Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 174]
| |||||
A. van Hijum
| |||||
[pagina 175]
| |||||
in roman al of net goed neamd wurde kin. Dan soe it nammentlik mooglik wêze in systeem to kréearjen hwerbinnen't oan útspraken oer literair wurk wierheitswearde takend wurde moatte soe, lykas oan útspraken op it mêd fan de wiskunde wierheitswearde takend wurdt. Men kin de útspraken en redenearringen dy't oan dy útspraken foarôfgeane ûnderfordele yn twa soarten:
Sa't al sein is, útspraken, dy't dien wurde binnen in sletten tinksysteem binne, as to wurk gien wurdt neffens de regels dy't yn dat tinksysteem jilde, altyd wier. It sletten tinksysteem hat dan ek it foardiel, as men dat in foardiel neame kin, dat men presiis wit hwer't men oan ta is. Oars leit dat by in iepen tinksysteem. Dêr moat, foar elk gefal op 'e nij, fêststeld wurde oft it wol of net wier is. It sil dúdlik wêze dat, as it giet om it gebiet fan de ethyk en fan de esthetyk, wy prate oer iepen tinksystemen. It sil ek dúdlik wêze dat krekt gebieten as ethyk en esthetyk foar de ûndersiker sa nijsgjirrich binne, om't hjir nea foarôf al fêststiet hoe't it antwurd útfalle sil. Yn it nou folgjende part fan myn skôging sil ik my biheine ta it mêd fan de esthetyk, omt dat gebiet fansels by de evaluaesje fan in kunstwurk it meast relefant is. Der is oer esthetyk, in gebiet dat thús heart binnen de iepen tinksystemen, sawol yn it forline as ek de lêste tiid, nochal hwat skreaun. En dat fansels net yn it lêste plak, omt it weardeoardiel, dat op in momint útsprutsen wurdt, altyd diskutabel bliuwt. Hjirmei doel ik derop dat it weardeoardiel fan de ien net hoecht gear to fallen mei it weardeoardiel fan de oar, wylst noch de ien, noch de oar sizze kin dat it weardeoardiel op net-korrekte grounen útsprutsen is. Wittgenstein, immen dy't him ûnder mear dwaende hâlden hat mei de relaesje tael-werklikheit, sei oer de ethyk en de esthetyk: ‘Ethik und Aesthetik sind Eins. Der erste Gedanke bei der Aufstellung eines ethisches Gesetzes von der Form: du sollst... ist: Und was dann wenn ich es nicht tue? Es ist aber klar, das die Ethik nichts mit Strafe und Lohn im gewöhnlichen Sinne zu tun hat. Also muss diese Frage nach den Folgen einer | |||||
[pagina 176]
| |||||
Handlung belanglos sein. - Zum Mindesten dürfen diese Folgen nicht Ereignisse sein. Denn etwas muss doch an jener Fragestellung richtig sein. Es muss zwar eine Art von ethischen Lohn und ethischer Strafe geben, aber diese müssen in der Handlung selbst liegen.’Ga naar eind1. Hwat Wittgenstein hjir seit oer de ethyk jildt mutatis mutandis ek foar de esthetyk: it gebiet fan de esthetyk leveret krekt safolle problemen op, omt eins net sein wurde kin dat immen foar- of neidiel hat, alteast net yn de gebrûklike sin fan dat wurd, fan it oardiel dat útsprutsen wurdt. Dizze, frij lange ynlieding op myn artikel oer de evaluaesje fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ is, mien ik, needsaeklik omt ik oantoane wol dat men eins, as men de struktuer fan in roman ûndersiket, yn twa tinksystemen dwaende is. As it giet om it ûndersyk nei de formele struktuer fan in literair kunstwurk is men, sa soe steld wurde kinne, dwaende binnen in sletten tinksysteem. Men kin kriteria opstelle en op groun dêrfan sizze oft in roman al of net skreaun is neffens de opstelde kriteria, en dan ek konklúdearje dat men al of net mei in goede roman to dwaen hat. Mar dêrmei hat men de roman as gehiel noch gjin rjocht dien. Tagelyk mei de struktuer fan in roman bigjinne ek de ynhâldlike aspekten in rol to spyljen. En dan wurdt it libben nuodlik, hwant dan komt, folle mear as by de analyse fan de formele struktuer, de persoan fan de ûndersiker op it aljemint. En dêrmei wurdt in subjektyf elemint yn de analyse yntrodusearre. Shumaker sei, mei it each op dizze problematyk: ‘Whereas nonevaluative statements can be verified, within some degree of probability, by reference to the object and perhaps also its milieu, judgements of value must be tested by reference to an evaluative assumption, wholly independent of the object.’Ga naar eind2. It sil dúdlik wêze dat Shumaker hjir de persoan fan de ûndersiker oan 'e oarder stelt. De persoan fan de ûndersiker, dy't syn kar makket út de greate forskiedenheit fan struktuerelementen. En dêrmei syn analyse basearret op de struktueraspekten dy't neffens him relefant binne. Ik ha bisocht oan to jaen dat de ûndersiker, by syn kar fan de neffens him relefante struktueraspekten, foldwaen moat oan de eask dat syn kar motivearre is. En binnen de kar dy't hy dien hat is it him dan mooglik, hwat de formele struktuer oanbilanget, ta in sletten systeem to kommen. Oars leit dat by de, fan de formele struktuer net to skieden, ynhâldlike struktuer. Dêr bigjint de