Mjitte mei twa mjitten
Trije foarbylden fan ûngelikense soarte, mar dochs wol ûnder ien bineaming to biflappen.
By de Rely Jorritsma-priisfraech 1968 koe neffens de jury in forhael fan likernôch 12.000 wurden net yn de bineaming komme foar bioardieling, omt yn de ynstruksje stie dat it maksimum likernôch 5.000 wurden wêze moast. By de Rely Jorritsma-priisfraech 1969 stelde - op ien man nei - deselde jury út in forhael fan likernôch 800 wurden in heale priis to jaen. Yn it earste gefal wurdt in forhael dat hwat langer is as twa kear it maksimum net bioardield. Yn it twadde gefal wurdt in forhael dat hwat koarter as de helte fan it minimum bikroand. Faeks binne der lju dy't sizze dat it earste forhael 7.000 wurden tofolle hie en it twadde mar 1200 to min. Sokken moatte ek úthâlde dat in forhael fan 100 wurden earder yn de hineaming foar bioardieling komt as ien fan 7.000 wurden.
Yn De Strikel fan maert 1970 skreau Freark Dam: ‘Van der Leest (smyt) him op it Frysk, it lampefrysk. Hwat er dêr as dichter mei birikt hat kin ik as eksperiminteel literair sljödwurk wurdearje en ik leau ek grif dat de faklju, bidriuws- en taelblyn as hja wurde kinne, der grif hwat oan ha kinne - foarsafier't hja al net earder by greatere útlânske foarbylden (ik neam nou allinne mar de namme fan Christian Morgenstern) yn de lear gien binne’.
Yn in brief oan Dam makke ik de opmerking dat ik it skriuwen fan sokke sintsjes in bytsje mislik foun. As elke Fryske auteur mei greatere útlânske foarbylden forgelike wurde moat, hâld der dan mar daliks hielendal mei op. Ik frege Dam dan ek hwerom't er yn deselde geast bygelyks net in forgeliking makke tusken Wadman en Nabokov.
Dam andere my dat it skriuwen fan sokke sintsjes hwat fan in ‘kunstje’ ynhie.
De niget om itselde kunstje op alle Fryske skriuwerij, oant en mei Wadman, ta to passen gyng him yn prinsipe ek net to fier. Allinne foel it neifolgjen yn poëzij wol folle sterker yn it each as yn de regel op it folle ‘feiliger’ mêd fan it proaza. Dat lêste sjoch ik net yn en it ‘kunstje’ fan sokke sintsjes kin ik ek net neikomme. Boppedat - mar dat koe Dam net witte - hie ik op dat stuit noch noait hwat fan Morgenstern lêzen. Wol fan de Ingelske ûnsin-dichter Edward Lear, hwaens wurk in hiel oar karakter hat.
Dam jowt yn syn brief ek earlik ta: ‘De klacht dat de kritisi oer it generael