Hwant hwat is it gefal? It bistjûr twifelt oan it rjocht fan bistean fan dizze filmklup. Hwerom? Omt ‘het bioscoopbedrijf in Leeuwarden een permanente mogelijkheid heeft geschapen om bijzondere films voor een klein publiek te vertonen’ (Studio F). Gelokkich is it bistjûr nei de nedige ‘bezinning’ ta de konklúzje kaem dat ‘het bestaansrecht van de Filmliga (voorlopig) blijft’. Mei as motivaesje: ‘Wij vertonen 16 mm-films, Studio F kan dit (nog) niet. Daardoor kunnen wij tal van oudere films brengen die in de bioscoop al zijn uitgerouleerd.’
Wol hwat meager en fansels ek net alhiel akseptabel, sa'n redenaesje. Hwant in liga kin wrachtich wol mear dwaen as ‘oudere films brengen’. Ik tocht dat filmliga's foaral in komplementaire funksje hiene. Se moatte de leafhawwers - de saneamde cinefilen dus - yn de gelegenheit stelle films to sjen dy't earne oars (yn bioskopen of op t.v.) net oan bar komme. Dat kin sawol âld as gloednij wurk wêze. Of, moaijer sein: rolprinten dy't itsij in wêzenlike bydrage levere hawwe ta de ûntwikkeling fan de cinematografy, itsij hearre ta de hjoeddeiske film(ers) avantgarde. Gjin minske sil biweare wolle dat de bioskopen - hoe lyts of hoe nij ek - oer't generael yn dizze bihoefte foarsjogge. Dat kin ek hast net oars. It binne en bliuwe op't lêst kommersiele ynstellingen. Dat jildt ek foar Studio F. En dêr is neat gjin forkeards oan, salang't der mar filmliga's, cineklups ensf. binne dy't de gatten opfolje. Dat moatte dan wol ‘libbene’ klups wêze, dy't oertsjûge binne fan har eigen rjocht fan bistean. Klups mei bistjûren dy't by steat binne attraktive (originele, eksperimentele en neam mar op) programma's yn elkoar to setten (lyk as dat fan de tige aktive Liga 68 yn Grins bygl., dat âlde en nije, bikende en foaral ûnbikende, mar altiid ynteressante films draeije lit, yn in stêd mei mear filmhuzen as Ljouwert).
Romte genôch dus foar filmliga's. Ek yn Ljouwert. En net allinnich ‘voorlopig’. Mar dan moat der wol mei oertsjûging bistjûrd en programearre wurde. Dat sprekt.
D.E. MUS