| |
| |
| |
[Nummer 4]
Jehannes Fortuyn
Net om oantosjen
arts, forpleechster 1 en 2, geastlike, hear 1 en 2, frou, pasjint, debút man út publyk. (útsein de pasjint en de man út it publyk, drage alle spilers in kunstkop)
Op de foarstellingsrûmte stiet in bêd, kreas opmakke, mei in man yn 'e kessens.
In man yn wite doktersklean is drok mei him dwaende. Follet allerhande papieren yn, set him djipsinnige apparaten op it liif. Set dan ôf nei de eftergroun en jowt papieren oer oan de as geastlike forklaeide spiler. Dizze komt nei foaren.
Is het leven niet als een bloem? Opgekomen uit de moederschoot ontplooit het zijn bladeren, jong en krachtig richt het zijn kop op in volle pracht naar de zon totdat de avond valt, de kop neergebogen naar de moederschoot terugkeert.
Giet op it krukje by it bêd sitten
Hwat hat de dokter sein, hwat hat de dokter sein!
Lit ús bidde. Almachtich Each dat oer jins slaven strielet, harren hoedet en oant lingte fan dagen Jins woldieden útstjûrt dat hja harren geast forrykje mei de djippens fan Jou leafde, Almachtich Each slaen acht op dizze pasjint en harkje nei syn sizzen. Lit him ek yn dizze ûre ûnderdiel wêze fan Jou ûnsizlike ynformaesjestream. Ut namme fan de tsjerke, dy't Jo leaf hat boppe alles, bifeel ik him ûnder Jou taforsjoch. Amen. Soene jo nou dizze deklaraesje efkes ûndertekenje wolle? Under hokfor nûmer steane jo ynskreaun by it Steats Sikenfûns? Jo binne bikend mei de regleminten foar geastlike bystân? Ik ha foar de wissichheit in eksimplaer meinaem, kosten f 15, - ynklusyf. Ik mei jo der efkes op attendearje dat spesiale missen en tsjerketsjinsten bûten it forsekeringspakket falle en dus út eigen bûse bitelle wurde moatte. Foar it gefal dat it ris nedich wêze soe, ha'k noch in aerdich folderke by my fan de tsjerklike Lêste-Reis-Forieniging. Ik wol jo efkes...
Hwat hat de dokter tsjin jo sein, siz my hwat de dokter sein hat, asjeblyf!
... efkes opmerksum meitsje op de bisûndere oanbieding dy't dizze moanne noch jildt: in rustfrij stielen kist mei skûmrubber biklaeijing foar it skaplik pryske fan f 2000, -. Haha, gjin jild man, dat krij jo nearne sa guokeap. En oars fjochtsje de bern dochs mar om it jild, net. Lit ús wer bidde. Hear it is goed hwat jo dogge. Hwa binne wy dat wy tsjinakselje soene? Hwat binne wy sûnder Jo? En mochten wy alris tsjinakselje, Hear forjow it ús hwant wy witte net hwat wy dogge. Amen.
Ik gean wer, goeddei.
| |
| |
De geastlike komt oerein en rint nei efteren.
De pasjint kriget in bel en bellet lûd.
In forpleechster komt op.
Jo hiene belle?
Krijt in formulier.
Fraech ien - hwat is jou nûmer?
Fraech twa oant fjirtjin kinne josels ynfolje?
Suster, ik wol witte hwat my skeelt, siz my hwat my skeelt!
Oer 3 minuten helje ik it formulier.
Forpleechster rint fuort.
Pasjint follet it formulier yn
Forpleechster 1 komt werom, draeit oan in pear knopkes en
fleurige musyk follet de rûmte.
Soe ik noch in kâns ha suster, hwat hat de dokter sein.
Krijt it formulier.
Oan jou winsken sil safolle mûglik omtinken jown wurde.
Set ôf.
It is net wier. Hoe soe it nou wier wêze kinne. Se fine it healwiispraet, dêrom sizze se fansels neat. Ik moat my ek net sa oanstelle. Ik ha hjir dochs wolris faker lein. Haha, ik helje my wer fan alles yn 'e holle. Straks miene se noch dat ik demint bin. Ik moat my mar hwat deljaen, namsto gauwer bin ik der wer boppe op.
