wurch fan is. En dan sit ik hjir mar to sitten. As hearde ik Heil nou mar oangean mei de jiskeamer, hearde ik har mar wer rachen en balten. Skande dat dat frommes dea is; sa'n lichem út it folle hout, lykas Abrams kroade. Hoe faek is it net bard dat se oer it houten balkon roun dat de planken der fan trochbûgden en dat ik dan gekjend nei boppen rôp: Heil ik bin sljocht op dy, en dat se doe ris in kear nei ûnderen raesde: Dou bist in geile bok op stokken. Dat stiek my, hwant ik ha it altyd goed mei hat miend. En it heislike gelaek dat doe fan boppen kaem, as wiene der wol hûndert froulju om my to húnjen. Ik moat nou dochs ien nimme, in healen dan om de bek troch to spielen, hwant de tonge is my as lear. It is in gelok dat ik in ûneindich geduld ha. Ik bin troch de jierren hinne traind en myn geduld is ien langrutsen hope; in flagge dy't in elke joun ynhelje en elke moarn wer útstek. By elk lûd dat ik op 'e trep hear spits ik de earen. Mar nea komt der my in sterveling binei. Der is miskien net ien op 'e hiele wrâld dy't my noch ken. Alle minsken dy't ik froeger kend ha binne al lang dea. As ik my net hwat mei drank op fuotten hâldde hie'k al twa djip lein. Alle susters sizze fan pake tsjin my, mar ik kin harren oerpake wol wêze, of noch âlder, in aertsfader. Mar ik ha dochs wol rjocht op ien, as ik de flesse mar binei komme koe. It is wol ivich spitich dat ik nou wekker wurden bin út de wintersliep. Nou bigjint de drôfenis fan de dagen op 'e nij; in einleas libben de hiele lange godgânske simmer lâns mei it felle moarnsljocht - en dan bin'k krekt in knyn, dêr kin 'k net oer -, middeis de sinneskêrms to flodderjen foar de ruten en de jounen sa
wémoedich mei dat neareagige ljocht, de weetfjilden nea út it ûnthâld, dy't myn geheugen kwelle mei wûndere langsten dy't nea wer yn forfolling gean sille.
Nou bigjint it wer dat ik nachts op bêd miich en de suster, o god, ik skamje my dea. Ik ha alris tsjin de suster sein, snij dat ding der mar ôf, hy kin allinne mar mear mei de kop op 'e sek lizzen. Mei myn hannen bitaest ik my it lichem. It is der noch. Moat ik my forbaze dat ik hjir wer sit? It is in godswûnder? Ik bin meager wurden. Ik kin mei de knoken wol op 'e ribbekas hammerje. Mar it bigjint wer to ratteljen en to slymjen yn myn boarst. It prottelt en buorrelt omraken. It liket wol in stoomtsjettel. Ik der mar tsjinoan hoasje. Nou hiel foarsichtich. Ik moat forstannich hannelje. Sa lang mooglik op 'e tonge hâlde oant it bigjint to prykjen. Ik ha koeken ûnder de earms fan swit en fet. It geheim fan in soun libben! Al dat natuerlike fet wurdt wol fan 'e rippert opnommen lykas by poppen as se krekt op 'e wrâld kommen binne. Ik sil my goed oanklaeije moatte as ik nei bûten gean. Dat ik noch libje is de foarsjennichheit, har tarte is as in fûgel de earmen spriede en de kjeld yn de earmsholten fleane litte. Fral âlde minsken moatte oppasse. Ik hâld de earmen stiif tsjin 'e ribbekas knypt. Mar hwat sit ik hjir staerblyn op 'e rânne fan it bêd? Nou ja, ik oefenje myn kreakjende skonken. De boel moat smard wurde, ik ha de hûd fol kjeld. Ik praet
| |
| |
tsjin mysels, lykas ik altyd doch. O hearken, ik kin net iens oars mear. Ik mompelje de hiele romte fol lûden, dat se tsjin elkoar botse en ik de fingers yn 'e earen triuwe moat om my sels forstean to kinnen. Ik gean nergens hinne, kom noait werom, ik bin oeral, de hiele romte bin ik. Hwat him forpleatst is myn geheugen, nei it forline, it minder forline, it nea barde. Hwant hwat ik my yn 'e kop helje it is bard, al hoe forskriklik it ek wie. En der binne in bulte forskriklike dingen bard. De hiele wrâld lit der ûnder. Lit ik ris bigjinne.
