| |
| |
| |
Oene Spoelstra
Jierdeifeest
Man, Frou, Oare man, Oare frou
Joun. Rounom slingers en forsieringen. De man komt yn. Earnstich.
De frou komt yn mei pick-up. Sjocht earnstich.
Ja, goed. Hoefolle platen?
Frou ôf. Komt werom, leit platen op'e pick-up.
Hoe stiet it mei de drank?
Ha wy noch hwat forgetten?
Tinkt nei.
Ik leau it net.
Ynienen.
Ha wy ôfpraet hwa't earst ynkomt?
Dou soest it earst. Dat dogge wy dochs altiid?
Kinne wy net ris foroarje?
Sjochst der wer tsjinoan?
Dat net, mar ik tocht.....
Goed, dan bigjin ik.
Sjocht op syn horloazje.
It is noch mar krekt acht ûre. In jierdeifeest bigjint dochs meastal letter, net?
In feest bigjint hwannear't de gasten komme.
Hoe let hâlde wy der mei op, joun?
As de lêsten fuort binne. Net earder.
Dou hâldst dyn fatsoen, hearste!
Dou kinst my dochs? As de lêsten fuort binne.
Net earder.
Dou hast dy noch net forklaeid.
Dat kin noch bêst en trouwens dit is ek noch wol goed genôch.
Arnold!
Hy sjocht har oan.
Dou bidjêrst de boel net joun, tinkst der om! Oan't nou ta is it altiid goed gien en joun sil it ek wer in súkses wurde. Wy ha hjir op't lêst in jier nei útsjoen.
Is in jierdei net in hichtepunt foar dy?
Sommige jierdagen wol ja.
Dizze net dan?
Hy sjocht har oan.
Jawol. Wiswol. In feestje is net ûnaerdich út en troch.
Safolle ha wy oars ek net.
Dêrom. Wy ha fierder ek neat. It sil my binije.
| |
| |
Hwa't allegear komme. Hwa't noch oan ús tinke, woe'k sizze.
Mei dit soarte fan dagen falt it meastal net ôf.
It sil dy net tafalle. Ik wit hast gjinien.
As it aenst mar ien kear rint, silst it noch sjen.
Wy moatte der it bêste fan meitsje. It slagjen hinget helendal fan ússels ôf. Baernt it bûtenljocht?
Is dat nédich? It baernt oars ek net, jouns.
Hwerfoar ha wy dat ding dêr dan?
Ik soe it net witte. Selden dat hjir ien komt jouns.
De minsken moatte witte hwêr't wy wenje. Joun yn it bysûnder. Wolst it bûtenljocht oandwaen?
Bist der wis fan dat der in pit yn sit?
Docht dat der dan hwat ta? Dou witst dochs hwêr't it knopke sit?
Dat wit ik, mar dy pit dêr bin'k.....
Arnold!
Hy sjocht har oan.
Wolstou it bûtenljocht oandwaen foar my?
Ja. Goed.
Giet ôf. Komt werom.
Dy baernt. Miskien.
De man bliuwt stean. Der spilet him hwat troch de holle.
Dou meist it net fortelle! Ik wol it noch net witte!
Stil nou! Dou kinst ek noait hwat foar dy hâlde!
Ik woe..... ik woe it feest in dei útstelle.
Stilte.
Ik woe it mar in dei útstelle. Werris hwat oars. Altiid deselde dei bigjint ek to forfelen.
Dat is noch ôfwachtsjen. Se binne hjir noch net.
En al dy lekkere hapkes dy't ik klear makke ha?
Bliuwe dy farsk oan't moarn?
Hâld dysels net foar de gek.
Wy kinne it krekt sa goed moarn fiere. As oaremoarn. As nije wike.
Dat is net wier! Dou wolst mei de tradysje brekke, dat is't.
De hele saek yn'e dôfpot! Forjitte! Net mear oan tinke!
Wyn dy net sa op! Hwat meije ús gasten wol net tinke. Ik leau ik hear de earste al.