ûndersiker, as elke lêzer, to ynterpretearjen. En dêr falt ek net oan to ûntkommen. Teesing sei it sa:: Ohne Interpretation kommt man nicht zur Wertung, ohne Wertung kommt man nicht zu einer Interpretation. Sie lassen sich zwar unterschieden, aber nie völlig voneinander trennen.’Ga naar eind3. As de ûndersiker de klam leit op bipaelde aspekten fan it literaire kunstwurk dan sil dat ûnmijber bitsjutte dat hy oare aspekten weilit. En syn iennige kriterium om in aspekt wei to litten of der krekt wol oandacht oan to jaen kin allinne mar wêze it feit dat hy it aspekt yn kwesty wol of net fan gewicht fynt. Dêrneist spilet fansels mei dat elk boun is oan syn eigen kennis en persoanlikheitsstruktuer. Sil de iene ûndersiker op elk momint dat hy der ek mar even de kâns ta sjocht, de klam lizze op de aspekten dy't werom to bringen binne op maetskiplike forhâldingen en maetskippijstruktueren, de oare ûndersiker sil, salang as hy der mar even om hinne kin, sokke aspekten as net relefant weilitte. De ûndersiker kin, yn it boppesteande part fan dit artikel is bisocht dat oan to jaen, net om de ynhâld fan it to analisearjen literaire kunstwurk hinne. Sötemann sei yn syn stúdzje fan de struktuer fan Max Havelaar oer dit faset fan de evaluaesje: ‘Wat ik nu in mijn studie heb trachten aan te tonen, is dat een analyse (...) van | |||||
[pagina 177]
| |||||
het complex van structuuraspecten, (...) niet mogelijk is zonder de waarden waarop zij berusten aan de orde te stellen: de spanningen van intellectuele of cognitieve, van emotionele en morele, en van kwalitatieve of esthetische aard.’Ga naar eind4.. Yn myn ûndersyk nei de struktuer fan de roman: ‘In kwesty fan hûd’ bin ik ek net foarbygien oan fragen fan it soarte dat neamd is yn boppesteand sitaet. It sprekt hast wol fansels dat it antwurd op ditsoarte fragen folslein basearre is op ynduksje: d.w.s. de ûndersiker / lêzer komt mei in antwurd dat basearre is op in tal spesifike foarbylden út it to analisearjen wurk. It antwurd dat jown wurdt moat jilde foar it wurk yn syn totaliteit. Yn dit gefal is de ûndersiker/lêzer dwaende yn in iepen tinksysteem. It wurk, dat ûndersocht wurdt, sil útslútsel jaen moatte oer de fraech ynhoefier't de ynhâldlike aspekten fan de roman stik foar stik needsaeklik binne foar it skeppen fan in stikje romanwerklikheit en ynhoefier't de ynhâldlike aspekten en de net-ynhâldlike aspekten fan it wurk op al of net goede wize mei-elkoar forboun binne ta in hegere ienheit. Yn it foargeande part fan dit artikel is bisocht oan to jaen dat it mooglik is fan in literair wurk mear to sizzen as: ‘Ik fyn it moai of ik fyn it net moai, it sprekt my oan of it sprekt my net oan.’ Nimmen kin fansels immen it rjocht ûntsizze op dy manear syn oardiel oer romans, fersen ensfh. to úterjen; mar sa'n oardiel hat as great neidiel dat it in oardiel fan en foar it yndividu bliuwt dat dat oardiel útsprekt. It is net oan oaren oer to dragen om't it tofolle op intuitive grounen basearre is, om't it to ymplisyt bliuwt. It weardearjen fan in kunstwurk, inkeld op yntuitive grounen, hat foar de romankunst en binammen foar de ûntjowing fan dy romankunst, neist oare skealike kanten - tink mar oan hwat boppe sein is: de ûnmooglikheit oan oare minsken oer to dragen hwat eksakt de reden is foar krekt dit oardiel - noch in tige negatyf gefolch. As men oannimme mei dat romanskriuwen en skriuwen yn syn algemienheit foar in great part oan to learen is, dan is it ek net ûnoannimlik dat in skriuwer fan elk wurk dat er skriuwt leare kin. En it soe wol ris mei de taek fan de kritikus wêze kinne yn dit opsicht foarmjend to wurkjen. It sil dúdlik wêze dat nimmen hwat hat oan frijbliuwend gepraet oer literair wurk. De lêzer net en allikemin de skriuwer. Sawol lêzer as skriuwer kinne baet ha by in rationeel en dus verifiëarber bisprek fan in roman. Sa'n bisprek kin allinne mar basearre wêze op rationele en dus verifiëarbere analyse fan it literaire wurk.
KRITERIA OP GROUN HWERFAN'T YN DIT ARTIKEL IN EVALUAESJE JOWN WURDT FAN ‘IN KWESTY FAN HUD’ Myn evaluaesje fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ sil foar in great part basearre wurde op it relaesjepatroanenskema fan dy roman, sa't dat werjown is oan 'e ein fan myn analyse. De analyse sels bistiet foar it greatste part út in ûndersyk nei de yn de roman oan to wizen relaesjepatroanen. Ik sil hjir bisykje fêst to stellen ynhoefier't de relaesjepatroanen en de sprieding dêrfan funksjoneel binne yn it ramt fan datjinge hwat yn de roman oan'e oarder steld is: De ûntjowing fan it karakter fan Richard Reijnders yn it ljocht fan syn ervaringen op in kostskoalle yn syn jeugd. Yn myn skôging sil ik ek bisykje nei to gean ynhoefier't it yn dit wurk tapaste perspektyf (point of view) funksjoneel is.
