Petear mei R.R. van der Leest
It bislút fan Reinder Rienks van der Leest om nei fiif kréative jierren de fryske literatuer farwol to sizzen, is oanlieding ta in bisykjen om achter de motiven dêrfan to kommen.
Van der Leest stelde him yn 1967 foar mei twa yn eigen bihear útjowne poëzyfolderkes: ‘flardeguod’ en ‘patates mei mayonaise’. Dêrmei bigoun in respektabele bibliografy: ‘Broodje halfom/Broadtsje healom’ (fersen, mei oaren; 1968), ‘Boartersbûkje 1909 en sextich’ ('69), ‘Komme dy Kepers?; draeiboek foar in B-film’ ('69), ‘Een hartslag voor dovemansoren’ (fersen, mei Pier van Dijk; '70), ‘Practicum’ (fersen; '70), ‘Bargebiters, bûltsjeblazers; lyts frysk argewaesjespul’ (tekeningen mei ûnderskriften; '71), ‘Lampefryske forhalen; jongesforhalen’ ('72), ‘Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?’ (fersen; '72), ‘Boef fan Rys; tekstboek foar in sjongspul’ ('72).
Tuskentiids forskynden fersen, sjoch-fersen, forhalen, strips en tekeningen yn de tydskriften De Tsjerne, A-Wyt, Sonde, Trotwaer en Alternatyf.
R.R. van der Leest waerd yn 1933 yn Drachten berne, folge de H.B.S. en de Kweekskoalle yn Ljouwert, en wie ûnderwizer yn Culemborg en Zaandijk, en stiet tsjinwurdich yn Enschede.
Hy wie redakteur fan Operaesje Fers ('68) en Trotwaer ('69-'70), krige yn '68 en '69 Rely-Jorritsmaprizen foar forhalen en yn '71 in wurkbeurs fan it Fonds voor de Letteren foar it skriuwen fan it forfolch op ‘Komme dy Kepers?’
Dou moast mei in bounzjend hert bigoun wêze eartiids, mei dyn earste ferskes, dyn folderkes: in earste bisykjen yn in frjemde tael; om utens wei in klop op 'e doar. Hwat hiest forwachte en hwat is dêr fan útkommen?
Myn earste bisykjen, mei dy folderkes, wie in útdaging oan mysels, ynjown troch tafallige omstannichheden. Yn dy earste tiid koest weromfalle op in reservoir dat him oer jierren foarme hie en dat nou in kâns krige om los to brekken. Mar fan it bigjin ôf oan libbe ik mei de hoop dat der ek fan oaren hwat loskomme soe, dat ik yn in greater forbân opnommen wurde soe.
Ik woe mei in ploechje nijljochters in avant-garde foarmje. Mar it bleau allegearre to yndividualistysk. Net dat elk mei itselde dwaende hoegde to wêzen, mar men kaem yn neat ta elkoar.
Doe't dat reservoir fan dy earste tiid hwat bidroege wie hie ik in oantrún fan bûtenôf nedich. Nou wie de toan fan myn wurk, tinkt my, frijhwat oars as dy fan oare jonge fryske skriuwers. Mar ek al hie it wurk fan oaren hwat in oar karakter, dochs tocht ik dat troch it allinne al meielkoar dwaende wêzen der in stimulâns útkomme kinne moast. Dat haw ik mist. Ik haw altyd it gefoel hawn mar hwat allinnich to pielen. En dêr kaem dan noch by dat ik om utens wenne. Ik bin lang noch net klear mei myn ûntdekkingstocht, ik hie noch in soad útprobearje wollen. Mar hwer't ik eartiids út mysels wol op gong kaem, moat ik