Giet ôf. De frou wachtet. Spand. It bliuwt stil. Der komt gjinien.
ropt.
Kinst it allinne ôf, Arnold?
It bliuwt stil. In klop. De frou kriget in skok, bigjint dan swiet to glimkjen.
Ja.
De man komt yn.
Goejoun. Jo binne de earste.
| |
| |
Beide minsken steane wifeljend. Dan rint de man ûnwis nei de frou, mei útstutsen hân. Beide sjogge earnstich.
Lokwinske..... mei dizze dei.
De tiid giet hurd. Der is samar in jier om.
Sa is't. En..... jim hâlde it mar stil hwat oan?
Nim my net kwea..... ik woe sizze..... de jierdei.
Ja..... it is altiid in prachtige dei foar ús. Wy drinke hwat en klinke hwat. Soms sjonge wy in liet.
Sa heart it ek to wêzen. Mei ik sitten gean?
Graech.
Frou jowt him in sigaer.
Tanke.
Stilte. Beide minsken sjogge elkoar forlegen oan.
Ja..... hoe giet dat mei dit soarte fan dagen..... ik bin altiid bliid dat se wer om binne.
De frou seit neat.
As hawwe jo dêr gjin lêst fan?
Och..... ik bin meastal nochal fleurich.
Glimket sûkerswiet.
Fral mei dit soarte fan dagen.
Mei sokke feestdagen woene jo sizze.
Ja krekt. Wolle jo hwat drinke?
Ik tocht dat er graech in gleske mocht.
Dêr ha jo gelyk oan. Fjouwer jier lyn.
Hy hat my sakrekt ynlitten.
Dat wie in oaren ien. Myn man is al fjouwer jier dea.
Fjouwer jier krekt. Op dei en datum.
Dus..... it is syn jierdeifeest?
Syn't net allinne. Wy ha de jierdagen yn ien dei.gearfette. Us jierdeikalinder is weirekke op in stuit. Ik wit net krekt mear hwannear't it bard is. Mar goed, dat docht der net ta. Hy is wei. Ik hie der de datums fan it bern, fan myn man en fan myn en syn âlden op oankrúst. Eltse dei as ik dêr siet - jo witte wol - koe 'k it mar sjen. En hoe giet dat: salang't men hwat swart op wyt hat, tinkt men der net oan en lear it út'e holle.
En doe op in dei wie de kalinder wei.
| |
| |
Jo ha noch neat yn't glês.
Dat moat in frjemde gewaerwurding wêze. Troch sa'n deade kalinder binne ynienen alle bannen mei it forline ôfsnien.
Dat moatte jo net sizze.
Nimt in foto, jowt him dy.
Sjoch.
Myn man. Sjogge jo it net?
Dy ha'k noait earder sjoen. Jo forsinne jo dochs net?
Frou nimt in oare foto.
Der mankeart altiid wol hwat oan.
Binne jo der wis fan dat hy it is?
Glimket.
Och, hwat docht it der eins ta. As jo it nou binne as hy, it komt allegear op itselde del.
Sa is it. Jo kinne him ynruilje foar elke oare.
Dochs is it aerdich om hwat to hawwen, al is it mar in foto.
In foto jowt gjin forplichtings. Jo kinne him elk momint oan'e kant dwaen.
As hwat oars der mei dwaen. Sjoch hjir ris.
Us heit. Fan bern ôf oan't syn lêste ûre ta. Us mem hinget boppe yn 'e kleankast.
En josels? Hoefolle ha jo al fan josels?
Bisûnder. Mar ik frege jo hwat.
Nou hawwe jo noch neat yn't glês. Jenever mar?
Cognac graech.
Frou jit yn, ek foar harsels.
Ik frege jo hwat, mefrou.
Hy stiet foar har.
Ik wol der leaver net oer prate.
Hawwe jo al in heale doas fol fan josels. Jo wurde ek âlder.
Jo moatte it goed foar eagen hâlde. It stelt sa syn easken.