Hwermei? Hweroan?
Frjemd. De sinne ha'k net mist. Hwat âlder ik wurd, hwat better ik my yn it tsjuster thús fiel; as bin ik bang. Ja ik leau dat ik bang bin en dat ik my forskûlje wol. It is fijn yn it tsjuster to wuoljen. My kreunend in hiele lange winter fan 'e iene side op 'e oare to smiten, sûnder foarkar, al nei't ik my noflik flijde. As in igel sloech ik hieltyd wer in earm om mysels, oant ik my omklamme mei wol tûzen earmen, safolle as ik myn lichem leaf hie. Alhiel op in roungear protsje en my de bloedwegen ôfstoaren. Dan sliepte ik wer ûrenlang. Net allinne it sliepen, mar ek it mei oandacht wekker lizzen, hwerby ik soms net iens wist oft ik de eagen ticht hie, of blyn wie as dôf, mar sa sillich lei ik weidûkt yn de stank fan it hol, mei de ylkessens tsjin it kin oan, dat it libben like einleas fier fuort en ik waende my fuortsmolten yn it ivige, de himel it fordjer. De kwelgeasten, divels, it rapalje, ik dreamde der fan, lykas fan ingels, mar ik foun it net nedich mysels to biwizen dat ik bistie, troch bygelyks mei myn holle de ynstruksjes to jaen twa fingers om myn fleis to klammen en troch heftich gearlûken my it libben mei pine biwust to meitsjen. Dat ik dêr nou sa skematysk oer neitinke kin, as soe ik in robot wêze. Fan de hel koene de slimste dreamen oer my komme, dan moast ik swimme yn it swit en ik woe de wolken wol fan 'e loft happe fan toarst.
En pine, pine, as waerden de ljisken my stikken skuord, hieltyd op 'e nij, dat ik tocht net oan in frou, gjin forlangens mei it forbolgen spul oan in opskuord krús to bongeljen. Harre. Mar it is troch to kommen. Ik sit hjir wrachtich wer op 'e rânne fan it bêd, sûnder by god to witten hwer't ik dat oan fortsjinne ha.
Miskien, tink ik foar 't neiste, ha se my leard hoe't de hel der útsjocht. It is de tarieding foar it ivige. Noch ien sa'n winter en se drage my ûnder de palmen, as ik de susters leauwe mei. En dy fammen kin'k mei prate. It docht my noch blikstienderske sear as se my it krús waskje, mar dat kin ek komme om't de prostaet it witte wol, dan moatte se my noch marris fykje, ha'k sein, al wurdt it wol koart foar de ivichheit. It moat optlêst ek hwat út helje. Né, ik hie net wekker hoegd to wurden, ik lei hjir goed en gjin mins yn 'e wei. Ik roek de geuren fan it lichem - ik mei hjir mei rjocht yn de mearfâldsfoarm sprekke, hwant knibbels sil'k nou mar sizze rûke wer oars as it liif of in boppe-earm - dy't de lichemsdielen foar myn gefoel oan elkoar forboun. Ik snúfde djip, ik preau de rook fan it bêd dy't ik djip ynhelle en stadich wer útblies, net liker as smookte ik, dat der kaem in waerm broeijerige atmosfear ûnder de tekkens lykas yn in sauna, tink. Dêr yn dy tsjuster holte, dêr't ik mei myn broeijerige holle
| |
| |