Oars hie se dochs net sokke fleurige musyk foar my oanset?
God, hwa ha wy dêr...
Twa eptige hearkes sette op de pasjint ta
Oangenaem notarissen 14 en 15.
Jou nûmer, âldens, geslacht, godtsjinst;
nimt de gegevens oer fan in kaert dy't oan it bêd hinget
Bern, troud, bankrekken, girorekken, tilber en ûntilber guod
Fortel my nou ris earlik. Hoefolle sinten ha jo net opjown, hin? Kom, kom, dat dogge wy dochs allegear?
Der oerkomt jo nou neat mear fan, jo kinne it nou wol earlik sizze.
Jawis, hwa sil jo dêr nou noch oer lestich falle. Haha, jo binne in goochemerd. In sok, in tabaksdoaze of sit it earne ûnder de flier, efter de skoarstienmantel, tusken de hoannebalken?
Jo sille mei jou yntelliginsje in noch better plak foun ha. Tocht ik net, siz it ris.
Jo hâlde dus fol dat jo alles opjown ha. Dat jo jo net skamje de Steat sa to bineidieljen. Wy sille der rapport fan opmeitsje.
Wy jowe jo noch ien dei tinktiid, langer kin it sjoen jou tastân ek net lije.
| |
| |
Hwat... Hwat bitsjut dit. Hwat ha de hearen op it each... ik bigryp...
Obligaesjes, rinterekken, effekten, kommisariaten, byfortsjinsten.
Poe, poeh: gjin partijlid, dat forheget it suksessypersintaesje.
Fordomme! Hwat dogge jim! Hwat moat dit foarstelle.
Tank foar de gegevens, jo heare meikoarten noch fan ús.
Tige nei't sin, goeddei.
Fordomme! Kom werom. Ik wol witte hwat der mei my bart.
Kom hjir!
Kriget de bel en bellet lang en lûd.
Jo hiene belle? Jou nûmer?
480131304 en ik wol fordomme witte hwat der mei my bart.
Mei ik jo attint meitsje op it Húshâldlik Reglemint paragraef 127, de artikels 12 oant 18.
De fragen twa oant fjirtjin kinne josels ynfolje.
Oerhandigt in formulier.
Oer 3 minuten helje ik it formulier.
Rint fuort en grimitich follet de pasjint it formulier yn.
raest.
Ik wol de radio út ha. Ik wol de radio út ha, ik wol ferdomme de radio út ha!!
Twa forpleechsters komme op, krije it formulier fan it bêd en spanne in great plastik lekken oer it bêd mei pasjint.
De pasjint artikulearret, mar men heart gjin lûd.
Wy moatte ús nou ienris oan de Regleminten hâlde.
It is bigreatlik sjoen syn tastân, mar der binne mear pasjinten, dy moatte harren ek oant it Reglemint hâlde.
Eltsenien moat him oan de regels hâlde.
Jawis, hwêr bidarje wy oars.
Men soe der gjin each mear op hâlde kinne.
It is foar syn eigen bêst.
Ha jo guod ôftojaen. Hoe lang binne jo fan doel to bliuwen.
Jo binne hjir earder west? Jo binne op 'e hichte mei it Reglemint?
De pasjint nû 480131304 hat him deljown. Ik sjoch gjin bilet it ôfsûnderingskleed to forwiderjen.
Forwiderje it kleed. De pasjint sjocht apathysk foar him út.
| |
| |
Goeije, dêr wie ik al. Hwat leist hjir oars moai net. En hwat krijst in goeije forsoarging. Dat hat wolris oars west, witst noch wol. De sealen binne hjir ek sa skjin en rûm. Himmele froulju hear, dy susters. Ik ha...
né, ik ha alle wurdearing foar dy fammen. Dat ha je oars ek wol nedich, tinkt my. As je siik binne moat je op syn minst in goeije forsoarging ha en in goed plak om to lizzen.
Hoe is it iten? Ek goed tink. Dû koest altyd sa lekker ite.