Tsjinoer jou man, bygelyks.
Dêr hoege wy dochs net mear oer to praten?
Dat ha'k jo al sein. Sil'k nochris ynskinke?
Graech.
Dus dêr hoege wy net mear oer to praten.
| |
| |
Untwikend.
Dochs in gesellich feest, fine jo net?
Ja, ik ha wol slimmer meimakke.
It is krekt hoe't it útfalt. Dat kin men fan to foaren nea bisjen.
Der is in bulte dat men foar de tiid ôfprate kin.
Lang net alles. Bygelyks dat myn man stoar fjouwer jier lyn, dat hiene wy nea forsjoen.
Dochs wol. Myn frou is nou ek fjouwer jier dea, mar ik seach it.
Dy libbet noch as in hart.
Dan forsinne jo jo. Fjouwer jier nou al.
Dy libbet noch as in hart menear! Dy kin noch heel hwat jierren mei.
Dat soe se wol wolle! As ik mar dea wie!
Ik..... ik leau..... ik leau der is in nije gast.
De man set in plaet op, docht slingers om him hinne. Der wurdt kloppe. De man rêageart net. De frou komt yn. Se draecht in feestnoas.
Ik kom foar it jierdeifeest. Jou frou hie my hjir hinnestjûrd.
Kom fierder.
Muzyk ôf.
Ha jo in útnoegingskaert?
It spyt my. Ik leau net dat ik ien krige ha.
Ha jo dan kaerten forstjûrd?
Hwat tochten jo. Wy wolle hjir net in elk yn 'e hûs ha. Hwat dogge jo mei dy noas op? Kom ris tichterby?
De frou docht it. Unwis. Se hat har rjochterhân hwat nei foaren, as woe se lokwinskje.
Eh..... lokwinske. Lokwinske mei dizze dei.
De man stekt gjin hân út.
Ja, dat is in oar forhael. Mar it hat neat mei in jierdei to krijen.
Ik freegje my ôf: foar hwaens jierdei kamen jo eins?
De frou swijt.
En?
Tinkt lûdop.
Foar..... foar.....
Foar de jierdei fan jou bern.
Even yn 'e war. Knikt dan yn himsels.
Ja, dat soe kinne. Mar..... it rêst..... yn frede.
Koartlyn haw ik it noch sjoen!
Fjouwer jier is it al dea!
En dochs haw ik it koartlyn sjoen.
| |
| |
Dat wiene wy net ôfpraet! Fjouwer jier lyn ha wy it deamakke! Ut!
Twa dagen lyn ha'k der west. Togearre ha wy syn jierdei fierd.
It lyts idioatsje en ik.
Hy hat gjin namme mear. Nammen dogge der net ta.
Ik ha him dochs in namme jown, mei in A of sa.
Nûmer 15 as't der komst. Earst troch de greate doar, dan rjochtút, twadde gong rjochts. It nûmer stiet op syn bedtsje. Dou moast opsjitte as't him noch sjen wolste.
Hy makket it net lang mear.
Stilte. Beide minsken yn harsels. Dan bigjint de frou to laitsjen.
In aerdich feestje kin dat wurde, wy togearre. Fine jo net?
Jo binne der klear foar, mei al dy slingers.
Sille wy mar in ein meitsje oan dizze poppekast? It is ien stik flauwekul.
Kinne jo poppekastspylje? It liket my in hele kunst. Kom spylje ris hwat.
Hwerom hast it net tsjin my sein doe'tst gieste?
Ik tocht, ik weagje it derop. Ik ha wol gjin útnoegingskaert, mar faeks litte se my wol yn. En dêr bin'k dan.
Ik bin it mei jo iens, der binne net safolle minsken, mar is dat in biswier? Wy kinne it dochs togearre fiere?
Witte jo in spultsje om mei to bigjinnen?
Asjeblieft, lit ús ophâlde.
Dat spultsje kin ik net. Hoe binne de rigels?
As jo it net mear witte, sil ik it wol sizze.