DE RELAESJEPATROANEN YN: ‘IN KWESTY FAN HUD’ Yn haedstik 1 en 2 fan de roman wurdt oandacht jown oan it relaesjepatroan Richard-Nynke. De lêzer wurdt yn dizze twa haedstikken allinne mar gewaer dat | |||||
[pagina 178]
| |||||
Richard en Nynke, dy't forkearing ha, dizze relaesje net yn stân hâlde wolle. Yn de earste perikoop fan haedstik 3 bringt Richard, achterôf, oan syn freon Hans forslach út fan syn lêste wykein mei Nynke, en dêrmei is de relaesje Richard-Nynke yn dizze roman fan de baen, útsein inkelde koarte fragminten yn haedstik 5, hweryn't Richard oan Nynke weromtinkt. It is fan bilang op to merken dat it relaesjepatroan Richard-Nynke in dominante faktor is yn de earste twa haedstikken fan de roman, wylst dat relaesjepatroan yn de earste perikoop fan haedstik 3 in faktor fan sekundair bilang is. Dat hâldt nammers yn dat starichoan it relaesjepatroan Richard-Nynke, dat yn't earstoan dizze roman liket to bihearskjen, fan minder bilang wurdt; dat dit relaesjepatroan yn de roman net abrupt weifalt. Yn de midden fan it earste haedstik komt, skynber sûnder sin, in nije romanfiguer op it aljemint: Johan. Dizze Johan, in freon fan Richard hat oer Richards forhâlding mei Nynke, dy't stikken driicht to gean, sein: ‘Jim hawwe it dea praet, jim prate tofolle ynpleats dat jim hannelje.’ (side 13). Yn myn analyse ha'k yn dit earste haedstik it relaesjepatroan Richard-Johan secundair neamd. Soks bitsjut yn dit gefal dat de romanfiguer Johan starichoan yntrodusearre wurdt. Yn de earste perikoop fan haedstik 2 komt it relaesjepatroan Richard-Johan, sa wurdt út myn skema dúdlik, wer oan 'e oarder; it is dan in primair relaesjepatroan. Dan wurdt ek dúdlik hwa't dy Johan foar Richard is: in ex-learaer, dêr't er to Gemen, it plak hwer't Richard op in paterskoalle west is, mei yn kontakt kaem wie. Yn dizze selde earste perikoop fan haedstik 2 bigjint Richards tiid to Gemen in rol to spyljen. Ut it skema wurdt dúdlik dat yn dizze perikoop trije faktoren in rol spylje: Richards relaesje mei Nynke, Richards relaesje mei Johan en Richards relaesje neffens Gemen. Yn dizze perikoop wurdt noch net sein hoe't de relaesje is fan dizze relaesjepatroanen neffens elkoar. It bliuwt foar de lêzer noch in fraech hwerom't Johan en Gemen yn dizze roman yntrodusearre binne, om't de lêzer út it earste haedstik konkludearje moat dat yn dizze roman it stikken gean fan de leafdesrelaesje tusken in man en in frou oan 'e oarder steld wurdt. De relaesje Richard-Johan, dy't yn de earste perikoop fan it twadde haedstik fan de roman oan'e oarder steld is, komt earst werom yn haedstik 5, hwannear't Richard oan Johan in brief skriuwt. Ik kom dêr noch op. Yn de earste perikoop fan haedstik 3 is de relaesje Richard-Nynke, sa is konkludearre, in relaesjepatroan fan sekundair bilang. Yn dyselde earste perikoop fan haedstik 3 komt in nij relaesjepatroan nei foaren: it relaesjepatroan Richard-Hans. Dit relaesjepatroan, dat fuort al dominant is, komt nei foaren op it momint dat it relaesjepatroan, dat yn de earste haedstikken fan dizze roman dominant is sekundair wurdt. Ik kin it ek oars sizze: It relaesjepatroan Richard-Nynke, dat stiet foar Richard's hâlding tsjinoer it froulike, wurdt stadichwei forfongen troch it relaesjepatroan Richard-Hans, dat stiet foar Richard hâlding tsjinoer it manlike. It relaesjepatroan Richard-Nynke spilet net in rol yn de twadde perikoop fan haedstik 3, mar wurdt wer dominant yn haedstik 4. Dochs kin net sein wurde dat de relaesje fan Richard tsjinoer it manlike yn de twadde perikoop fan haedstik 3 net oanwêzich is; krekt oarsom, foaral yn de twadde perikoop fan haedstik 3 wurdt Richard's hâlding tsjinoer it manlike in faktor fan oerwegend bilang. Dan wurdt nammentlik it relaesjepatroan Richard-Gijs Hoefnagels in dominante faktor. Yn de analyse hwer't ik dit relaesjepatroan oan 'e oarder steld | |||||
[pagina 179]
| |||||
ha, is dúdlik genôch útkaem dat de relaesje Richard-Gijs Hoefnagels in homo-erotyske komponint hie. Tagelyk mei it yntrodusearjen fan de romanfiguer Gijs Hoefnagels wurdt ek wer Richards kostskoalletiid to Gemen oan 'e oarder steld. Hwant Richards relaesje mei Gijs Hoefnagels, as men wol Richards forhâlding mei Gijs Hoefnagels, wie ûntstien to Gemen en yn sekere sin ek yn 'e hân wurke troch de situaesje to Gemen. Oan 'e ein fan de lêste perikoop fan haedstik 3, sa soe men sizze kinne, binne de stikjes fan de lizpuzzel, dy't de lêzer yn 'e rin fan de earste trije haedstikken fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ sa stadichoan yn hannen krige hat, yn elkoar fallen. It is de lêzer dúdlik wurden dat it yn de roman net giet, alteast net allinne giet, om it tekenjen fan in man-frou relaesje dy't kapot giet; it giet der yn dizze roman ek om sjen to litten hwertroch't dy man-frou relaesje forbrutsen wurde moat, en oan 'e ein fan haedstik 3 hat de lêzer it