[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
wrâld om my hinne. Myn wurk is ekstravert en bliuwt mear oan it oerflak. De biheining fan it medium haw ik net sa field. Mar ik kin my yntinke dat in skriuwer dy't hwat fan himsels kwyt moat, dy't slim persoanlik by syn wurk bitrutsen is en in psychologyske djipgraver is, soms muoite hat om him adekwaet út to drukken.
Yn it bigjin koe ik de draechkrêft fan biskate fryske wurden net, wist ik eins net oft se forâldere wiene of net. Myn taeltsje wie miskien nuver apegryksk, mar ik koe dat sels net bioardielje.
Allinne as ik moadewurden brûke moat, dan bin ik der ôf. Dy kinst yn it gunstichste gefal wol yn it frysk oersette, mar dan komme se net oer, en dou hast gjin frysk. En binammen it jargon, de moade yn de tael jowe in stik sfear en eigens oan jins wurk, dy't de linigens en flottens der fan útmeitsje. Winlik bringst dêrmei in frjemd elemint út it hollânsk yn it frysk oer. En dan is men by de foarm oanbilânne dy't mei de appresiaesje fan jins wurk bipaelt.
It kunstmjittige is bilangryk foar myn wurk. As ik dêr bûten kom haw ik ek mear muoite mei it frysk. Yn in sljochtwei jongesforhael b.g. moatst de tael en it taeleigen brûke dy't dêr yn hearre. Dat is de sprutsen, libbene tael. Dy ken ik net, hwant dy sprek ik suver noait.
It wrakseljen mei de tael jildt fansels net allinne foar it frysk. Mar it frysk hat gewoan it neidiel der op ta fan de lytse taelgroep. Dêrmei wurdt de forhâlding ta it medium ûndúdlik, emosioneler. Men wurdt yndirekt as taelpropagandist sjoen.
Dou neamst dysels in gastarbeider yn it frysk. Fynst dat feit op himsels honorabel, en hast dy dêr by foarrie mei dekke wollen?
Ik bidoelde dêrmei dat ik út in oar klimaet wei skriuw as de measte fryske skriuwers. Geografysk en mentael. Ik woe der ek mei sizze dat ik wol foar de fryske literatuer arbeidzje woe, en net inkeld foar myn eigen emosionele bifrijing of sa. En fierder haw ik dêrmei sizze wollen dat ik net sa maklik kontakten krige yn it fryske skriuwerswrâldtsje.
Né, ik fyn it feit fan yn it frysk skriuwe net honorabel, en ik wol my dêr ek net mei forûntskuldigje as it giet om de kwaliteit fan myn tael. Ik fiel my net de profeet dy't yn eigen lân net eard wurdt, hielendal net. Jan Bylsma sei op Koartehimmen ris: se meije bliid wêze dat wy noch yn it frysk skriuwe; mar sa sjoch ik it net.
Mar ik rekkenje al op fair play. As ik op Koartehimmen in fyfte part fan ‘Komme dy Kepers?’ foarlês en der wurdt amper ien wurdt sein oer myn frysk, wylst deselden letter yn bisprekken fan datselde boek losbrânne, dan fiel ik my bidondere. En al waerd der dan yn sa'n bisprek mar even refereard oan de bihyplike omstannichheit hwerút men skriuwt. Ik haw it gefoel dat men deselde kânsen net kriget omt men om utens wennet.
Werom nei de foarm fan dyn wurk en de weardearring dêrfan.
Ik bin gjin djipgraver, it boartlike, de parody sa't ik al sei, it kommintaer op de wrâld om my hinne, dat is it foar my. By oare fryske skriuwers fyn ik suver neat werom dat mei myn wurk oerienkomt. Joop Boomsma hat wolris hwat makke dat yn myn rjochting kaem, mar dat is ek hast de iennichste.
En dan ‘it publyk’. Guon ha my wolris sein dat ik my forsind haw yn it potinsieel yn Fryslân. Dêr ha se wol gelyk yn, leau'k. Ik ha der tofolle fan forwachte.