Der wie ris in man.....
De man rint fuort.
Jo moatte net fuortrinne!
Ik gean op bêd. Ik ha der genôch fan.
Sêfter.
Kom hjir ris.
Hy bliuwt stean. Sjocht har oan.
Ik doch dy neat. Kom mar.
Hy komt tichteby.
Ik sil in kening fan dy meitsje. Mei in great ryk. Soune bern wiuwe nei dy en dou fielst dy in great man. Gean ris sitten.
Sy forsiert him.
Sa, nou bist de muoite wer wurdich.
Skoddet syn holle, glimket tryst.
De iene syn ryk is de oare syn lyk.
Hwat mei ik jo skinke kening, klown, edelman, bedelman, skutter, majoar?
Hwat jo my skinke mije? Dat witte jo sels it bêst.
Sy sjocht him oan.
Om mei to bigjinnen. Tanke.
Fierder noch fan jou tsjinst?
In rêstige joun en... noch in bulte lokkige dagen.
| |
| |
Binne jo dan net lokkich? Kening?
Set feestnoas ôf.
Dat sjogge jo dochs. Ek sûnder feestnoas.
Rint om. Yn harsels.
Ja, it wie in moaije dei.
Ik kin it hast net leauwe.
Syn namme bigoun ek mei in A. Dêrom faeks.
Jo forwachtsje dochs net dat ik der in drama fan meitsje?
Sa fan: Us jonkje dat hat in iepen búkje
Us jonkje dat hat in holtsje as fjûr
Us jonkje hat helendal gjin hantsjes
Us jonkje. Us jonkje.
Us jonkje hat amper eagen
Us jonkje.....
Hâld op! It is dyn eigen bloed!
It is syn jierdei hjoed. In bytsje fleurich-op graech.
Fjouwer jier lyn hast him deamakke. Dêrmei is alles sein.
It wie gjin echte moard! Wy soene der net wer oer prate.
Allegear krekt itselde. Hy is deaswijd. Hy hat hjir net wer yn 'e hûs west. In healjier nei't er berne wie stie dyn bislút fêst.
Ik freegje my noch altiid ôf hwêrom't wy sa'n bern krije moasten.
Tochste dat dat noait by my opkommen wie? Hwêrom?
Haw ik hwat úthelle of sa? Ha wy hwat dien dat net troch de bûgel koe? Né! Noait! Dat is't him krekt.
Helendal neat. Helendal neat ha wy oait dien. Hweroan ha wy dat dan fortsjinne, fordomme!
Hiest him sjen moatten. Ien greate holle! Ien greate wetterholle!
Ik hoopje dat it net lang mear duorret.
Dat meije wy net winskje.
Dat meije wy wol winskje! God is dochs goed net?
Hwerom lit er ús dat dan net sjen? Arnold? Heer des huizes, wistou it net?
Bisykje kalm to bliuwen. Wy ha 't ús al sa faek ôffrege. It hat noch nea hwat jown. Wolle jo faeks noch hwat yn 'e romer, mefrou?
Jo kinne krije hwat jo mar wolle.
Tanke, dat hie'k net forwachte.
Moatte wy noch trochgean mei't feest?
Hawwe jo der noch nocht oan?
Goed. Lit wy dan mar even trochgean.
De bel giet. Beide minsken skrikke.
Baernt it bûtenljocht?
Ik ha it knopke yndrukt. Ik wit net oft der wol in pit yn sit.
| |
| |
Gean dou. It kin gefaerlik wêze.
Man ôf. Bel giet op 'e nij.
Soe'k it wol dwaen? Hwat tinkt dy?
Ik lit it oan dy oer. Ik gean nei boppen.
De frou ôf. De man komt yn mei de oare man en de oare frou. De frou draecht in middelgreate koffer.
It is hjir oeral sa stil. It liket wol as ha jo in feest hawn. De slingers lizze noch oer de flier.
Is der ien jierdei fan 'e famylje?
Tanke. En..... hwat wie it boadskip?
