[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
binadering, de ballêst fan de ideology, it provinsialisme, ensfh. Dan giet it net om tapaste literatuer. De resinsjes yn de ‘Ljouwerter’ b.g. dogge de literatuer mear skea as goed, omtst dêryn meastal dy frjemde weardeforskouwing krigest, dy't in bûtensteander kopskou makket en de incrowd yn syn foaroardiel forsterket.
Is men qua mentaliteit en foarm net fuort frysk dan jilde forglikingen mei nederlânske of bûtenlânske foarbylden. Oars kin men mei in yntern fryske forgliking ta. Dat is twaslachtich. As men gjin affiniteit mei it wurkstik hat en men fielt jin ûnwis, bliuw der dan leaver ôf.
Folklore en promotion. En anneksaesjetendinsen faeks ek (Theun de Vries nou wer b.g.)?
Ja, dêrom kin hiele Fryslân mobilisearre wurde as b.g. in skaker as Tim Krabbé dat prachtige reedtsje yn 'e fryske Wâlden net weromfine kin. Mar as wy in radiopraetsje foar de N.C.R.V. b.g. in gedicht yn it frysk foarlêze dan heart men dêr neat oer. En hwat is nou winlik fan mear bitsjutting as it dan dochs om dy promotion giet? Dat binneKrabbé en it Grouwster Sjongkoar.
En yn 'e literatuer giet it net oars.
Hwat nukt my stavering en twatalich ûnderwiis. Mar der bistiet ek noch in bifoardering fan it frysk yn geast.
De kartoenisten, de kabaretiers, de skriuwers dy't it frysk achter har litte - yn tael en mentaliteit - wurdt dat kwea ôfnommen. Se binne forrieders. Mar as se it makke ha dêrjinsen wurde se lang om let as helden fêteard en yn de fryske rounte ynhelle en suver anneksearre.
Forhellest net hwat op 'e tael en de groep dy't dêrmei anneks is, hwatst eins it literaire medium oanwriuwe moast? Mear in algemien artistike argewaesje dus as in typysk fryske?
It is wol sa dat ik my yn it literaire net uterje kin sa't ik wol woe. Mar dêr is wol dy fryske omstannichheit debet oan: de lytse taelgroep, de biheinde romte foar it ôfwikende, de folksaerd en de ideology, de kriteria ensfh.
Mar it visuéle fan de byldzjende kunst is út syn aerd universeler. Dêr fiel ik my bisibbe mei. Eartiids haw ik frijhwat tekene en skildere en dat hat my mear foldwaning jown as myn skriuwerij. Dou hast der ek folle mear fet op, fyn ik, as op in forhael, in roman. In skilderij kinst better oersjen en is better to korrigearjen, en is boppedat foar folle mear ynterpretaesjes fetber. In literair produkt is faek mar foar in part of op in pear ûnderdielen slagge, selden as gehiel.
Mar it leafst soe ik komponearje en dan - dou kinst der om laitsje - binammen operettes. Muzyk forbynt alle eleminten fan oare media yn har, liket my. Né, ik haw der spitigernôch gjin perspektyf yn.
Ik hâld fan de lyryk en de romantyk, mar dan fan dy dy't teffens in parody op harsels binne. Dy dûbelde ynterpretaesje fyn ik moai. Offenbach is dêr in master yn. Dy lit b.g. op in lidwurd in geweldigen aria sjonge, wylst er de leafdesforklearring dêr't it by einbislút om giet koart en droech ôfdocht.
Ik hâld fan foarmen dy't opelkoar botse, dy't yn tsjinstelling ta mekoar stean; in stripforhael yn sonnetten b.g. Ik moat tradisionele foarmen brûke to wille fan de parody. Ik balansearje graech op 'e rânne fan hwat kin en net mear kin, fan it sentimintele en de parody dêrop, fan dat lytse bytsje dat noch krekt in fers makket of krekt net mear. Dat bringt de lêzer oan it twiveljen, ja.
Ut dyn hiele wurk suver docht bliken dat it dy mear om it kommunikative giet