[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
nou hieltyd mear in triuwke ha, fan bûtenôf. Der leit in drompel fan argewaesje foar myn doar dêr't ik earst hieltyd wer oerhinne moat.
Yn hokker relaesje stiest ta de fryske tael en literatuer doe'tst bigounst to publisearjen. Wie it stedsfrysk út dyn jeugdjierren de trait-d'union? Hoe hast dy de tael hwat eigen makke?
Ik wie in ûnbiskreaun blêd. In frysk boek hie ik noch noait lêzen, of it moast de forplichte lektuer fan de ‘Jonges fan Gaesterlân’ wêze yn it ramt fan de fryske les fan mefrou Rienks-Wallinga op 'e kweekskoalle. De oanlieding om it ris yn it frysk to bisykjen wie eins de tafallige konfrontaesje mei wurk fan Bylsma en Piebenga, twa âld-kweekskoallematen. Doe tocht ik, dat kin ik ek wolris bisykje. Foar myn tolfde jier bin ik sawn kear forhuze. Wy praetten thús in mikmak fan hollânsk, frysk en stedsfrysk. Letter yn Ljouwert fielde ik my thús en wie it ljouwerters de fiertael. Myn frysk is oant hjoed-de-dei to typearjen mei in foarfal út myn skoaljierren. Doe't de dielnimmers oan in foardrachtkriich op har oanwêzichheit kontrolearre waerden en ik as earste ôfroppen waerd, rôp ik ‘presint’. Wylst alle oaren nei my ‘oanwêzich’ seine. Sjoch, sok frysk praette ik. Nei myn oplieding woe ik perfoarst Fryslân út. Dat wie yn 1954. Né, ik fiel gjin inkelde affiniteit mei de fryske biweging en sa. En út in eachpunt fan taelbifoardering brûk ik it frysk ek perfoarst net. Ik bin der hast wol fan oertsjûge dat it frysk it as gebrûkstael net rêdde sil. Mar dat let my neat, dêrom kin ik it frysk noch wol brûke.
Boekjes fan Van der Woude, Kalma en Dykstra, en fierders de wurdboeken, ha my hwat op 'e gleed holpen.
Wiest yn it hollânsk al dwaende foartiid? En dyn aspiraesjes yn de grafyske rjochting?
Fyftjin jier lyn haw ik foar in priisfraech ris de story foar in film skreaun. Dat waerd neat, krektlykas in berneboek, dat spile op it Waed, dat Kluitman net útjaen woe. Wol makke ik al jierren oantekeningen, yn skoalle binammen, dêr't ik yn myn ‘fryske’ jierren in soad materiael fan brûkt ha.
Ja, foar it biëinigjen fan de kweekskoalle hie ik in stúdzjebeurs oanfrege en hie ik mei in oanbifellingsbrief fan Cor Reisma nei de Rijks Academie voor Beeldende Kunst yn Amsterdam west. Ik stie op 'e nominaesje om talitten to wurden, en doe gie dy beurs oer. Mar letter haw ik neist myn wurk in kursus foar grafysk ûntwerper folge. Ik soe doe yn de reklame. Mar it saeklike, it glêdde en ûnechte dêrfan leine my net. Yn myn earste literaire wurk is dy réaksje op dy reklamewrâld ek wol werom to finen.
De tael fan dyn deistich libben is it hollânsk. Dyn frysk stiet der ek net sa bêst op by guon. Kinst dêr mei út 'e fuotten yn dyn wurk. Dat moat it nammers foar in great part ha fan de nuansearring, de parody en it modieuze. Is it medium frysk dy net to biheind?
Ja, ik tink yn it nederlânsk, wol'k leauwe. Ik kin by mysels wol neigean dat ik yn it hollânsk tel b.g. Mar it frysk is foar my net sa frustrearjend. Binammen net foar it kunstmjittige elemint yn myn wurk, foar de wurdboarterij, foar de parody. It frysk jowt my romte genôch foar myn gefoel, mei omt myn wurk faek wer bistiet by de graesje fan allerhande fryske tastannen.
En forjit net, foar my is skriuwen minder in foarm fan selsbifrijing, lykas neffens my foar it greatste part fan de fryske skriuwers, as in middel ta kommintaer op 'e