[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
alles by it âlde bliuwt. Dêrom stap ik der út’.
Ik haw my forsind yn de mooglikheit om mei in lyts ploechje in soarte fan avant-garde to foarmjen; en ek yn it publyk dat dêr it klankboerd fan wêze moatten hie. Ut sa'n aktive kearn hie in stimulâns fuortkomme kinnen foar de fryske literatuer en de fryske skriuwers. Ik soe ek noch wol trochgean wollen ha as der mear respons to forwachtsjen wêze soe. Mar yn dy fiif jier is der neat foroare.
Ik ha neat murken fan in mentaliteitsforoaring.
Ik moat út 'e romte, út de frijheit skriuwe. Ik moat der aerdichheit oan ha. Dat kin ik yn it frysk net mear opbringe. Dêryn soe ik hwat langer hwat mear út de argewaesje wei skriuwe. Foar in kear is dat wol aerdich, lykas yn ‘Bargebiters, bûltsjeblazers’. Mar dat kin net duorje.
Ik haw altyd hope op in iepen en solidair meielkoar oparbeidzjen omt sa'n lytse taelgroep en sa'n lytse literaire rounte sterk stean moatte. Mar it is krekt sa't M.J. de Haan my ris skreaun hat: idéalistysk sjoen is dat stribjen to rjochtfeardigjen, mar rasioneel sjoen moat men konkludearje dat in kenmerk fan in efterbleaun gebiet de groepsfoarming, de clan is. Dy bislettenheit, dat bihâldende kin ik net fierder mei. Myn oalje is hwat dat oanbilanget opbrând.
Mar jildt dat allinne foar it frysk? Is de kategory ‘literaire’ skriuwers ek net bûten forhâlding great?
Dat jildt miskien net allinne foar it frysk, mar foar elke lytse taelgroep. It frysk is nou ienkear myn situaesje. Mar hwerom hat Yslân b.g. wol meispile yn 'e wrâldliteratuer en Fryslân net?
Dy literaire ambysje is neffens my ek wer typearjend foar it swiersettige karakter fan de literaire produksje. De utering fan eigen emoasjes is in earnstige saek en it produkt dêrfan wol serieus nommen wurde. In kwestje fan folksaerd, moast tinke.
En ast dy literaire lading, siz mar, weitinkst, bliuwt der net folle fan oer. As Pietersen syn winsk yn forfolling gean wol - mear detektives, doktersromans ensfh. - moat der earst in nije generaesje skriuwers opstean. As it fan de ‘literaire’ ploech komme moat komt it noait. Dan krigest wierskynlik technyske en emosionele wanprodukten.
Der mist in brêge tusken dy âldere epyske romanliteratuer en de tsjinwurdige.
De âldere generaesje fynt neat mear fan har gading. En de jongere hat gjin entree omt it genre moderne ûntspanningslektuer alhiel ûntbrekt.
Dat bringt ús by de noarmen dy't de literaire appresiaesje to úzes bipale. Mentael moat men dochs wol oan in pear bitingsten foldwaen wol men it by in greate rounte helje. De eksponinten dêrfan yn kranteresinsjes b.g. meitsje dat wol dúdlik.
Ja, it ‘gewoane’ is normatyf foar it ‘goede’. De mentale oriëntaesje op in breed publyk is dêrom sa wichtich omt it de measte kâns jowt dat der frysk lêzen wurdt. Om dy ideology komt de literaire kwaliteit op it twadde plak en binne guon ek noch wol ré om it kwalitative lek en brek hwat oer to sljochtsjen.
Sjoch, Rink van der Velde skriuwt foar in great publyk, en dêr is neat op tsjin. Mar as dy oanpriizge wurdt as in modern frysk skriuwer siz ik dat is ûnsin. Yn tinkwrâld rint er eins lykop mei b.g. in Paulus Akkerman. It binne ek de âlderen wer dy't har yn dy boeken weromkenne.
Ast in drs de Vries hearst foar de RONO dan witst alteast dat er dwaende is mei it literaire produkt op himsels. Dan fielst net dy ballêst dy't oaren meislepe yn har