Tanke.
De oare man en de oare frou sjogge elkoar oan.
Gjinien fan beiden doar to bigjinnen. De oare frou op 't lêst tsjin de oare man:
Toe mar.
Ja. Hwat ik sizze woe. Hoe sil'k bigjinnne?
Om koart to gean, wy binne fan it... it.....
It ynterviewburo ‘Telstar’.
As it kin, graech. En... it aerdige fan ús buro is: jo krije hwat foar jou ynformaesje werom!
Ja, heel hwat nijs. Mar... jo meije de bileanning net earder iepenmeitsje as hwannear't wy fuortbinne.
Der binne noch in pear bilangrike bitingsten.
Dy hiene wy dochs ôfskaft?
Né, né. Dat giet samar net. Inkelde fragen jowe de trochslach. In goed antwurd op dy fragen en jo krije it kado.
Lit dat nou mar. Hast gjinien kin oan 'e easken foldwaen.
Se lykje ek nearne nei.
| |
| |
Lit dy fraech mar sjitte.
Brûke jo gjin fêste formulieren?
Wy stelle saneamde ‘iepen’ fragen. Dêrta is net direkt papier nédich.
Soa. Ik tocht oars fan al.
Is it net mooglik dat jou frou ûnder komt?
Achtsje jo dat needsaeklik?
Ja. Se is tige wichtich foar ús ûndersyk.
Ik sil ris sjen.
Of. De oare frou makket hurd de koffer iepen en man en frou bûge har oer de ynhâld.
Dou moatst net sa'n gedonder ha mei dy fragen!
En hwannear't dizze minsken nou ek net gaedlik binne?
Ik hoopje it. Dêr komt ien oan.
De koffer ticht. De man en de frou komme yn.
Hjir is myn frou.
Elkoar de hân jaen.
Goejoun. Wy hiene jim net forwachte foar it feest.
Earste fraech: hoefolle bern?
Hoe wie de fraech ek wer?
Hat myn man jo tastimming jown?
Goed. Wolle jim net hwat drinke?
Tige aerdich fan jo, mar wy ha net folle tiid. Mei ik jou dan de earste fraech stelle?
Gjinien.
Oare frou skrikt.
Dat is to sizzen, myn frou.....
Né. Arnold, jow dy minsken hwat to drinken.
Hy docht it.
It is tige freonlik oanbean, mar wy ha.....
Sjocht nei de o, frou.
Eins net.
Jo hâlde dochs in enquete?
Ja ja, dat is to sizzen.....
Hwa't de fragen goed biantwurdet, krijt it kado.
Jo meije it net earder iepenmeitsje as hwannear't wy fuortbinne.
Jo sykje dochs nei objektive gegevens?
Alles draeit om 'e beleanning tsjintwurdich. It forrassingselemint,
| |
| |
Ha jo my noch hwat to freegjen?
In fraech oer jou ynkommen. Hoefolle fortsjinje jo yn't jier?
Wy kinne der rûm fan komme. Forline simmer ha wy noch nei Spanje ta west.
Koe in fierdere reis net lije?
Ja, dou bist tige sparsum.
De trije wichtichste fragen binne biantwurde. Jimme komme yn oanmerking foar it kado.
Ik soe noch in pear B-fragen stelle wolle. Ik bin der net helendal wis fan.
Ik ha gjin biswier. Dou Arnold?
Jo kinne rêstich jou fragen stelle.
Tige tank, mar it is net nédich. Wy witte genôch.
Ik moat sizze, ik fyn it aerdich wurk.
Tsjin oare man.
Sjoch nochris, oft der genôch lucht yn 'e koffer komt.
Freegje nochris hwat. Hoege jo neat to witten oer ús yntimer libben?
Hwat ha jo yn dy koffer? Papieren?
Dêr sit it kado yn dat jim krije.
Jim binne it earste pear yn ús lange rige fan ynterviews dat der rjocht op hat.
Dat is krekt de forrassing.
Sommige wol, sommige net.