sweevjen bleau, gyng ik dêr net op en del mei de krapte fan siken? Ik sûgde de lucht foarsichtich yn, mei doel en euvelmoed. Ik bin in tsjinstanner fan hastich, dêr kin gjin goed fan komme. Mar goed, stadich dan. Myn longen as dûnzige wolken parsten it lichem nei bûten, lykas in pod docht. It moat op 'e tekkens to sjen west ha dat der hwat libbe ûnder dy bult tekstyl. Mar nea liet ik myn forbylding safier gean dat ik tocht oan dingen dy't har mooglik boppe de tekkens ôfspilen. Sels oan it ljocht, oan de snie - hwat yn 'e winter dochs wol foar himsels sprekt - tocht ik net. Ik hie genôch oan it tsjuster, dat as in sêfte dea om my hinne wie en hweryn ik de sichtberens fan it tsjuster wist to ûnderskieden. As ik it tsjuster forgelykje moat, dan mar mei it ûngelokkige archyf yn de kelders ûnder it kantoar, dêr't gjin ljocht barne koe, mar dêr't ik alles mei gemak fine koe al wie dat nei in training fan jierren. De earste smakket noait it bêste, mar der moat in bigjin wêze, oars is der ek net in ein. Ik moat my der oerhinne sette. Ja, och hearink, dêr yn'e kelder by notaris, it ha de optyske wurkingen west fan it tsjuster, tink ik. Hoe kin in mol of in rôt oars libje yn it tsjuster en hazzen en hermelijnen se binne der fleurich en lokkich ûnder.
It tsjuster is net minder weardich, it is minderweardich makke omt ús kultuer stuollet op ljocht, útsicht, takomst. Net hwat yn it forburgen libbet, net de yntroverte fordjipping, mar de romte en it lawaei fan de stadions, de manifestaesjes en kampioenskippen meitsje de kultuer. Meitsje ik my dêr noch drok om? Hwerom? Né, né. Ik sit hjir goed. De suster hoecht net to kommen, ik rêd mysels wol. De wintersliep hie om my wol duorje kinnen. De flibe, it krôkjen en de snotte aktivearren my. Wie ik dêr net skoften mei dwaende. De stront dy't ta de earen en eagen útkaem, mei de snotte, it wie in sunich krouske, mar ik puzele it mei nocht op, en dat net by wize fan ôflieding, al namen de hanlingen soms liturgyske foarmen oan, mar as in soarte soasiale therapy. Wie ik der net oan ien tried wei mei dwaende? En - folle biheinder fansels - myn lichem dat ik bislikke, mei myn tosken ôfskaefde dat ik der hwat iten fan krige. Ha ik út 'e bistewrâld net leard hoe't elk libben wêzen him gâns in skoft yn it libben hâlde kin troch de natuerlike ôfbraek fan it lichem to iten?
Hjir sit ik mei myn kreakjende knibbels by it bêd del. Ik stek myn holle yn in lege keamer, as bin ik fan de wrâld en it aktive libben forfrjemde. De hiele winter wie ik as in siel yn it lichem, forburgen as in kastanje yn 'e hoalling. Ik fuorre mysels en bistie yn mysels as in folslein skepsel. Hoewol, heart ek de drôfenis net ta de folsleinens? De dagen dy't ik as in skaed yn it tsjuster forbleau ha ik myn swit fortrienne en myn holle en geheugen liken to fordampen yn wolken fan pine en eangst. En ik dy't ûren dwaende wie by in houten trep op to kommen mei luchtliddige triemmen, like wol dat ik as in fytser yn de loft stie. It wie gjin nachtmerje of dream, hwant ik koe helder ûnderskiede en ik litte oan myn inerlike forwouningen. Tominsten ik moast hieltyd gûle en bleau mei myn hannen segenjend yn 'e loft sweevjen. It hie neat mei myn wollen to krijen, dat like folslein bûten skeakele, dat ik stried warleas mei yn it foar my sinleaze spul
| |
| |
