Iensidige foarljochting
It is spitich dat de aktuele foarljochting oer nije Fryske boeken of boeken dy't mei Fryslân to krijen ha suver allinnich fan de Ljouwerter Krante komme moat. Fansels, de tydskriften bisprekke ek boeken, mar dy ha in oare funksje. By in krante giet it mear om krityske ynformaesje oan it publyk, by in tydskrift om kritysk hifkjen foar insiders.
It seit himsels dat de Ljouwerter Krante de boeken út har eigen Gurbe-Rige fuortendaliks bisprekt. It sprekt al minder dat oare boeken faek in heal jier lizzen bliuwe foar't se oan bod komme. (Retour Juster fan Tjitte Piebenga en In Kwesty fan Hûd fan Leo Popma bg.). En it is hielendal ûnbigryplik dat noch wer oare boeken noait bisprutsen wurde.
Noordmans sels bispruts de earste roman út de Gurbe-Rige. Freark Dam naem de twadde, fan Rink van der Velde, foar syn rekken. It Fryske skriuwerswrâldtsje is mar lyts en in soad boekbisprekkers binne der ek net. Mar hie in man mei hwat mear distânsje se net bisprekke kind? Durk van der Ploeg hat dochs de lêste forhalebondels fan Riemersma en Piebenga yn de L.C. bisprutsen?
Wy - Riemersma, Van der Zwaag en ik - hiene graech oan Klaas de Wit frege ús fersebondels yn de Ljouwerter Krante to bisprekken. Fanwegen de politike-partijbining tusken De Wit en Van der Zwaag ha wy der sels fan ôfsjoen.
It boek fan Fenno Schoustra oer de Alvestêddetocht krige breed útmetten in plak yn de Ljouwerter Krante, deselde wyks dat it forskynde. It tinkboek fan fuotbalforiening Heerenveen, útjown troch de Koperative yn 1970, is noait omtinken oan jown. (Net sizze: wy ha it noait krigen; in journalist fan de L.C. hat it op de Kunstmerk yn 1970 foar in bisprek meinaem) Ik wit wol, der is forskil tusken in standertwurk en in ienfâldich tinkboek, mar it forskil is lytser as tusken in protte en neat. Ek in oare, Fryske, útjefte fan de Koperative Utjowerij hat yn de L.C. noait omtinken krige: Ien foar't Ofwennen fan Rink van der Velde.
De RONO bisprekt hast wol alles, mar makket gebrûk fan subtile forskillen yn tiid. Trije dichtbondels fan Riemersma, Van der Zwaag en my wurde der meiinoar yn trije menuten trochjage. Itselde bart nochris mei bondels fan Jan