[Myn wolven en bearen (vervolg)]
‘naeit fuort’ soe wêze moatte: ‘naeit út’. Hwa't myn Ballade en Bea út Practicum better lêst, sjocht sels wol hwerom't it yn dit gedicht krekt al ‘naeit fuort’ wêze moat.
Slimmer foun ik, né, net de krityk op myn min Frysk yn Komme dy Kepers? sels, mar al it forswijen fan eigen tokoartkommen troch de lju dy't dit boek yn it iepenbier bisprutsen. Hwat wie it gefal?
April 1969 lies ik op in Skriuwerswykein yn Koartehimmen 25 siden fan it manuskript foar. Dat wie it fiifde part fan it hele boek. Ik frege de oanwêzigen binammen krityk op myn Ftrysk to jaen. Mear as it meartal ‘buorden en ‘it matras’ kaem der net út. Ik ha de matras stean litten, sa stie it yn myn wurdboek, twadde diel, Nederlânsk-Frysk. By dy gearsit wiene ek Jo Smit, Tiny Mulder en Ype Poortinga, meiwurker oan it wurdboek, oanwêzich. Nou wit ik wol dat flaters yn in tekst dy't inkeld oplêzen wurdt net sa maklik to ûnderskieden binne. Mar as tweintich minsken op 25 siden der mar twa úthelje, is dat fierstentomin foar in taeltsje dêr't letter fan sein wurdt dat it ‘een troep’ is. (Tiny Mulder foar de RONO)
Smit bispruts Komme dy Kepers? yn Trotwaer, Tiny Mulder die it dus foar de RONO en Poortinga joech in karakteristyk yn it tinkboek foar de kommissaris. By alle trije makke myn Frysk it greate negative elemint út. Net ien hat yn it iepenbier hwat ljocht op de foarskiednis falle litten. Net ien hat yn it iepenbier tajown dat der oan har kritiken in stikje ynformaesje hapere. Wylst Smit sels ris skreaun hie dat jonge en bigjinnende skriuwers yn it Frysk ‘coached’ wurde moasten.
Ik bin net in foarstanner fan anti-krityk. Mar foar Komme dy Kepers? ha ik in pear anti-kritiken skreaun. Ek ien tsjin Jo Smit yn Trotwaer. It spyt my noch dat Smit net op dy anti-krityk yngien is. It hie in moaije oanrin ta in polemyk oer it literaire gebrûk fan it Frysk wurde kinnen. Trotwaer stie destiids fol fan persoanlike skelen. Dit hie in algemien ûnderwerp west.
De treast fan Rink van der Velde: ‘Lit de pommeranten mar rabje’, seit my net safolle. It feit dat ik letter foar Komme dy Kepers? in oanfoljend honorarium krige ha ek net. Likemin kin de wurkbeurs dy't my takend waerd om in forfolch to skriuwen de pil forguldzje. Dat is jild. It giet my om in oprjochte bihanneling. Ik bin mar in gastarbeider yn it Frysk. Dêrom hinget myn skriuwerskip krekt fan dy pommeranten ôf. It hinget der namsto mear fan ôf omt ik gjin boeken foar in breed publyk skriuw. Ik soe dat wol wolle, mar ik kin it net. Myn wurkterrein leit yn it net-libbensechte, it kunstmjittige, de kolder, it boartsjen mei tael en frjemde kombinaesjes. Mar in inkeling hat der aerdichheit oan om soks to lêzen. Yn de regel sille dat lju wêze dy't hwat mear lêsûnderfining ha, dus de pommeranten.
Hwa't in lêzerspublyk hat, kin de pommeranten wol rabje litte. Syn publyk jowt de pommeranten wol ûngelyk. Hwa't mar troch in pear inkelingen lêzen wurdt, moat mei de réaksje fan de pommeranten ta. As dy it spylje sa't se it mei Komme dy Kepers? dien ha, giet de nocht om werris hwat nijs to bisykjen der goed ôf.