Witst nochwol. Potstrou moast ik altyd foar dy siede. En dan in kûltsje yn 't midden foar it spekfet en de spekjes en dan hwat sjerp der om hinne. ôôôô hwat koest dan smikkelje net, jaja. Dat silst...
Grytsje, ha se it der ek mei dy oer hawn hwat my skeelt? Haw ik it?
Sok iten is net soun sizze se. Nou, ús pake is der oars 85 mei wurden, siz ik mar. En elke dei in goed stik kleare spek op it brea. En prûmkje, dat die er ek. Eh, se witte der neat fan je, se kinne wol fan alles sizze. Mar it komt sa faek oars út. Nim nou buorfrou, gryp hie se sei dy dokter, in pear dagen dan wie it wol oer. Moai wis dat se ûnder de groun leit, biroerte hawn sizze se dan. Hwa kontrolearet dat? Hwat wit men der fan.
O ja, hast dyn stamkaert hjir? En hwêr leit de forsekeringspolis? It kêstenboekje leit yn de linnenkast? Hast gjin biswier dat Watse dyn auto brûkt, dan kin er my ek ris meinimme, nou.
Grytsje, harkje doch ris...
Ik tink dat de bern ek noch wolris oankomme. Oeh, hwat giet dy tiid hurd net. Nou dach leave, it is myn tiid, silst goed op dysels passe. Gjin mâlle dingen dwaen hear, se dogge hjir alle war foar dy. Oant moarn, dooog.
Forpleechsters komme nei foaren.
Tige tank. Hy is wolris hwat lêstich, ik hoopje net dat er jim tofolle biswieret?
Bigryplik yn syn tastân net wier.
Fierders tige nei't sin hear, tige nei't sin.
Lokkich, lokkich. Ik ha in bulte wurdearring foar jim.
Tank mefrou, tank. En ús meilibjen
Frou rint fuort
Pasjint nûmer 480131304, jou formulieren binne bihannele.
Jo kinne daliks jou genêshear forwachtsje.
Ah ja. Wolle jo earst dit rountebriefke efkes ôftekenje. Tank.
| |
| |
Dokter, ik wit dat jo in hiel soad kinne en ik leauw dat jo my wol better meitsje kinne. Mar ja, dat sil grif in knoarre kostje moatte. Miskien wol tofolle yn forhâlding mei itjinge dat ik noch foar de mienskip bitsjutte kin. Mar as ik jo nou ris in gouden horloazje jow, it is fan myn oer-oerpake, tige waerdefol, ik ha it net opjown, ik kin it jo sa ûnderhânsk jaen. Dokter dan meitsje jo my better nou. Dokter!
Wilens set de arts him wer allerhande apparaten op it liif en skriuwt drok yn in boekje.
Goed, ik bin de jongste net mear, mar ik wol noch net dea! Ik soe noch bêst hwat licht wurk dwaen kinne op it Steatsarchyf of earne oars. Ik bin hielendal net fan doel op kosten fan 'e mienskip to libjen. Oh né jo ha dochs de rapporten oer my lêzen. Ik bin altyd tige warber west. In soad forienigingen ha my as lid hawn, jaja. Ik bin net op in hege post kaem, dat is wier, mar dêr kin elkenien dochs net komme dokter? As ik nou in hele dei wurkje dokter en ik krij in heale dei útbitelle, dan bin ik ekonomysk wol forantwurde dochs? Jo meitsje my better nou. Ik moat wier noch net ôfskreaun wurde. Dêr soe de Steat harsels skea mei birokkenje en ik wit dat de Steat dat nea dwaen sil. Dêr is de Steat fierstento wiis foar. Der binne dochs gjin klachten oer my ynkaem, binne der klachten?
Ik ha nimmen ea hwat yn 'e wei lein, hoe soene der klachten wêze. Der is dochs gjin inkelde reden dokter om my samar deagean to litten, dokter, dokter.!
Arts giet mei paparassen nei geastlike en hearen 1 en 2 dy't oanrinnen komme. Hy mûskoppet mei de geastlike.
komt heal oerein en raest de seal yn:
Godferdomme dogge jim dan hwat. Sit dêr net sa op jim loaije kont nei my to sjen. Doch hwat, help my, slach der yn, ferdomme!!