idé dat dy relaesje wol kapot gean moast om't de haedpersoan, in casu Richard Reijnders, better bysteat is in homo-erotyske relaesje op to bouen as in hetero-erotyske. En dat is dan al yn syn jeugd manifest wurden. Dochs is de lêzer der net, as hy de earste 3 haedstikken fan dizze roman mei dizze útliz ôfdocht. It relaesjepatroan Richard-Hans past nammers net yn dizze útliz. Hans, Richards freon, spilet yn it earstoan yn dizze roman in op it earste gesicht hwat ûnbigryplike rol; in rol dy't miskien omskreaun wurde kin mei de wurden: de maetskippijkritikus. En oan sa'n figuer soe yn de roman gjin behoefte wêze, as dizze roman neat oars die as werjaen it dilemma hweryn't in man tolânne komme kin, as blykt dat de homofile relaesje him mear oanlûkt as de heterofile relaesje. Evaluearjend soe ik fan de earste trije haedstikken fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ sizze kinne: Yn dizze haedstikken wurdt de lêzer net folle mear oanbean as in yntroduksy fan de problematyk, dy't yn dizze roman oan 'e oarder steld wurdt. Dochs kin net sein wurde dat de lêzer oan 'e ein fan de earste trije haedstikken fan dizze roman al presiis wit hwat er yn de romanwerklikheit fierder noch oan 'e oarder steld wurde sil. De yntroduksy is dus net kompleet. En dat kin de lêzer witte as hy bisiket fêst to stellen hwat de sin wêze moat fan it relaesjepatroan Richard-Hans. As de komposysje fan de man goed en evenwichtich is, dan sil it opfieren fan dit relaesjepatroan net sûnder rjocht en reden bard wêze. Fan it op it aljemint bringen fan de oare relaesjepatroanen yn dizze earste haedstikken fan de roman kin sein wurde dat dat mei de nedige omsichtichheit bard is. It relaesjepatroan Richard-Nynke wurdt allinken fan minder bilang yn de roman, it relaesjepatroan Richard-Johan wurdt stadichoan yntrodusearre, en dêrmei ek Richards relaesje neffens Gemen. As dy relaesje ienris oan 'e oarder steld is, wurdt ek it relaesjepatroan Richard-Gijs Hoefnagels yntrodusearre, in relaesje dy't ûntstien wie to Gemen. Men kin sizze dat, hwat de trije neamde relaesjes oanbilanget (to witten de relaesje fan Richard neffens resp. Nynke, Johan en Hans), sprutsen wurde kin fan in evenwichtige opbou fan de earste trije haedstikken fan de roman ‘In kwesty fan hûd’. Haedstik 4 leveret, sa op it earste gesicht mear ynterpretaesjeproblemen op as de earste trije haedstikken fan ús roman. Yn dit haedstik komme twa relaesjepatroanen oan 'e oarder: De relaesje Richard-Hans en de relaesje Richard-Frank (en Titia). De lêzer kin en moat him ôffreegje hwat de sin wêze kin fan it feit dat yn dizze roman, dy't giet oer de problemen, dy't Richard Reijnders hat tsjinoer de seksualiteit, dizze Richard op in feest yn kontakt komme moat mei Frank. As ik my, as lêzer, mei dizze problematyk dwaende hâld, moat ik dochs konkludearje dat Richard's kontakt mei Frank wol deeglik sin hat, sjoen yn it | |||||
[pagina 180]
| |||||
kader fan hwat yn dizze roman oan 'e oarder steld wurdt. De relaesje Richard-Hans, dy't yn dit fjirde haedstik ek in rol spilet (yn de earste twa perikopen fan dizze roman is dat relaesjepatroan dominant, yn de tredde perikoop sekundair) en dy't min ofto mear stiet tsjinoer it relaesjepatroan Richard-Frank (yn de earste perikoop fan haedstik 4 is dat relaesjepatroan sekundair, de twadde en tredde perikoop fan haedstik 4 primair), jowt in mooglikheit om in hwat better ynsjoch to krijen yn it relaesjepatroan Richard-Frank. Hans, Richards bêste freon, komt út de roman nei foaren as immen dy't him net tofolle oanlûkt fan de maetskippij en har konfinsjes. Hy docht hwat er wol en lit him neat gelegen lizze oan hwat men fan him forwachtet. Richard is to Gemen opfieden mei it idé dat de minske him altyd deljaen moat by hwat de autoriteiten sizze, oft dy autoriteiten nou de paters fan in kostskoalle binne, of de minsken dy't yn de maetskippij útmeitsje hwat al of net tolerabel is. Men kin sizze dat Richards problematyk werom to bringen is op in autoriteitskonflikt. Hans is foar Richard it prototype fan de minske, dy't hysels graech wêze wolle soe, mar dy't hy noch net wêze kin fanwegen syn forline to Gemen. Frank is foar Richard it prototype fan de minske, dy't him deljowt by de foarskriften fan de maetskippij, yn wêzen it prototype fan de minske dy't Richard wurde kinne soe mar net wurde wol. Dêrfandinne ek Richards tige fûleindige útfallen tsjin Frank, binammen yn de twadde perikoop fan haedstik 4. Nei't de lêzer yn kontakt kaem is mei de romanfiguer Frank en binammen mei de réaksjes fan Richard Reijnders op de romanfiguer Frank is it him mooglik fêst to stellen hwat eins it haedthema fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ is. It forhael fan Richard Reijnders, dy't net in ‘normale’ man-frou relaesje opbouwe skynt to kinnen, blykt in dûbelde boaijem to hawwen; it blykt yn dizze roman net yn't