[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
as om it literaire. Dyn wiidweidige korrespondinsje mei dizze en jinge, en dyn anti-kritiken wize ek yn dy rjochting.
De âlde kunst fan it briefskriuwen bin ik troch sjarmeard. De brief is in hiel direkte foarm fan kommunikaesje. Oan de iene kant is it in soarte fan praten, dou hoechst dêr net nochris in literaire foarm foar to sykjen. Oan de oare kant freget de brief dochs om formulearring. Dat is foar dysels forhelderjend, en effektiver as lange petearen en gearkomsten foaral, dêr't ik in hekel oan ha.
Ik haw hiel sterk bitrutsen west by myn skriuwerij. It hat in part fan myn libben west. Ik ha net de koele taskôger west, dêrom is de tobekslach troch it ûntbrekken fan respons sa great.
It meielkoar dwaende wêzen is foar my it bilangrykste. Ik hoech neat kwyt, ik ha gjin boadskip. Dat solitaire fan it skriuwerskip leau ik net sa yn. Mar myn wurk is miskien ek mear in oergongsfoarm.
Hwat dy anti-krityk oangiet, ik haw ris in skaekpartij fan Pillsbury tsjin Lasker analisearre. Dy party heart by de likernôch fyftich meast publisearre en klassike partijen út de skaekliteratuer. Ik foun út dat de gongbere ynterpretaesje fan dy partij - ntl. dat wyt troch in bipaelde kombinaesje fan setten tsjin swart gjin kâns makket - to wjerlizzen wie. Skaekmaster Lodewyk Prins joech yn it Parool ta dat myn fisy in nij ljocht op dizze partij smiet. Moast ik nou foar de leave frede en út earbied foar de greate nammen myn snút hâlde?
It giet my yn myn réaksjes op kritiken om de saek, om de biglieding en om de twivel oan de iensidige ynterpretaesje en de fêste noarmen.
Goed, ik bin der yn sa'n gefal sels by bitrutsen. Mar ik fal it oardiel fan de kritikus net oan, allinne de lakunes yn syn oanpak, syn kenlike ynformaesje. Ik freegje om de romte foar in nije foarm. De rounte is sa lyts dat ien bisprekker faek it lêste wurd ha kin. Dat giet to fier. En op foaroardielen mei men dochs yngean? It tafallige gebrek oan affiniteit mei it produkt kin it kreakje omt de binadering tofolle út ien hoeke komt.
Sjoch, in wurkbeurs fan C.R.M. seit my net safolle, dat is noch gjin respons op jins wurk. Yn dat ljocht moat men ek de fûle oanfallen en de skellerij sjen dy't Trotwaer in pear jier lyn op sa'n minne namme brochten. De útdaging wurdt net oannaem, en om dochs diskusje en werwurd út to lokjen wurdt hieltyd fûlder tsjin persoanen en ynstellingen oanskopt. Dan krigest dy overcall dy't op it lêst dan wolris bûten forhâlding groeije kin.
Hiest yn it skriuwersboun gjin oansluting fine kind, of is dat dochs wer tofolle it noflike rountsje mei de selsoerskatting?
Ik haw der lid fan west. Mar dêr hast wer sa'n frjemde ambivalinsje. It boun wol én fakorganisaesje wêze én trefpunt. De ploech is ek fierstento heterogeen, de motivaesje foar it lidmaetskip moat tofolle útelkoar rinne. Dat ympressariaet foun ik in goed idé. Mar ast dan wer hearst dat der in symposium holden wurde sil oer persoanlike skelen dan bisaust dy dochs ek? Ja, dat neam ik selsoerskatting. Typearjend wie ek de fraech forline hjerst by de opjefte foar dielname oan boekejounen: mei hwa wolle jo perfoarst net op deselde boekejoun forkeapje? Dat fyn ik binaud. Ik haw neat tsjin in Noordmans of in Smit of in Dam as persoanen, mar tsjin de dingen dy't se sizze of dogge of krekt net dogge. Né, it is allegearre hwat knoffelich: in oardelsintspriis en dy Oesdrip mei syn bitinkstikjes, jierdagen en krúswurdpuzzels.
Binne it soms dochs wolris ‘wolven en bearen’, miskien?