in trep to biklimmen, itjinge dagen duorre hat, alteast, ik tink dat it dagen duorre hat, en al hat it mar in dream west fan in momint bygelyks, hwat in forbylding! Oan de oare kant de dagen dat ik my folslein lokkich fielde. Dat ik dêr nou pas biwust oan tinke kin, om it mysels to fortellen as in nije erfaring. Genôch dêroer. It is foarby. Ik ha myn lichem wer útrôlle en bisykje to rinnen. Myn houtene stokken, ik swinkelje oer de flier, foarsichtich. Ik skek nei foaren en stjit myn oandacht tsjin it lattewurk fan it balkontsje dêr't wol tûzen drippen oan blinke. Nou steandeweis noch ien opnimme. Net in kop der op, gjin sketsjes op 'e romer. Of bidrage my de eagen. Moat ik nou wer foarút, de wrâld yn. Sil der dan nea in ein oan komme? Hoe lang ha ik nou al siken helle, fan it luchtrûm profitearre. Ik ha alle lucht fan it swurk ynhelle en wer útblaesd. Myn longen draech ik as kolossale wynaeijen op 'e rêch en noch bin ik luters. Fanwegen it lot? Bliuw ik dan altyd yn 'e ûnderwâl? Mei hokker kriich ik ek hymje, ik bliuw op a en sêdzje myn langst mei gedachten oer God, lykas Job. God, de pineleaze, nea rêstende forlosser, dy't him sûnt koart ek ynset hat foar de ûntwikkelingslannen, alteast via via, foarsafier it fan minsken ôfhinget. Froeger hie ik it piston dêr't ik de jounsstilte mei opfleure en ik myn longynhâld yn klank de loft yn stjitte. Nou profitearje ik dêrfan omdat ik fan it piston sterke longen krigen ha, wol sa great as in hazze en taeijer as fan in mier, net om fluggens of iver, hwant prestaesjes lykas sportlju leverje liede ta ôftakeling, ha'k heard, mar de tawijing, de frucht fan de geast, it gallige harsensop oanfiterje, dat liedt ta in lang libben. Liddigens en luijens is it bêd fan de kweade. Ja, ja. En dat my nou de knibbels sa trilje moatte. Ik bin net frij fan emoasjes,
tink. Kom ik net as in slak út it hûs? Sjoch nouris rjocht foar dy út. Bloed en stokken. Dat ik dat sjen moat. De wrâld is in oune; de gloed dy't oan de moarn foarôf giet set de ierde yn 'e brân. As ik nou it útsicht hie oer de sé, stel ik wie hjir yn in hotelkeamer, Cota, Costa, Porto, dan koe ik de sé brânnen sjen. Strak sil de sinne boppe de gebouwen út komme.
Ik ha it al sa faek sjoen, mar it hat my nea earder sa ymponearre, sa gefoelich makke dat my de strôt der fol fan skeat. Sa'n grouwe wrongel yn 'e kiel. Ik moat nochris deldrinke. Ik moat gûle, raze wol ik, as sjoch ik ynienen de jongste dei forskinen. Dit is de kleur fan bloed dêr't sels de stokkerige beammen yn toskroeije. Ik ha miskien noch in momint fan ynkear, dat ik my ré meitsje kin foar it ivige. De ierde brânt. Dalik sille de fundaminten ynstoarte en sil ik fan it fjûr lottere wurde. De swarte tûken knappe al. It fjûr swolt út de ierde wei omheech. Ik rin tobek as triuw in hân my yn it boarst, oan it bêd ta, dêr lit ik my falle en gûl, gûl wilens de fjûrgloede tsjin it plafond wjerkeatst, oplaeit en ik al it kreakjen en knappen hear fan it lattewurk oan it balkon. It stjonkt brantich. Stadich wurdt it ljocht witer. Ik moat der nei sjen, doar de eagen net ticht to dwaen, bang dat it oardiel my oerfalle sil en ik blynseach yn in punt fan tiid foaroarje. Kin ik der noch ôf of oan ta foegje? Mar ik wol it sjen. Sa ljocht as nou hat it noch nea west. It is it ljocht fan de gerjochtichheit dat it fjûr fan it fordjer oerwoun hat. Ik kin net mear ophâlde fan gûlen, as moat ik alle sûnden fan
| |
| |
de wrâld drage, as moat ik alle pine trochstean. Ik gûl fan blidens en fortriet.