Ik wurd nijsgjirrich. Donker as ljocht fan kleur?
Ljocht.
Tsjin oare frou.
Ljocht net?
Stilte. De oare frou sjocht pynlik. Der broeit hwat.
Wy ha der dochs rjocht op? Seine jo net dat wy de fragen goed biantwurde hiene?
Dit giet tsjin 'e wittenskip yn! Jo hâlde jo net oan 'e kriteria foar
| |
| |
ûndersyk. Eksaktheit is hjir alles! Al soene wy it net iens ha wolle, wy moatte it nou nimme!
Wittenskip is wittenskip! Wy meije it net weagerje mei de antwurden dy't wy jown hawwe!
En dochs stean ik it net ôf!
Dan is it de muoite wol wurdich. In ticket foar in trip miskien?
Dit komt jo jild to kostjen. Alles sil oerdien wurde moatte!
Dizze minsken ha der rjocht op! Wy sette de koffer op in geheim plakje del en as jim de doar yn it slot fallen heare, mije jim sykje. Net earder.
Ik nim it wer mei! Jim krije it net!
Jim wurkje foar in buro is't net sa? Hwat is't nûmer, dan sil'k skilje.
Wy wurkje foar ússels. Wy jowe alles út hwat wy ha.
De man en de frou sjogge frjemd op, sjogge elkoar oan. Stilte.
Hwat mankeart jim eins? Hâlde jim jimsels foar de gek?
Stilte.
Sille wy mar?
Sy wol fuortrinne.
Jim wurde bitanke foar de meiwurking. Goejoun.
Se wolle fuortrinne. De frou giet foar har stean.
Oplichters binne jim! Earst ûnfatsoenlike frage stelle en dan sels mei de bileanning fuortrinne!
Lit mar. Wy rêdde dit sels wol op. Ik wol witte hwat der yn dy koffer sit! Der hat gjinien op ús jierdeifeest west, wy ha rjocht op ús kadootsje!
De oare man en frou steane machteleas.
Jimme witte hoe't ik der ûnder stean: iepen dat ding oars bliuwe jim hjir mar!
Lit my der troch, asjebleaf!
Wy krije dat ding iepen, al sil't mei gewelt!
De man sjocht de frou oan. Sy jowt him in teken mei de eagen. Hy komt stadich tichteby. De oare man rint fuort, de frou mei de koffer wurdt ynklemd. Ynienen trapet de man tsjin 'e hân fan 'e oare frou. Sy lit de koffer falle en de frou pakt hurd de koffer.
Tsjin de oare man.
Help my dan as't hwat om him jowste!
Ik wit it eins net.....ik wol him wol hâlde..... ik wol him wol kwyt.....ik.....
Ik meitsje him noch net iepen. Jim moatte earst de doar út wêze. It forrassingselemint moat der ynbliuwe.
Meitsje him net iepen, asjebleaf!
Lit my even sjen! Ik ha him falle litten.
Ik ha jo troch. My de koffer ôfhandich meitsje?
| |
| |
Hy stikt as jo him net iepen meitsje!
Ungedierte ha wy hjir genôch. Dat kinne jo wol by jo hâlde.
Wol har de koffer út 'e hannen lûke.
Hy stikt mefrou! Hy stikt!
Bliuw fan dat ding ôf! Moat ik myn man der by roppe?
Tsjin oare man.
Help my dan! Wolst him dan sa graech dea ha?
Rint swaeijend mei de koffer troch de keamer.
Goed. Jim binne op't lêst de ienichsten dy't oan 'e jierdei tocht ha. Ik meitsje him iepen.
Lit my it dwaen! It is gjin gesicht!
Jo bliuwe stean dêr't jo steane. En jo ek.
Tsjin 'e oare man.
Arnold, kom hjir.
Hy rint nei har ta.
Nou lizze wy him hjir del en dan sille wy it biwûnderje. Draei jim om.
De oaren dogge it. Tsjin Arnold.
Meitsje dou de koffer iepen.