foarste plak to gean om immen dy't leare moat to libjen mei in op de eigen sekse rjochte leafde. It thema fan dizze roman is folle mear: sjen litte hoe't immen, dy't troch traumatyske ûnderfiningen yn syn jeugd yn konflikt komt mei de noarmen fan de maetskippij, it mei himsels wer bisiket lyk to finen. It konflikt dat dy persoan hat mei de maetskippij wurdt manifest yn it feit dat hy mient homoseksueel to wêzen. En homofily is in, troch de maetskippij, net akseptearre foarm fan leafde. Oan 'e ein fan it fjirde haedstik fan de roman kin de lêzer/ûndersiker al wol sinnige opmerkingen meitsje oer de waerde fan de roman ‘In kwesty fan hûd’. Hy kin nammentlik fêststelle yn hoefier't de auteur fan dizze roman him hâlden hat oan de stelling dat yn in roman alle relaesjepatroanen funksjoneel wêze moatte. Dat wol sizze yn hoefier't de relaesjepatroanen meiwurkje om stal to jaen oan it thema fan de roman. Ik mien dat yn de earste 4 haedstikken fan de roman folslein oanjown wurdt hwat eins de yn dit wurk tekene problematyk is, wylst dêrnei forteld wurdt hoe't de haedpersoan syn problemen forwurket. En in bigjin fan dy forwurking sit sels al yn it fjirde haedstik fan de roman. Richards relaesje mei Nynke stiet foar Richards hâlding tsjinoer it froulike. Richards relaesje mei Gijs Hoefnagels stiet foar Richards hâlding tsjinoer it manlike. Richards relaesje mei Johan funksjonearret yn de roman as trait-d' union tusken de noutiid en de doetiid, tusken hjoed en juster. Hans stiet yn dizze roman foar dat aspekt fan Richards karakter, dat net akkoard gean wol en kin mei de fan boppeôf opleine noarmen yn | |||||
[pagina 181]
| |||||
en troch de maetskippij. Frank stiet yn dizze roman foar alles, hwer't Richard in ôfgriis fan hat. Frank konformearret him oan de easken dy't fanút de maetskippij wei steld wurde en kiest dêrmei de wei fan de minste wjerstân, lit him libje. It konflikt dat ûntstiet tusken Richard en Frank (de twadde perikoop fan haedstik 4) is allinne dan foar de lêzer oannimlik as dy lêzer Frank sjen kin as it prototype fan de minsken tsjin hwa't Richard fûleinich yn forset komt. Yn dat ramt is ek maklik yn to sjen hwerom't Richard op it feest fan Frank en Titia fortelt hoe't er op in nacht yn in publyk urinoir stiet to pisjen: ‘Fuotstappen, in swarte gedaente komt op my ôf, in bûslampe forblinet de freedsume boarger, trappearre. In swiere mannestim freget, hwat moatte jo hjir? (...) Hy freget wer: nou? Forlamme fan drift en forbazing stammerje ik: hwat soe ik hjir moatte? Hy is forslein en antwurdet beteutere: nou ja, men wit net. In plysje op 'e nachttoer. Myn hân is noch oan de gulp, geijend meitsje ik it ynternasionale dikke tamp-gebaer. Authoriteit, raes ik, dwyl troch de sweveldampen út de pisbakken, (...)’. (side 88) It forfolch fan de tredde perikoop fan haedstik 4 is dan: ‘Der hie gjin biweging west yn it lichem ûnder him. Mei syn knibbels rôlle er noch in kear heftich oer Frank syn earmspieren, mar dy bleau roerloas lizzen.’ (side 88/89) Dizze episoade út 'e roman kin allinne dan sinfol funksjonearje, as oannaem wurde kin dat Frank yn dizze roman stiet foar al dy minsken dy't har sûnder mear oanpasse oan de maetskippij. Dan ek is to bigripen hwerom't Richard dit foarfal yn of roun de pisbak op in feest foar it fuotljocht hellet. Ik wol net sizze dat de auteur fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ it syn lêzer maklik makket, troch ditsoarte, dochs frij muoilik yn it ramt fan de roman yn to passen passages en persoanen yn syn roman yn to fieren, mar wol kin steld wurde dat dat bygelyks yn dit fjirde haedstik fan de roman goed slagge is. Ik kin miskien sels noch fierder gean: Men soe sizze kinne dat sa likernôch oan 'e ein fan de twadde perikoop fan haedstik 4 de lêzer materiael yn hannen kriget, op groun hwerfan't er al min ofto mear witte kin hoe't it mei Richards ienmansaksje tsjin de maetskippij ôfrinne sil. Richard fortelt yn syn forhael oan Frank oer de plysje hoe't er dy plysje de baes bliuwt - dy plysje stiet foar autoriteit. It sil de lêzer nou net mear forbaze meije dat Richard ek foar himsels klearkomt mei syn autoriteitskonflikt, it sil de lêzer net mear forbaze meije dat Richard de problematyk roun syn al dan net homofyl wêzen - in problematyk dy't, sa ha wy sjoen, stiet foar syn autoriteitskonflikten - oplosse sil. As haedstik 4 yn dizze sin lêzen en forstien wurdt, is it torjochte to sizzen dat dit haedstik eins de kearn is hwer't de hele roman roun boud is. En dat bitsjut dan wer dat de roman, alteast hwat de earste 4 haedstikken oanbilanget, goed trochtocht is troch de skriuwer. Haedstik 5 kin, sa op it earste gesicht de lêzer hwat problemen biede. It is faeks net fuortendaliks dúdlik hwat de funksje fan dit haedstik is. Dochs bistiet dy funksje wol deeglik. Wy ha konklúdearre dat yn haedstik 4 der in soarte fan ommekear tekene wurdt dy't plak hat yn de karakterûntjowing fan de haedpersoan fan de roman. Dizze ommekear kriget foaral yn haedstik 5 stal; men soe sizze kinne dat yn dizze sin yn haedstik 5 trochborduerd wurdt op haedstik 4. En dat bart, ik ha it al sein, op in, op it earste gesicht hwat kriptyske wize. Ut it skema fan de relaesjepatroanen yn de roman ‘In kwesty fan hûd’ (sjoch it foarige nûmer fan ‘Trotwaer’) wurdt dúdlik dat yn dit haedstik, dat út 10 | |||||