Myn holle is toweakke, myn lichem forskronfeld en it wurdt kâld as wurdt it nou wer winter. Ik bin sa stiif dat ik noait wer fan it bêd ôf komme kin. It ljocht tsjin it plafond is net to biskriuwen sa moai; witer as de sinne op it snietek, mar ik kin der wol nei sjen. Myn skonken hingje as stokken by it bêd del, fielt wol.
Myn holle is opdroege, it fel kleeft my fan bidroege triennen, mar ik kin net mear gûle. Ik fiel my sparre, in gefoel dat fuortkomt út in troch de ieuwen hinne rounom forkundige genede, tink, sil't wol, miskien. Hwat flechtsje ik yn forûnderstellende terminology. Hwat bliuwt der sa oer fan myn gedachten? It fjûr is my as in útforkeazene foarby gien. Ik moat der noch ien op nimme, de tonge is my as lear en de bek liket my wol fan hout. Ik moat oerein, ik wol de dyk út. O God, de stoet fan de forhearliken wol ik sjen, mei kleden tink en tûken. Ik moat myn lichem leare to brekken, lykas ik myn libben lang mei de geast dien ha; nea hat de godstsjinst foar my pleite, altyd hat se tsjin my west dat ik my as in brutsene fuortbiwege soe, de eagen yn foarspoed ôfhinklik omheech en yn tsjinspoed démoedich nei de ierde, libjend yn de forwachting, dat ik myn sin net sette soe op de idele dingen. Nou't de ierde reinige is troch it fjûr en ik opstien bin út 'e deaden - ha ik dan dochs dea west? - mei ik net wurkeleas lizzen bliuwe. Ommers, allegear dy't har fan it grêf losmakke ha, sille útgean om elkoar yn hillige forbazing to moetsjen. Myn fingers steane forstive yn 'e tekkens. Ik skuor my der oan omheech. Ik bin sweverich yn 'e kop. Ik rop de kalinder fan it einsket fan it bêd. De ôftelsom nei de dea is ommers foltôge, gjin libben dat him dêr mear oan hechtsje kin. Ik bisjoch myn liif mei brune brutsene koarsten dy't ik der foarsichtich mei de neils ôfbrek; tear rose fleis sit der ûnder, read as in inkelplak, as bin ik juster pas berne. Myn hiele nawle is in woune as ik him skjin plúzje, as is de bidroege string der krekt ôfbrutsen en ha'k my just fan de mem losmakke. Wie de prenatale bigelieding net de earste bidriging fan bûten ôf? Herinnerje ik my noch de enoarme skaden fan har vulva, geure it fruchtwetter, stonk
de stront, it bistjurre bloed, de fellen en bellen, it neigeboarte en de slimen net as de hel? Hwerom safolle doetiid? Ik libje nou en myn hûd fornijt har ûnder de koarsten. Myn klean hingje oer de stoel, net liker as sit myn âlde stokkerige lichem dêr. De skuon stean klear om fuort to stappen. Ik moat der ôf. De sinne skynt. Of bin ik âld en blyn en dôf, né? ja? Ik fal werom yn âlde twivels. As ik it net tocht hie. De dûmny's se ûlefalkje mar hwat mei de Kristus, de iene net moaijer as de oare, mar dy't Him wier sjoen ha binne forskuord fan de twivels en kinne har wol gatten yn 'e hûd bite. De eangst fan myn siel - dat ik dêr nou wer oantink -, mar wer itselde forheven byld: de swarm fûgels, hoe sil ik it neijer omskriuwe, se sjitte op my del mei de pylkesnuten. Niis sparke it even, nou is alles wer tsjuster as is der in deade op it feest. Der stiet my hwat swier op it boarst, as hâldt immen de hân der op, in machtige swarte hân. As ik oerein gean wol sit ik ynienen op 'e stoel boppe op myn klean mei in tinkbyldich gat yn 'e rêch. Dat ha'k wol faker. It is de ûnwissens. Ek al stean ik mei de rêch
