Trotwaer. Jaargang 4(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] Bartle Laverman Wie der it wunder ik hie de dagen teld de weetkerrels út myn hân struide ik rije sinnewaermte en grounwetterstân de wizerplaten my forsprutsen ik wachte woartel en fiskfleis my sêdde de stjerren my de tiid foarliezen de lêste sânkerrel út myn eagen foel wie dêr it wûnder myn laits it bledrûs oerstimde bipearele myn eachfocht it gers [pagina 162] [p. 162] Hwat better to dwaen hwat better to dwaen as de tûken wer opsette de stamjas fan de souder opfandele om 'e skouders de woartels út dyn fruchtwetter folje de keamer fannijs mei de wéë rook fan eartiids dyn ûrglêstiid forgetten setst' dy toplak tusken de beammen weromlutsen op dyn kearn en ûnkundich fan berte en dea [pagina 163] [p. 163] Pastorale myn klimplanthannen welle sykjend oer dyn boarsten dyn heare dyn hoeder span ik myn woartels om dyn billen dyn suchtsjen dyn switten myn rein en myn wyn yn it flues fan dyn eagen sjoch ik Eva myn dochter geikjend ûnder hounetong [pagina 164] [p. 164] Ik homunkulus god it meast folje ik de sfearen oarlochslieten psalmen fan myn lip gjin skaed op myn paed forneare myn liif yn fellen waermet by it fjûr fan de beam spotsk hear ik noch syn blêdden: de skimer fan it wâld makket dyn lûd sa stil... Vorige Volgende