‘Ja, ja,’ ûnderbriek menear Cohn him. ‘Healwei njoggenen bist by muoike Léa wei gien, en hast doe salang wurk hawn?’
‘Ja, heit!’ Ik bin in tún ynglûpt, en ik wist dêr net sa goed it paed. En doe kaem ik sa oan 'e oare kant wer út, ik wit net mear hoe't dy strjitte hyt, en doe moast ik wachtsje oant der gjin minsken wienen, en sa gie it hyltyd.
‘Och, stumper,’ sei mefrou Cohn. ‘Hwat in reis, jonge.’
‘Ja, Joazef, as heit dat witten hie, hie heit dy net fuortstjûrd.’
‘It kin my neat skele,’ sei Joazef. ‘Mar hwat soene se wolle, heit?’
‘Miskien... ja, ik wit net, jong.’
Joazef swolge it glês molke op.
‘Jakob sei, menear Godthelp, nou, dy...’
‘Ja, dat wisten wy al,’ ûnderbriek mefrou Cohn him. ‘Menear Godthelp is stoarn.’
‘Hy is ûnder de tram kommen, sei Jakob.’
‘In raer ûngemak. Hy is stroffele, sizze se,’ sei mefrou Cohn.
‘Hy is net stroffele. Se ha him foar de tram dondere!’ skreaude Rebekka ynienen. ‘Jim lige! Jim witte it wol better! Se ha him foar de tram dondere! Se ha him foar de tram dondere.’ Se snokkere en skokte mei har smel lichem. ‘Kom,’ sei mefrou Cohn, ‘kom even mei, Rebekka. Drink in bytsje wetter. Mem bigrypt it wol. Kom mar, famke.’
‘Rebekka is in bytsje fan 't hynder. Dat moatte jim jim suster net kweanimme. Hwat sei muoike Léa, Joazef?’
‘Nou, se woe net, sei se.’
‘Se hat dochs wol mear sein? Hast de brief wol lêze litten?’
‘Jawis!’
‘Nou?’
‘Se woe 't net, sei se.’
‘Mear net? Hat se oars neat sein?’
‘Nou né, dêr kaem it op del’
‘Hwat hat se krekt sein, Joazef?’
‘Se sei: siz mar tsjin jim heit-en-dy...’
‘Hwat?’
‘Se sei: jim heit-en-dy... Ik siz it net!’ rôp er ynienen wyld.
‘Dou kinst dochs wol oerbringe hwat jim muoike sein hat!’ sei menear Cohn twingend.
‘Hwat is hjir to rêdden?’ frege mefrou Cohn dy't mei Rebekka weromkaem. ‘Hy wol net sizze hwat Léa sein hat.’
‘Dat hoecht ommers ek net. Stil mar, Joazef. Dou kinst ommers wol bigripe hwat Léa sein hat.’
‘It is dyn suster,’ sei menear Cohn birêstend.
‘Ja, dat bliuwt se, al woe se tûzen kear dat it net sa wie. Mar 'k bin bang dat har meikoarten wol yn 't sin brocht wurde sil dat wy út itselde nêst komme.’