| |
| |
tsjin in tsjûke muorre, dan noch fiel ik my fan efteren bidrige. Dat giet sa de hiele dei, dat ik draei my hieltyd wer om, om it gefaer op my ôf kommen sjen to kinnen. Pas yn it jounsskoft as de flearmûzen troch de skimer bigjinne to dwarreljen wykt myn holle as yn in fordôving fan my en fiel ik my meters fan it lichem ôf, dwyl, koartsich dat der út it tsjuster wei ljocht opslacht. Myn lichem is swier en ik hâld my krampich beet oan de bekling om net fierder fuort to driuwen. It is de freze foar de ûnbikende natuer dy't ôfstjert en wer oanbrekt en wer fuortstjert yn har wurgens. De hiele godgânske dei sjoch ik de grize jas fan de rein foar it rút hingjen en it druppen en tikketakjen hear ik op it balkon en op 'e jiskeamer. It griene gers, dat wol ik sjen en de himel fealblau lykas by't maitiid. Hoe lang is it nou lyn? Ik bidoel, hoe âld bin ik? Der is noait ien dy't my dêr in antwurd op jowt en as der ien is dy't der rjocht op hat om it to witten, dan bin ik dat wol. Ik plúzje fierder, ik ha al in hiel plak skjin. Ik moat alhiel skjin wêze, earder kin ik my net fortoane. Al it âlde is foarby gien. Sjoch nou sa'n nawle ris, sêft rose fel dat ik de organen der trochhinne sjen kin.
Préokkupaesje? Né, bangens, tocht ik. Dizze folslein selsstannige ûndernimming fan werberte, ik moat der yn leauwe, oars bliuw ik de âlde sike man dy't om 'e ein siket. Dy't de wil hat om to libjen, dy't libbet. Dy't toevet en wachtet is de dea in útkomst. Is myn libben net ien lange striid? Berne nei de dea fan myn heit bigoun myn libben as in estafette.
Gjin meilijen mei mysels. Forbazing oer sokke foarderingen. Klaeid stean ik by de tafel en fei de fordroege breakrûmels op 'e flier. In hear. De spegel iepenbieret my in portret fan jierren lyn. Sa gyng ik destiids nei de setten en pretten. Mar ik ha my nea to bûten gien. De forhalen fan de slampampers, sletten, sloeri's, se binne my it iene ear yngien en it oare wer út. Ik wiuw yn de spegel farwol nei in jongfeint en knekkelje nei it treppensgat, sjoch del yn in tsjustere romte. Ik moat my mei beide hannen fêst hâlde oan de trepsleuning. Hoe faek bin ik dizze trep net ôfgien en ha ik my yn de sûndige en woelige wrâld bijown. Wifkje ik nou? Ik moat de stêd yn, in blokje om, nei it Park. O ja, myn hoed. Ik moat myn hoed opsette. Hy hinget noch oan de kapstôk. Foarsichtich lit ik my sakje, hieltyd myn knibbels brekkend as stokken. De minsken sille my net mear herkenne. Der is safolle foroare yn de godstsjinst, de polityk, de technyk, sûnt ik de lêste kears bûten west ha. Ja, ja, de wize fan rinnen. Nim bygelyks myn wize fan rinnen, dat dogge se nou grif sa net mear. De lju dy't my sjogge sille fan forbazing forjitte my to groetsjen, yn twivel brocht sille se nei elkoars geheugen ynformearje. Ik bin der noch net, ik stap nou yn it tsjuster, hwerby elke trêd in ûndernimming is fan bitrouwen. Lykas it leauwe, men stapt sûnder to sjen hweryn, mar altyd op 'e nij sykjend om hâld om earne oan to kommen. Né, nou net to hurd, moatst dy nou de poaten net brekke, heite. Oeral is de trep hurd en hoar. It bounzet as rin ik mei twa houten poaten, dy't ik yn har net to bistjûren posysje net fiele kin, mar wol to kear gean hear. Ik bin net oer myn théwetter.
