[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
Ik mei graech it klisjé brûke, mar dêr sit dan faek wer de parody op it klisjé achter. Dat freget al mei al in biskate lêsûnderfining. En ik wol neat sizze oer it fryske lêzerspublyk, hear, mar de greate rounte mist dy ûnderfining. De fryske literatuer is by einbislút ek frijhwat tradisioneel.
Hoewol't myn wurk faek op Fryslân bitrutsen is, is it, tink, de toan, de wize hwerop, dy't as frjemd, as net-frysk, as net eigen oerkomme. In boek as ‘Griken, Geiten, Gekken’ fan Van der Velde b.g. is - hoewol't it in ein fan hûs spilet - frysker as myn ‘Komme dy Kepers?’, dat yn Fryslân spilet. En it forskil dêrtusken, omskriuw dat nou marris. Mar dat is biskiedend foar de weardearring by in hwat greater publyk. Ik bring de lêzer graech op 'e doele. Dat makket him ûnwis, de kritisi ek. Hja falle leaver werom op bitroude foarmen dy't fêstichheit jowe.
Hie it eksperimint en in avant-garde wier gjin kâns? Operaesje Fers wie der dochs b.g., en de rounte dêromhinne?
It moaiste foarbyld eartiids foun ik ‘Broadtsje healom’. Dat wie in ynisiatyf fan in pear man, dy't literair wier sa sterk net oanelkoar bisibbe wiene. Mar dat wie in ympuls, dêr't even fûl op trocharbeide waerd. Gjin lytse skelen, gjin gekrimmenear en nei fjirtjin dagen wie dy bondel útforkocht. En dan wer hwat oars. Dêr hâld ik fan. Ik hâld fan lytse stuntsjes en dêr dan net to lang oer trocheamelje. Dan hast gjin kwaliteit foar jierren. Mar dan hellet wol it iene it oare út.
Mar der stiet gjin kontinuïteit yn, dêrfoar wie der tofolle yndividualisme.
En de kontakten mei Operaesje Fers en letter yn de redaksje fan Trotwaer ek, moat men net oerskatte. De kontakten mei de oaren dêrre wiene fansels foar it greatste part rjochte op allerhande administrative, technyske en organisatoaryske saken. Dan is men tofolle saeklik dwaende. Dêr bliuwt dan to min tiid en gelegenheit oer foar kontakten dy't literair hwat opsmite.
Koartehimmen, opset en lieding? Hast dêr risseltaet fan sjoen?
Dêr hie ik nou hwat fan forwachte. Dat wie hiel konkreet. Ik haw altyd hope dat ik dêr wei komme soe dat ik tocht, nou haw ik byt. Al soe ik dêr mei pineholle weikomme - en dan ris net fan de reek en de drank - dat koe my neat skele. As ik it gefoel mar hawn hie dat dêr hwat dien wie en dat der risseltaet fan to forwachtsjen wie. Dat hie in workshop wurde moatten.
Mar hwat hiene je oan dy sawntich gedichten dy't foarlêzen waerden? Dêr hie folle yngeander op ien of oar manuskript yngien wurde moatten b.g., en dat dan ek hielendal oeral helje.
Ja, it hat oan lieding en organisaesje ûntbrutsen. En de mislearring komt ek fuort út it ôfglydzjen nei it lytse rountsje fan jonges ûnderelkoar, dy't it by einbislút giet om de noflike joun. En as it dat net wurdt krigest gjin kop. En dêrmei is de sirkel dan wer sletten.
De plannen foar Operaesje Fers wiene al fierhinne klear, dy binne yn Koartehimmen allinne noch hwat mear útwurke. En dat plan foar dy kollektive roman is ek op 'e non roun.
Op Koartehimmen hiene jonge skriuwers hwat opfongen en coached wurde kinnen. Mar it is dêr allegearre neat wurden, foar my.
Bisykje nochris to omskriuwen hwat dy krekt ta dyn bislút brocht hat. Dou hast ris skreaun: ‘Ik ha my forsind. Fiif jier ha my lang genôch west om to sjen dat