Net meidwaen
Opfallend is it net meidwaen oan inisiativen dy't út in oare hoeke wei komme as hwer't de Fryske skriuwers sels sitte. Douwe Tamminga bikroadet him yn De Strikel oer it feit dat der op 't heden trije literaire tydskriften yn Fryslân binne: in forsplintering fan talint en wurkkrêft. Trotwaer hat bigjin 1970 bisocht in brede redaksje to foarmjen. Dêryn soene lju fan Sonde, Operaesje Fers, It Skriuwersboun en Trotwaer in sit ha. (Alternatyf bistie noch net) Hwerom hat Tamminga doe syn stim net hearre litten?
Febrewaris 1971 stjûrt Operaesje Fers in oprop om kopij roun. De Fryske line is op stjerren nei dea. Hwat skriuwt Wybren Veeman my yn april? ‘Op 'e oprop om kopij yn febrewaris hawwe in tweintich lju réagearre, hwerûnder trije dy't wy as skriuwer yn it Frysk koene’. Nou binne dy tweintich fansels in moai protsje. Mar dêr giet it hjir net om. It giet hjir om de trije dêr't fan bikend is dat se skriuwer yn it Frysk binne. De konklúzje fan Veeman is dan ek dúdlik: ‘Om 'e Fryske skriuwers kin Operaesje Fers wol ophâlde!’ As it inisiatyf al sympathyk is en eins ta meidwaen noeget, is it sa maklik efter de rêgen fan de taskôgers wei to krûpen. Joop Boomsma op 18-10-1970: ‘Tûzen goune foar de KU ha'k net, oars hie'k by de start fan de Koperative wol fan my hearre litten, hwant it idé sprekt my tige oan’. Ik andere dat foar dy tûzen goune wol in regeling to treffen wie. Deselde Boomsma op 13-8-1971: ‘Oer de KU noch eefkes dit. Ik stean der noch like posityf foaroer as eartiids. Mar it biroerde is dat ik der op dit stuit net mear sa bot yn leau. It hat sa njokenlytsen tinkt my wol bliken dien dat de animo foar de KU by de Fryske skriuwers, útjowers, biwegingsminsken..... net al to great is’. Ik ha andere dat Boomsma net ôfgean moat op de miening fan oaren, mar op hwat er sels oer de KU tinkt.