Ik hie myn taks, mar ik bin om 'e donder net oer myn théwetter. As ik de lêste
| |
| |
trêd ha, tominsten ik tink dat it de lêste trêd is, stean ik yn folslein tsjuster en it helpt my net as ik forheftich flok, mei de poaten slach, bid, harkje, de skoattel yn myn geheugen werom fyn en der mei myn fingers oerhinne taest. Wiet en roastich izer dat ik stadich fansiden skou as sil der gjin ein oan de skoattel komme. Myn holle is to lyts om oan de ôfmjitting to foldwaen. Taest ik mei myn hannen oer de kalken muorre? It stjonkt hjir op âlde kranten. Lofts, rjochts, wjerskanten, bisiden, oer de doar mei it slot en de brievebus, alles taest ik ôf. Hoefolle brieven sille der yn de forbije ieuwen net kommen wêze. Fan Heil, Gâts, Zemos, ús gastarbeider, it wie allegear idel. Heil, Gâts, Zemos, Alle, Boppy en de oaren. Hwa? de deaden, opstienen, de forhearlike lichems, de Nammen, de Stoarnen, bloedleaze heilsikers dy't as geasten einleas omswalkjen bliuwe en stipe sykje by de âlde fortroude Asmes?
Bin ik noch in âlde fortroude? Sille se my net gripe as ik de doar nei bûten iepen doch, my troch de strjitten slepe, martelje en smartlik deadwaen? Sil ik dan de bloedige lust lêze yn har eagen, as se my kwelle, de kloaten skoppe, de ears wâdzje. Wol dat byld fan kankerwounen, kwaelbûden, kwabben, attergatten en njoggeneagen net dôvje yn myn ûnthâld? De kampen, de boalen. Rappelkopf, Trübes Welter, is dat alles hwat my der fan bybleaun is? Ik moat der net oan tinke. Wy binne wer yn de âlde fortroude sûnde fallen. Wy? Hwerom dizze earste persoan mearfâld? Hwerom gjin twadde of tredde persoan, dou, jimme, forflokten. Bin ik net roppen; in hillige ûntslein fan de sûnde? De sûnde. Tige histoarysk, foarhisyoarysk bipaeld, net bipaeld, theologysk fundearre, forabsolutearre, útlein, mar hjir yn myn posysje hwat tears as in oantinken oan froegere erotyk, neam it geilens. It wie net sûnder lok en genot, mar wy wisten ús treflik to ûntskuldigjen mei de swakkens fan it flesk; in huchelachtich wapen fan ûnmacht, dêr't wy ús op birôpen, lykas swakken, dy't har swakte lytsmoedich drage, mar net sûnder de greatskens forlost to wêzen. Wy? It is net myn forbylding, mar in tinktrant om it oer ús mienskiplike sûnden to hawwen, in theologyske sjarme, lykwols. Hoewol, ik kear werom nei myn útgongspunt.
