| |
| |
| |
Durk van der Ploeg
Ierde en loftrom
1
To tinken oan in hanfol wetter
Makket toarstich nei de streamen.
Ierde en loft wurde forfolle fan in teare maitiid.
Weinen ride út, it izer slipe,
Séfte woartels sûgje wifkjend
Har folsleinens nimt gjin ein,
Har gewaeks is frucht, fuorre út de ierde.
Myn eagen tichtsmard mei klaei
Lykas woartels har útsprantelje.
De echoos fan de minsken,
De legindaryske sielen wjukwapperjend,
Yn de ierdske werklikheit mei yl omklaeid,
Gûlend om in sûndich libben,
Bigroeid mei de hierrige facht fan
Formoedens, ôfgunst en grime.
Hjir lit it folk har sjen yn in drôve neitins.
To ûntkommen oan dit libben, it jowt ivich spoeken.
Gjin skepper treft skuld.
Him ûntroere de oatmoedigen,
De knibbeljenden, dy't yn ôfsûndering birou toane.
Ierdsker: de rispinge, it gewin,
Dat groeit yn it tsjuster en swolt en pûdet
As in fordronken bist dat stjonkt fan forrotting.
Wyt jild wurdt kâld jild.
In lottering docht it kwea toneate.
De lust oerwint de list; se dogge elkoar gjin kwea.
De ierappeliters libje fan 'e iene dei op 'e oare,
Mei eagen great fan bigearten, mar net skealik
Foar de ekonomyske struktuer.
Foar it ûnbirikbere rekke se har halzen
Nei de takomst dy't de dea forskânzet.
Noch euvelmoediger de skiednissen
Oanbifellingen foar de ierde,
It triengat foar de opstanning.
| |
| |
| |
2
De lof fan de fortreasting:
Safolle boeken, safolle wiisheit,
To forlykjen mei de ûneinigens fan de sé.
Yn de herten fan de minsken,
Groeije de rouwen swart en hurd op it hert.
De foartekens yn it loftrom sammelje eangst:
In tsjel om 'e sinne is de driging fan de Almacht,
Dy't net bistiet, mar him by oerlevering
Forpleatst yn de herten fan de autochtonen
Hy nêstelt him yn de waermte fan leauwe en liifsbihâld.
De dea forstivet it lichem,
Swarte tsjeaken klamje de siken yn.
Wurdt bifrijt fan syn eangsten.
Foar de glierflecht nei it libben.
Klinkt it gesang foar de Troanen.
Alters forsnije it offer,
Wjerljocht ûntstekt it fjûr
Eardat it Gloaria útbrekt út de dizen.
Lykwols gegûl nei it grêf,
Formannichfâldiging fan it fortriet.
| |
| |
| |
3
It tsjerkhôf seis meter heech,
Hwat moat ik dêrfan fortelle?
De dieren bifrette de grêven,
Jouns biwazemet de dauwe it gêrs
Dat de meander efterlit om to fortoarkjen.
De siken fordampe kjelterich,
Driuwe as wolken oer de terp.
Untlûke it oan de herinnering.
De lampen bringe ús byelkoar.
It suchtsjen en kleijen oer it libbensein.
Forwoune troch de mannichte fan dagen,
Driuwt it each op de Foarsjennichheit,
Mei in foarstlik hinnegean,
Stoarjend yn de wissichheit fan tradysjes.
Wurch en oerjown oan de himel,
De neibisteanden hechtsje har oan it witten:
In romte hjirboppe, lau fan waermte,
Hynders drave troch de greide,
Hoeven droane troch de groun.
Rjemme leit oer de molke,
Der wurde bern oanset yn it tsjuster,
Berne yn eangst, weefsel fan flesk,
Opgean, blinken en forsinken.
| |
| |
| |
4
Hjir lizze geheimen en skatten
Fan in wrâld dy't ik yn oantinken hâld.
(In forbliuwende oanwêzige).
Hjir treast ik my oan de ekers,
De ierde, de deadekrânsen,
It forgean fan de frucht.
Lûk ik de oanwêzichheit fan de deaden yn twivel.
Himelingen, mei retoryske galmen.
Lep en tou, symboalen fan ús twivels.
De houten bier mei de tomôge hânsels,
In antyk stik om to laitsjen.
De slokterms fan de fûgels binne
Elastysk en yn droege tastân
Snuorret men dêr de mûlen fan de stoarnen mei,
Lykas munten moaije eachkassen foarmje.
Smeit in ûnwerklik wurktúch tsjin myn biwearing.
Ik bliuw stean tusken de stekken en stiennen,
Ut follerlei ynsjoch ta stân kommen,
Mei breklike tsjûgenissen yn stân hâlden;
In werklikheit foar de neibisteanden,
De gûlenden dy't smeekjend de Minskesoan
Flets is de wierheit tsjinoer de timpels,
Dy't har tradysje oan de dei lizze.
Forrizenissen, wjukken fan forbylding.
Mei gauwens sil ik wêze dy't ik bin:
Sillich en frij fan biklach.
|
|