[pagina 182]
| |||||
perikopen bistiet, foar it greatste part (5 fan de 10 perikopen) it relaesjepatroan Richard-Johan útdjippe wurdt. Dy 5 perikopen bisteane út fragminten fan in brief fan Richard oan Johan. Yn dy brief, fortelt Richard Johan eksakt hwat syn problemen binne: ‘Wy binne foroardiele ta de midsmjitte en dat is min to fornearen. (...) Hwat tichter dizze wrâld, dit lân, de eigen lytse omjowing bifolke wurde, hwat driuwender wurdt it om mei hwatfoar middels ek jinsels to hanthavenjen. Macht en status wurde troch de boppelaech hechter en raffinearder opboud neigeraden dy troch de ûnderlaech heftiger oanfallen en ûndergroeven wurde’. (side 93). Men soe sizze kinne: Richard is him derfan biwust wurden dat syn problemen net sasear lizze op it seksuele flak, eat hwat de lêzer miskien yn it bigjin al tocht, mar fan folle greater importânsje binne: hy kin him sa net deljaen by de easken fan de maetskippij. Dat Richard him krekt tsjin Johan útsprekt hat ek seker sin: Johan is yn dizze roman de trait-d'union tusken de noutiid en Richards tiid to Gemen, hwer't syn oanpassingsproblemen tsjinoer de maetskippij yn wêzen ûntstien binne. Yn dy perikopen, hweryn't yn haedstik 5 net Richards brief oan Johan oan 'e oarder komt, wurdt de lêzer, yn hieltyd wer oare foarm yn kontakt brocht mei Richards problematyk. (dat bart dus yn de perikopen 2, 4, 6, 7, en 9 fan haedstik 5). Yn perikoop 2 fan dit haedstik kriget de lêzer de flash-back ûnder eagen. Richard tinkt werom oan in séfûgel dy't er ea earne op in jiskelân fleanen sjoen hie, bitiisd yn in meterslang tou of lint. Dizze perikoop eindigt sa: ‘Mar grif dat it lint yn de skimerjoun heakjen bliuwe soe oan it dak fan de bygebouen en de hals fan de fûgel tasnuorje of syn flerk ôfskourre soe.’ (side 94) De parallel tusken Richard en dizze séfûgel is frij maklik to lûken. Werris wurdt de lêzer drukt op Richards problematyk, allinne nou miskien folle pregnanter as yn de oan dizze perikoop foarôfgeande haedstikken fan de roman. Yn perikoop 4 fan haedstik 5 wer in flash-back. Hjir tinkt Richard werom oan de moarn dat in learaer fan harren by namme Puk dea foun waerd; dit wie yn syn tiid to Gemen. Puk kriget fan Richard dizze wurden mei: ‘Mar hy (Richard, a.v.h.) hie witten dat Puk syn lumen, dy't er withoefaek oer him hinne gean litte moatten hie, to meitsjen hiene mei in twivel oan syn ropping, oan syn kar, en mei in tokoart, dêr't er him binnen de mooglikheden fan de skoalle, net boppe út wrakselje koe.’ (side 96, skeane lettertype a.v.h.) As men in skoalle sjocht as in maetskippij yn it lyts, hwat leit dan mear foar de hân as in parallel to lûken tusken dizze Puk (requiescat in pacem) en Richard. Yn wêzen is it tokoart dat Richard Puk ta ha wol itselde as Richards problematyk mei de maetskippij. Richard is bang dat hysels him net boppe syn tokoart útwrakselje sille kin. Yn perikoop 6 en 7 fan haedstik 5 tinkt Richard werom oan in trip dy't hy mei Hans in jier forlyn makke hie nei it eardere konsintraesjekamp Dachau. Hjir wurdt de lêzer wol hiel maklik gewaer hwat de sin wêze kin fan dit konsintraesjekampbisjen, sjoen yn it ramt fan de problematyk, dy't yn de roman ‘In kwesty fan hûd’ oan de oarder steld is. Richard seit nammentlik sels tsjin Hans hwat foar him dit kamp bitsjut: ‘(Hans) Hwat wolst hearre, dat ik it net bigryp, dat soks ûnfoarstelber is, dat soks nea wer barre sil? In klucht út it forline, de kranksinnichheit fan in stel psychopaten, in reservaet fan hystery? (Richard) Hâld op. Dit wie it wurk fan normale minsken, dy't de harsens der by hiene. It is réaliteit, it spilet hjoeddedei, ditselde momint. Wy kinne ús net forskûlje achter ûntsetting en ûnbigryp. (side 101, skeane lettertype a.v.h.) Richard sjocht gjin wêzenlik forskil tusken it konsintraesjekamp en al hwat | |||||
[pagina 183]
| |||||