Eh fint, stel dy net sa oan. It is ommers mar in spul. Wy ha der foar bitelle net!
Twa forpleechsters komme nei foaren en bine de pasjint mei tekkenriemen oan it bêd fêst. Meitsje risselwaesje mei in greate ynjeksjespuit.
Né, né, net dea spuitsje. Net dea spuitsje. Ik sil my kalm hâlde. Ik sil net wer sa mâl dwaen. It oerkaem my gewoan.
Mar ik fiel nou wol dat ik my tonei folle better yn 'e hân hâlde sil. Dûmny siz jo der hwat fan.
Middei, en, ha jo jo bitocht? Ja tink?
Goed mei jo, jo binne ta ynkear kaem tink.
Ik kin net rêstich mei jim prate as dy susters hjir sa omstippe.
Forpleechsters nei de eftergroun.
Jo binne der al ré foar leauw'k. Lit ús dan earst bidde.
| |
| |
Almachtige Eachheit, dy't ûnder ús wenje wol en hwaens trouwe feinten wy binne, sjoch, hjir stean wy by it bêd fan ien fan ús en wy roppe jou taforsjoch yn en jou ûndersteuning yn dizze ûren fan spanning. Help it him dragen, smeke wy Jo, Jou Almacht stiet dêr foar, wy witte it by ûnderfining. Hear, forjow dizze pasjint syn tsjinakseljen, jo witte: hy koe net oars, forjow him syn sûnden tsjin ús Steat. De sûnde wie noch altyd djip yn him oanwêzich, mar tanksy jou Almacht en jou ûnsizbere Leafde is er ien fan de lêsten Heit. Tank, tûzen kear tank hjirfoar. Us Mesias, jou slaven sille wy oant yn ivichheit wêze, amen.
Jo hiene noch hwat oan to jaen.
Jo hiene der noch hwat oan ta to foegen.
wurch.
In gouden horloazje. Ik hie it foar myn pakesizzer ornearre. Ik hie it fan myn oer-oerpake, dy hiet krekt sa as my. Mar doe't myn pakesizzer in nûmer krige, ha'k it weistoppe, ik hie it net dwaen moatten. It wie stellen, ik wit it, is der forjowing?
Fansels is der forjowing, hwêr ha jo it dellein?
It sit yn 'e sitting fan myn stoel. It moat wol twahûndert jier âld wêze, ik ha it sa'n skoft net sjoen.
Oars ek noch hwat oan to jaen, it kin nou noch.
Ja dit is wier jou lêste kâns.
Men kin net oan it forjaen bliuwe. Der moat ris in ein oan komme. Jo hawwe in kar makke út myn prospektus? Oars sil ik de frijheit nimme moatte en doch it foar jo.
Leave, dû moatst dwaen hwat de hearen sizze. Se hawwe it bêste mei dy foar. De hiele dei is men foar dy yn't spier. Dan moatst' dochs al hwat meigeand wêze. Oars litst' ek sa'n rare yndruk efter. En hwat sille se dan wol net fan my tinke. Dat soest dochs net wolle...
sêft:
Dat wie it. Nou witte jim alles, alles, alles.
Tanke, fan't selde kollega.
Pasjint 480131304, ha jo noch in winsk?
Geastlike winkt de twa forpleechsters. Hja draeije it bêd om en op in wand wurdt in great televizybyld projektearre mei ien of oar programma.
De forpleechsters geane wer mei de greate ynjeksjespuit fierder. As it klear is, rinne se nei de pasjint en spuitsje it đing leech yn syn earm.
fûsket mei de frou:
Syn lijen wie net mear om oan to sjen, myn dielnimmen..
| |
| |
Ek de oaren fûskje mei de frou: út in lûdsprekker wei: de wjerklank fan de earste (nederlânske) tekst fan 'e geastlike.
Dit wie wol it bêste, syn lijen wie net om oan to sjen.
Yndie, net om oan to sjen.
Wy moasten wol, dit wie net mear om oan to sjen.
Dat er noch sa lije moast.
Och, is er noch hommels forstoarn, myn dielnimmen, myn djippe dielnimmen.
Net om oan to sjen...
glimket.
|
|