De doar moat iepen wurde, oars sil ik my út dizze tsjusternis wer omheech hysje moatte as in deade út it grêf. Alwer it slot, de brievebus, de talleaze relaesje dêrtusken en de oandacht foar de strjitte dy't ik nou hast birikt ha mei it doel in luchtsje to skeppen. It is de ienfâld dy't it him docht. Alle wichtige en djipsinnige eftergrounen falle wei as de doar mei in swaei foar my iepenslacht en ljocht en lucht nei binnen komme. De strjitte is fleurich en fol drokte, dat ik der dronken fan yn 'e holle wurdt. De loft is lappich. Myn stappen binne ûnhandich, mar licht en sierlik. Nou pas herinnerje ik my foarige moarnskuijerkes. Gebouwen, doarren, etalaezjes, it komt my wer bikend foar. Mar myn geheugen is soms krekt in gatsjepanne, dat it liket wol in Prussyske ieu lyn dat ik bûten west ha. Sa maklik en kwykjes as ik hjir rin, as bin ik yn 'e himel, ik huppelje, spring, dounsje licht sweevjend, tsjinnatuerlik fansels neffens de wet fan de swiertekrêft, al kinne se dy wet forsêfte en forromme ha en rinne de minsken nou op ierde lykas ik se
| |
| |
foar de tv op 'e moanne dounsjen seach. Hearken, ik bin sa dronken as Maestricht, alles dounset my foar eagen. Ek as ik myn fuotten foarsichtich taestend en mei doel del set, gliidzje ik foarút as op in rôltrep. Ik lykje wol in wifkjende bline.
Ik hie myn stôk meinimme moatten. Strakaenst yn it park snijdt Asmes him in farske stôk fol sop út in beam. Sjoch, sjoch ris oan, stap stap. Sjoch ik Asmes dêr net rinnen. Hoe't er him nou as in selsstannich wêzen los makket? Hy is nidich, dat sjoch ik oan syn rinnen. Sa'n eigenwize skiter, dy Asmes, stiet er dêr yn it park mei de noas yn 'e loft as birûkt er hwat. Hy harket nei de fûgels, dy flychjes. De dei hat in soune glâns. Hy rint mei dribbelstapkes oer it gers. It is de âlde Asmes, fan jierren lyn. Syn forknûkere earen steane as steuntsjes ûnder de rânne fan 'e hoed, dy't er eefkes lichtet as de parkwachter him foarby komt. Hy rint mei de hûnger yn 'e hals nei hûs dêr't er him in stevich miel klearmakket.
En wilens er de hompen bôlle bismart en meubilearret sjongt er triljend en ûnwis: Hûnger makket soun, sykte bringt jin yn 'e groun, yn 'e groun wennet it kwea, brea dat slacht de hûnger dea. Steandeweis laedt er it yn 'e mûle oant er him amechtich yn in stoel falle lit en yn sliep falt. Asmes sliept mei de hoed op 'e holle dy't sinleas hinne en wer bongelt. Op 'e earmhouten fan 'e stoel rêste syn teare hannen dêr't skokjes trochhinne geane. As er syn wangen oplûkt, is it de dream dy't him bliid makket. Soms rochelt er as sil er smoare, hy sit to hikkebikjen. Hieltyd djipper sakket syn lichem wei yn 'e stoel, dat hy liket mar mear in heumelinkje. It wurdt tsjuster yn 'e smelle pipige keamer, mar Asmes genietet noch fan 'e sinne, de wrâld, leafliker noch, as moat er gûle, hâldt er de siken yn en lit it omskot dat him wol sa sleau en bihindich tsjin de bekling flijt; en de earmen noch mar moedich op 'e houten. Of ha ik dat net sjoen, sit ik noch op 'e rânne fan it bêd? Liz ik noch langút op it springfear? O God, ik bin fol fan foarnimmens, de hiele wrâld is fol fan foarnimmens. Dat ik mysels stjerren seach, dêr bin'k fan út 'e liken. Mar ik moat der noch sitte. Ik kin der net wei komme. As ik nou nochris ien naem it makket de fretter wer hwat liniger. Ik ha hûnger, leau'k, tink. Ik wit net iens oft ik wol hûnger ha. Alles is sa wiid om my hinne, as sweevje ik earne fier fuort as in astronaut. En dat ik my nearne mear oan beet hâlde kin. Se sille wol sizze, de âld neut is der fan troch, mar se witte net hwat ik trochmeitsje, hokker enoarme skaden ik sjoch en de tekken sa wolkich.
|
|