Tichelwurk
Fryslan boppe (de 65).
Sa't út de radioútstjûring fan de NCRV op 24 april wer bliken dien hat, wurdt it gesicht fan Fryslân (en hwat noch folle biroerder is: dat fan de Fryske kultuer) yn it foarste plak bipaeld troch in pear foaroarlochske fenomenen. Nou hat it each fan de Friezen sûnt it ûntstean fan de Fryske Biweging altyd op it forline rjuchte west, dat is bikend. Fryslân is it lân fan de omkes en âldomkes: Gysbert-om, Waling-om, Paulus-om ensfh., striidbere helden allegearre, dy't yn der ivichheit net forgetten wurde meije. En hwa't in Fryske kursus folget, krijt to hearren: harkje mar nei Pake en Beppe en siz it har nei, hwant dat is âld en dat is Frysk en dat is goed en dat is moai en dat is suver - boppe de 65.
Sadwaende moat ek yn elk radioprogramke de namme fan Gysbert-om neamd wurde en davert D.A.T (is D.A.T.) fier yn it roun. En net it lûd fan Reinder van der Leest of Berber van der Geest, fan Meindert of Jan Bylsma wurdt op'e bân ôfdraeid, né Fedde Schurer, allang ûnder it griene tek, wurdt opwoun en ôfdraeid. Roel Slofstra mocht ek meidwaen (jowt sa'n aerdich cachet, n' twier?) mar soks moat perfoarst net yn'e krante oankundige wurde. Hwat song Roel Slofstra al wer? Jawis: teksten (nê, poémen, hymnen) fan Gysbert Japicx en Fedde Schurer. Oare lieten waerden wol draeid, mar wiene to ûnbitsjuttend om dêr de nammen fan tekstdichter en komponist by to neamen: in bitsjuttingsfol forswijen.
It is spitich dat ek in kundich man as Freark Dam, dy't him graech ta de jongeren rekkenet, oan dizze tendins net ûntkomt en him by oaren net skynt to ûnderkennen. Of soe it wier wêze dat Fryslân allinne mar mear histoarje is, brûkber foar it museum en oars net? - Dan mar op nei it folgjende poézy-festival (allegear op'e 65+ - kaert).
Sybe Krol