dêrmei anneks wie en de normale maetskippij, dêr't er sels to libjen hat. Beide systemen twinge neffens him de minsken om dingen to dwaen en to litten. Richards fisy op de maetskippij komt dan ek yn dizze twa perikopen wol tige pregnant nei foaren. En de ûndersiker kin net ta in oare konklúzje komme as de stelling dat dizze perikopen yn de roman perfoarst net mist wurde kinne, omt se Richards fisy op de maetskippij tige dúdlik meitsje. Yn perikoop 9 fan haedstik 5 hâldt Hans in tirade oer hwat hy dwaen soe as er paus wie. Ik moat sizze dat my net fuort dúdlik is hwat de funksje fan dizze perikoop is yn it kader fan de yn dizze roman oansnijde problematyk. Perikoop 8 eindiget mei de sin út de brief fan Richard oan Johan: ‘Dit is it kameleontyske tiidrek, hoera.’ (side 106) Perikoop 9 bigjint sa: ‘De kameleon is in kleurforoarjend, hagedisachtich dier yn Afrika, S.-Europa en Ynje, wy lêze út Koenen-en de -Pols. Dat witst doch? Ja, sei Hans, dêrfandinne dat wy alle arabieren geile flikkers neame, rassendiskriminaesje foroardielje en yn Italië net fierder komme as it strân en it winkeltsje mei sinnebrânoaly.’ (side 106) Ik sjoch tusken perikoop 8 en perikoop 9 fan haedstik 5 in soarte fan assosiative relaesje. Mar it liket my ta dat yn perikoop 9 de lêzer gjin ynformaesje mear oanbean krijt, hwertrocht syn fisy op ien fan de romanpersoanen nuansearre wurdt. De romanfiguer Hans wurdt troch dizze perikoop net trochsichtiger en itselde giet op foar de romanfiguer Richard. Wylst dit haedstik ek gjin ynformaesje oandraecht op groun hwerfan't de lêzer konklúdearje moat dat de relaesje Richard-Hans dochs oars is as hy ynearsten tocht hie. Ik moat dan ek konklúdearje dat perikoop 9 fan haedstik 5 yn dizze roman súver funksjeloas is en dat bitsjut dat dizze perikoop better weilitten wurde kinnen hie. Résumearjend kin ik fan haedstik 5 sizze dat de lêzer yn dit haedstik dy ynformaesje kriget dy't needsaeklik is foar in goed ynsjoch yn de problematyk fan Richard. Troch dit haedstik komt de lêzer, foarsafier't dat al net it gefal wie, ta de ûntdekking dat de problematyk fan Richard Reijnders yn wêzen net leit op it seksuele flak, mar dat Richards problemen op it seksuele flak folle mear de symptomen binne fan in folle djipper lizzende problematyk: Syn problemen tsjinoer de maetskippij. Dit haedstik 5 is oer it generael tige knap fan komposysje, de dosearring fan de ynformaesje tige goed trochtocht. Perikoop 9 lykwols hie better mist wurde kinnen. Haedstik 6 fan de roman ‘In kwesty fan hûd’ kin ik koart oer wêze. Richard komt hjir, foar it earst nei syn traumatisearjende jeugderfaringen, wer yn kontakt mei Gijs Hoefnagels, de man dêr't hy to Gemen in min ofto mear homo-erotyske relaesje mei hawn hat. It docht bliken dat hy net it minste mear fielt foar dizze Gijs. Richard réalisearret himsels dat syn problemen mei Nynke yn elk gefal net werom to bringen binne op in homoseksuele ynslach fan himsels: ‘Lit ús sizze dat it in tydlike ympotinsje is, set it geskut mar wer yn stelling. Dit treffen (de ûntmoeting mei Gijs, a.v.h.) wie in ôfgong, gelokkich.’ (side 118). Ik mien dat dit haedstik 6 yn de roman net mist wurde kin. Nou't Richard him (sjoch û.o. haedstik 5) réalisearre hat dat syn formiende homoseksualiteit in symptoom is fan in heel oare sykte is symptoombistrieding sels net winsklik - set it geskut mar wer yn stelling - de sykte sels sil hy bistriede moatte. Yn haedstik 7 bart dat dan ek. Yn de earste 2 perikopen fan haedstik 7 is, sa ha we sjoen, it relaesjepatroan Richard-Hans fan bilang. Earder yn dit artikel ha'k er | |||||
[pagina 184]
| |||||
al op wiisd dat Hans yn dizze roman stiet foar dat aspekt fan Richards karakter dat net akkoard gean kin mei de opleine noarmen fan dizze maetskippij. Hans die dat nammers ek net; hy hie de gek mei de maetskippij en har noarmen. Eat hwat Richard wol oanluts, mar hwer't er tagelyk hwat bang fan wie. Yn dit lêste haedstik fan de roman is Richard sa stadichoan safier groeid dat hy ynsjocht dat Hans gelyk hie: ‘Hoefaek hie er (Richard, a.v.h.) him oan Hans ergere en him skamme foar syn brike setten? It wie syn eigen lytsens en gebrek oan moed dy't him ûnfordraechsum makken. En like binypt soe it wêze om him nou, nou't er him misse soe, krampachtich en helploas oan dizze freon fêst to klampen (side 124). Yn de twadde perikoop fan haedstik 7 binne trije alineas mei haedletters drukt. It binne sinnen dy't, itsij troch Hans yn it forline útsprutsen binne en dy't Richard him wer to binnen bringt nou't er op Hans syn keamer omstrúnt, itsij troch Richard sels tocht en bitocht wurde op it momint dat er yn Hans syn keamer is. It feit dat dizze alineas yn in ôfwikend lettertype werjown binne, wiist der al op dat de auteur de lêzer earne extra oandacht oan jaen litte wol. De earste yn haedletters drukte alinea hat de folgjende ynhâld: ‘IN HURD FAN BISMETTING, JONGE, MAR HWAT SOE IT, OFT WY NOU HJIR OF EARNE OARS DE GONOKOKKEN OPRINNE. OERAL KOMT WOL IN PYPKE FAN IT RIOEL UT. OF IT LIEDINGWETTER IS FORPEST TROCH DE CHEMICALIEN, OF DE LUCHT IS FORSYKT FAN DE KOALSTOFMONOXYDE, OF DOU WURDST IDIOAT FAN IT GEBLAF FAN DE T.V. FAN DYN BUORLJU. EN DAN HAST DE IERDSTRIELEN EN DE KONSERVEARINGSMIDDELS NOCH. EN OFTST NOU HJIR SITST OF EARNE OARS, DY FORROTTE MUS KOMT DOCHS WOL UT DE YOGHURT AS IT WEZE MOAT.’ (side 123) De lêzer wurdt der, sei ik boppe, mei syn noas boppe opdrukt; alle problemen dêr't ús maetskippij de lêste tiid mei oantangele sit wurde hjir ‘in a nutsjel’ oanstipt. En oft dizze wurden nou útsprutsen binne troch Hans of troch Richard is net sa wichtich, wichtich is dat Richard dizze wurden foar syn rekken nimme wol; it bitsjut nammentlik dat hy him syn eigen problematyk tsjin oer de maetskippij sterk biwust wurden is. Yn de tredde alinea dy't mei haedletters ôfdrukt is yn de twadde perikoop fan haedstik 7 wurdt werjown hwat fanôf dit tiidstip Richards hâlding tsjinoer de maetskippij wêze sil: ‘LITTE WY US HUD MAR DJUR FORKEAPJE, UTSJITTERS WURDE WY NOAIT, HEECHUT SLAGJE WY NOCH BY DE UNNOAZELE BERN, DJIP YN DESIMBER.’ (side 124) De lêzer fan dizze evaluaesje sil ûntdutsen ha, dat yn dizze roman hiel stadich dúdlik makke wurdt hwat eins de problematyk fan Richard is. Yn dizze twadde perikoop fan haedstik 7 wurdt eksplisyt makke hwat al folle earder ymplisyt oanwêzich wie. En dy gelykmjittige fordieling fan de ynformaesje dy't de lêzer kriget is, mien ik, posityf to weardearjen. Yn de tredde perikoop fan haedstik 7 fynt Richard, dy't him der nou hiel goed biwust fan wurden is hwer't syn problemen wei komme, it lyk mei syn forline to Gemen. Hy slagget der yn de relaesje to lizzen tusken syn ûnfrede mei de autoritaire maetskippij, dêr't er yn libje moat en de tiid dy't hy to Gemen trochbrocht hat. Yn it earste part fan dizze tredde perikoop wurdt werjown dat Richard yn in soarte fan hallusinaire tastân bylden opropt út syn tiid to Gemen. In prosessy; de doarpelingen, syn learaers, syn maten fan skoalle rinne mei. Yn dizze perikoop | |||||
[pagina 185]
| |||||
steane 7 latynske sitaten, mei Fryske oersetting derûnder, werjown yn in skean lettertype. Dizze sitaten krije fan Richard iderkear in soarte fan kommintaer mei; ien sa'n kommintaer is: ‘Hwat sleept ús mei yn de prosessy? It bidjer, it kwea dat op 'e loer leit en forswijd wurdt. Se wurde oantrúnd, forplichte mei to sjongen.’ (side 127). It is foar de lêzer nou wol dúdlik, it giet yn de prosessy, it gie mei Richard yn syn tiid to Gemen, krektsa as it mei Richard - en net allinne mei Richard! - giet yn de maetskippij: men wurdt meisleept, men wurdt libbe. De prosessy, sa't Richard dy sjocht, wurdt forsteurd troch û.o. Hans en Nynke. Hans docht net lykas de oaren by de prosessy, hy folget de mearderheit yn it tsjoede net: as alle minsken knibbelje, bliuwt hy stean. Foar de lêzer is de relaesje tusken dizze, imaginaire, Hans en de Hans dy't hy as freon fan Richard kint, maklik to lizzen. Ek Nynke, it symboal fan Richard net-kinnen, forsteurt de prosessy: ‘Nynke kringt út de mannichte nei foaren en bliuwt ûnder de trimen fan it alter stean to skreauwen. Hiest my mar, hiest my mar, se lûkt de pryster oan de slippe fan syn mantel.’ (side 127). Ek hjir wer kin de lêzer maklik de relaesje lizze tusken dizze, imaginaire Nynke en de Nynke, dy't er kennen leard hat as symboal fan Richards seksuele problemen. Dizze imaginaire Nynke lûkt Richard sa't in frou in man oanlûke kin. As Richard wer ta himsels kaem is, is syn eigen situaesje foar him glêshelder: ‘Hans, Nynke, Johan, se wiene der net mear, dy skarrelen withwersanne om. (...) Mar se wiene tofreden mei har ûnfrede, dat wie har garânsje genôch om it op fuotten hâlde to kinnen. Har hûd forkochten se djûr, ek oan harsels.’ (side 130). Hoe't de roman eindigje sil is, nei 't Richard sa foar himsels ta in útdragen saek kaem is, wol dúdlik: Syn sykte is genêzen, dus moatte ek de symptomen fan de sykte fordwoun wêze. En dat kloppet. Hy is Hans syn keamer noch net út, of hy komt al by in rosse juffer tolânne, en dêr docht bliken dat hy wiswol bysteat is en doch mei in frou hwat fierwei de measte mannen mei in frou dwaen kinne. Ik mien dat de auteur yn de roman him konsekwint hâlden hat oan it ien kear keazen perspektyf. Dat it perspektyf fan de roman keppele is oan Richard Reijnders leit yn de reden: it giet yn de roman nammers om in ûntjowing yn it karakter fan dy haedpersoan. De lêzer, dy't bisocht hat myn argumintearring yn dit artikel goed to folgjen sil him der net oer forwûnderje dat ik siz dat dizze earste roman fan Popma in goede roman neamd wurde moat. Der binne wol hwat détailoanmerkings to meitsjen, mar de roman yn syn gehiel is goed komponearre, de lêzer komt hiel stadichwei yn kontakt mei de eigentlike problematyk fan de haedpersoan fan dizze roman. Tige to weardearjen is neffens my de rol dy't de net-haedpersoanen yn de roman spylje. Stik foar stik jowe Hans, Gijs, Nynke en Johan reliëf, djipte oan de haedpersoan. Mei útsûndering fan de 9e perikoop fan haedstik 5, dêr't ik de funksje net fan sjoch, moat sein wurde dat alle perikopen, hweryn't de roman op to splitsen is, yn feite ûnmisber binne. Ek dat is posityf to weardearjen, hwant it bitsjut dat de auteur him der net ta forliede litten hat om allegearre net relefante saken yn syn roman to biheljen.
Bedum, april 1972. |
|