Dou meist it ek wol dwaen as't wolste. Faeks is it gefaerlik.
Goed. Fan je een en twee en.....
De koffer giet iepen.
O God.
De frou seit neat, se sjocht mei greate eagen.
Ut 'e selde ynrjochting as dy fan ús. Ek in read bantsje om 'e hals.
Tsjin 'e oaren.
Jim mije wol sjen, mar doch it mar net.
Bliuw stean, dan sil'k it jim biskriuwe.
Blau en mei de eachjes iepen.
Hy hat se oars altiid ticht!
Hy hat se nou iepen. Sil'k de koffer nou mar ticht dwaen?
Hinget tsjin har man oan. Se gûlt in bytsje.
Doarstou him to sjen?
It is myn skuld. Ik haw it trochdreaun.
Kreazer as úzes. It is tominsten noch in mongoaltsje.
Yn 'e selde ynrjochting as hwer't dizze weikomt. Nûmer 15.
Hy is hjoed fjouwer jier wurden.
Dy fan ús is noch mar in goed jier.
Dat is er wurden. Hy rêst nou yn frede.
Hiene wy him dêr mar noait weihelle!
Hy hie dêr dochs gjin libben?
Wy ha der ek gauris oer tocht en helje ús bern dêr wei. Oan't nou ta is't der altiid by bleaun. Wy dogge krekt as is er dea.
It is syn jierdei hjoed. De slingers hingje noch.
Lit ús der ien op drinke. Hy hat gjin jier mear to libjen, sizze de dokters. Sil'k de koffer mar ticht dwaen?
Man en frou knikke.
| |
| |
Alle fjouwer in reade Martini?
Dy fan ús hie oer twa moanne jierdei west.
Hokker dei ek wer?
It stiet wol op 'e jierdeikalinder. Ik wit it net krekt út 'e holle.
Op syn kommende jierdei dan. Proast.
De oare frou docht net mei.
Komme jim dan by ús om it to fieren?
Graech, as't kin. Wy ha oars ek net folle.
Dan nimme wy in kadootsje mei.
Arnold, hy hat dêr gjin libben!
Libben as gjin libben, hy bliuwt dêr!
Meije wy dan jim slingers liene?
Dan krije jim ús koffer foar de gelegenheit.
Hy is dêr en hy bliuwt dêr!
Sille wy dy fan ùs werombringe?
Hwêrom net? Se binne dochs allegear gelyk?
Wrang.
Se wolle dêr allinne de kreasten ha! Dy fan jim is net kreas genôch.
Dat sil ik jo sjen litte!
Lit mar. It wie mar in grapke.
Tsjin 'e oare frou.
En jo?
Tankewol, ik moat nei hûs.
Nou al? It feest bigjint krekt.
Hy moat op bêd. It is syn heechste tiid.
Ien joun hwat letter is ek net sa slim foar in kear.
Wy moatte ús oan 'e regel hâlde.
Lit mar. Dus jimme wolle fuort?
As jim it net forfelend fine, sa midden ûnder it feest?
De bern stelle de wetten tsjintwurdich, is't net sa?
It wurdt syn heechste tiid.
Jowt in hân.
Noch tige tank.
Oan't sjen.
Hy bringt de oaren fuort.
Doch it bûtenljocht op!
Nei in skoftsje komt de man werom. Stilte. Man en frou sjogge elkoar oan.
Jo kamen foar it feest, menear?
Wachtet.
Ik kaem foar jo, mefrou.
Foar my? Ha jo in útnoegingskaert?
Sjocht har oan.
Net dat ik wit. It spyt my. Ja, dat spyt my dan wol. Dan gean'k mar, tink. Goejoun.
Rint fuort. Draeit him nochris om.
Goejoun.
Goejoun.
De man rint fuort. De frou wachtet. It duorret lang.
| |
| |
Se wurdt ûnrêstich. Ropt.
Arnold!
Wachtet.
Arnold! Kom werom! It feest is noch net dien!
|
|