[Myn wolven en bearen (vervolg)]
Clanfoarming, it mjitten mei twa mjitten en it fierstentofolle weromsjen nei it âlde, biwende springe út alles hwat ik hjir skreaun ha foar it ljocht. Dat binne de wolven en bearen dy't ik op de Fryske diken sjoch. Mar se binne der net. Dêrom wolle de lju dy't se rinne litte der gjin praet oer ha. En oare lju dy't se ek wol sjogge, dogge neat om se to fangen.
Deselde wolven en bearen sille grif op oare diken yn de wrâld omstrune. Mar foar in lytse literatuer binne se it gefaerlikst. My tocht, it Fryske literaire wrâldtsje soe letterlik to lyts wêze en to faei stean om bod to jaen oan clanfoarming, it mjitten mei twa mjitten en weromsjen. Ik ha my forsind. Fiif jier hat my lang genôch west om to sjen dat alles by it âlde bliuwt.
Dêrom stap ik der út.
maert 1972.