[Myn wolven en bearen (vervolg)]
‘Der waerd ornearre - soks nei oanlieding fan in brief fan Reinder van der Leest - dat oan de N.V. Friese Pers frege wurde moat om njonken goed rinnende romans yn de nije Gurbe-Rige ek oar wurk út to jaen en dan binammen poëzij’. Fan it Skriuwersboun sels krige ik gjin antwurd.
Foarjier 1971 stjûrde Douwe Tamminga my in brief. Dêryn skreau er dat er by himsels tocht hie: Soe nr. 3 yn de Gurbe-Rige net in boek fan R.R. van der Leest wêze kinne? ‘Tink der ris oer nei of skriuw der ris oer mei Noordmans (it is in redaksioneel ûndernimmen)’.
Ik tocht der oer nei. Ik wie krekt fan doel in forfolch op Komme dy Kepers? to skriuwen. Ik wist yn it foar dat dizze roman foar elke útjower in forliespost bitsjutte soe. Fan Komme dy Kepers? wiene noch gjin 300 eksemplaren forkocht en dit forfolch soe noch wrâldfrjemder wurde. As it dan dochs in strop wêze moast, soe de L.C. dy it maklikst forneare kinne. Boppedat soe ik troch it meidwaen oan de Gurbe-Rige miskien stipe foar de Koperative Utjowerij los krije kinne. Dus skreau ik oan Noordmans hwat Tamminga my foarslein hie. Ik stelde út dat as myn manuskript foar de Gurbe-Rige goedkard waerd, de L.C. de Koperative stypje soe by de útjefte fan ien dichtbondel. By de reklame foar myn boek yn de krante soe stean moatte: ‘It honorarium fan de auteur is ornearre foar de Koperative Utjowerij’.
Noordmans skreau my werom dat er net bigrypte hwat Tamminga en de Gurbe-Rige mei elkoar út to stean hiene. Hy seach ek gjin forbân tusken de Gurbe-Rige en de Koperative Utjowerij. Oer opset en programma fan de Gurbe-Rige wie noch neat definityfs to sizzen. Ik ha him andere: a) As Tamminga my freget kontakt mei Noordmans op to nimmen oer in eventueel meidwaen oan de Gurbe-Rige, Noordmans sels oan Tamminga freegje moat hwat dy mei de rige út to stean hat. b) It forbân tusken de Gurbe-Rige en de Koperative Utjowerij is dúdlik: se wolle beide de Fryske literatuer tsjinje. c) As der neat definityfs oer de Gurbe-Rige to sizzen falt, hwerom hat de redaksje fan de L.C. dan ûnder myn ynstjûrd stikje set dat der noch foar Sinteklaes 1970 in twadde roman forskine soe? (sjoch hjirboppe)
Dy twadde roman, Foroaring fan Loft fan Van der Velde, forskynde ek noch trijefearns jier to let, yn de hjerst fan 1971. Fan Noordmans krige ik gjin antwurd mear.