Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 112]
| |
De gurbe-rige.Foarjier 1968 frege ik oan de Ljouwerter Krante oft se forlet hiene fan in aktueel Frysk stripforhael. Technysk en finansieel wie dat net mooglik, andere Noordmans my. Fierders skreau er: ‘Wy rinne hjir noch wolris mei it idé om, yn ús rige útjeften ris in boekje gear to stallen mei nije aktuele fersen fan jonge Fryske dichters. As dat idé hwat fêster foarmen kriget, sille wy ús wol oppenearje’. Simmer 1970 hiene se har noch net oppenearre. Ik stjûrde in brief nei Noordmans en frege hoe't it siet mei dy fersebondel. Yn itselde brief stelde ik út neist de forhalen fan Paulus Akkerman ek regelmjittich koart wurk fan oare Fryske skriuwers yn Sneon en Snein fan de L.C. op to nimmen. My tocht op dizze wize soe de L.C. de Fryske literatuer stypje kinne. As it honorarium reedlik wie, soene der grif genôch ynstjûrings komme. Boppedat siet it tydskrift Trotwaer krekt yn har ‘minne’ rite. Party skriuwers woene en/of koene har wurk dêryn net publisearje. Se hiene ek minder mooglikheden as op 't heden: Sonde wie krekt bigoun en Alternatyf moast noch fan de groun komme. Ik krige op myn brief gjin antwurd. Hjerst 1970 moete ik Noordmans op de Kunstmerk yn Ljouwert. Hy fornijde my dat de L.C. in nije Fryske romansearje, de Gurbe-Rige, op priemmen hie. Earst in roman fan Wadman, dan ien fan Van der Velde. Oft ik faeks ek in manuskript to lizzen hie? Dat hie ik net en oars soe ik it noch net samar oerjown ha. Ik skreau in ynstjûrd stikje. Dêryn sei ik dat as de L.C. wier de Fryske literatuer stypje woe, se net inkeld sa'n iensidige romansearje fan al forneamde skriuwers útjaen moasten. Dan soene se ek dichtbondels en debuten yn har fûns opnimme moatte. Dêrby tocht ik oan dy útjefte fan aktuele fersen fan jonge Fryske dichters, sjoch hjirboppe. Ut it ûnderskrift fan de redaksje fan de L.C.: ‘Yn de Gurbe-Rige komt der noch foar Sinteklaes in nije roman oan 'e merk, dy't oars fan 't jier net mear útkommen wie..... Mei de Gurbe-Rige hopet de Ljouwerter Krante to tsjinjen, net to fortsjinjen.’ (20 nov. 1970) Jitris skreau ik in ynstjûrd stikje. Ik sei nochris dat myn biswier de iensidige opset fan de Gurbe-Rige gou en dat greatere ljochten as ik ornearre hiene dat de Fryske literatuer baet hie by in great forskaet. Unôfhinklik fan my skreau ek Trinus Riemersma in ynstjûrd stikje oer de Gurbe-Rige. Us beide stikjes waerden botwei wegere. Ik kin biwize dat de toan net ûnfatsoenlik wie. Ut it antwurd fan Noordmans: ‘Jins ynstjûrd stik “Gurbe-Rige II” sille wy net opnimme. Ditsoarte geskriuw en gekreau bringt ús gjin stap fierder..... Wy binne it as haedredaksje mei Jo iens, dat der forlet is fan in great forskaet fan Fryske boeken. Dêrfandinne ek de LC-Rige en de Gurbe-Rige’ (Folkloristysk geskriuw en gekreau oer ‘karturf’ of ‘karreturf’ bringt ús wol fierder). Ik stjûrde in brief oan it bistjûr fan it Skriuwersboun. Dy waerd op de jiergearkomste foarlêzen. Ut it forslach yn de Ljouwerter Krante moast ik fornimme: |
|