[Petear mei R.R. van der Leest (vervolg)]
Soms wolris, ju. Dan bist gewoan net goed ynformearre, nei't letter blykt. En dat wol ik dan ek wol wêze, yn in briefke of sa oan de persoan yn kwestje. Soms stekt der ek wol minder achter as ik earst tink. Mar ik wenje om utens, soms hast dyn ynformaesje út 'e twadde hân. Mar krekt dy aktive en emosionele bitrutsenheit fan my bringt dy risiko's mei.
Is dyn bislút definityf of hâldst romte foar symbolyk?
Ja, foar it frysk wol, dat is definityf. Myn nije roman bin ik oan it úttikken (‘Boef fan Rys’, l.p.), in forhalebondel (‘Lampefryske forhalen’, l.p.) leit al by de Koperative, lykas de gedichtebondel (‘Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?’, l.p.), dy't fan 't hjerst forskynt. Dy roman sil ûnder auspisiën fan Alternatyf forskine, augustus, septimber dit jier. Ik ha de put der hast út.
Ik ha wolris lêzen oer sineeske tekeners eartiids dy't fiif jier dwaende wiene en dan ûnder in oare namme op 'e nij bigounen. Dat soe ik ek wol wolle. Mar praktysk is it net mooglik, ik soe dochs weromkend wurde. En fansels soene myn motiven om der mei op to hâlden op 'e nij jilde. Ik soe dan ek mear in útdaging wêze om to ûnderfinen hoe't de réaksje op dat nije lûd wêze soe. Ik fyn it geweldich om earne oan mei to dwaen en anonym to bliuwen.
Sakket dyn wrâld net ynelkoar, en hoe nou fierder? Dou moatst dochs hwat om hannen ha om it gat to foljen?
Ik moat sizze dat ik my nou al wer better fiel as in healjier lyn, doe't ik dat bislút nommen hie. Ik hie forlern op myn forwachtings oangeande in antwurd fan oaren.
Ik gean wer fierder mei skaken. Ik ha mear partijen analisearre en flaters foun, miskien dat ik dy as anti-kritiken ris útjown krije kin om dy fêststelde en akseptearre analyses fan greatmasters to ûndergraven.
En ik haw in floeistofduplikator kocht, dêr sil ik hwat mei oan it eksperimintearjen. En ja, op 'en dûr sil ik dochs wer skriuwe, yn it nederlânsk. Mei ‘Komme dy Kepers?’ en nou ‘Boef fan Rys’ haw ik myn foarm sahwat foun. Yn it nederlânsk kinst de fryske saken dan ek omdraeije en fan in oare kant bisjen. Nier Hinnebruijer en Dynte Planteit binne nou noch friezen dy't in frjemde wrâld yn Fryslân yntrodusearre ha. Se kinne forhúzje en dan nochris oan it heitelân weromtinke. Snapst? Dat kin oare effekten jaen. Mar de parody sil algemiener wurde moatte fansels, foar in greater forum.
En it lêste wurd?
Ik haw yn in optocht meiroun. Ik bin der út stapt, de optocht giet fierder, de hoeke om. Je fiele je in bytsje rottich. Mar der komme wol mear optochten.
L. POPMA