Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 99]
| |
Ypk fan der Fear
| |
[pagina 100]
| |
mei it opstekken fan in hân, mar se die neat werom. De ruter fortelde dat er Jetse hiet en soe er mar Djoeke sizze? Syn maet hiet Freark. Se moasten in heap meiinoar oparbeidzje, dêrom koene se mar better daelk freonen wêze. Djoeke wie nijsgjirrich hokker funksje hy dan hie. De baes sels wie er net, hwant se hiene har skreaun dat dy net thús wie. En hwer gyng de reis hinne, nei in gewoane buorkerij of nei in heareboer? Wie it in âld slot? Nuver dat de taseine toer har sa yntrigearre. Se rieden njonken elkoar, der wie amper forkear. It like hjir wol in oare wrâld. Der boarte in espeltsje bern foar in hûs, dat grif in fiskershûs wie oan it model to sjen. Se holden op mei har spel en kamen nei it hikje ta út nijsgjirrigens, mar se skolden net. Even fierder rieden se op in smelle sânreed tusken bosk en bou. De hjerst koe hjir wol fierder wêze as by harren, der skimeren al hwat brune kleuren troch it simmergrien. De sinne skynde fûl. Djoeke waerd waerm. ‘Hoe fier is it?’ frege se. ‘Nou al wurch op 'e hynsterêch?’ wie syn biskie. Se lake. Hwat tocht er wol? Se sloech it hier út har gesicht. ‘Waerm,’ sei se. Wie it wier sa hyt, of woun se har mar op? ‘Aenst mar even swimme,’ sei dy Jetse, ‘it kin nou noch!’ Se biskôge it as in losse, wylde opmerking. Wer rieden se swijend troch it moaije gea. Se soe fan alles wol freegje wolle, mar doarst net rjocht. Der wie ek safolle ynienen. En hwat soe dy fint fan har tinke, dat se hjir samar hinnegien wie nei in úthoeke. Lykwols wie it in earlike saek, dêr't hy tink sels ek bûten holden wie: sollisitante op in advertinsje. Ta ôflieding seach se it lânskip mar wer oer, sa wie dus de kustkrite. Hoe fier soe it bosk gean? It wie oanlein foar de jacht, of wie it in oerbliuwsel fan in oerbosk? Doe't se in bocht omgien wiene, seach se deunby de sédyk lizzen. Jetse sprong fan it hynder, hy joech de leije oan de jonge. Hy naem ek Djoeke har hynder mei en Jetse hiet him in omwei to nimmen en dêr wer by har to kommen. Se hearden him fuortgean oan it kreakjen fan de tsjillen. Djoeke roun fuort by de sédyk op, folge troch Jetse. Dêr wie de wiidte fan it wetter yn de fierte, mar foaroan wie in gesicht fier griis slyk. De sinne tekene ljochtplakken op it sulveren wetter. Foaroan pikte fûgelguod yn de modder om. ‘Leech wetter,’ sei Djoeke spitich. ‘Noch ryklik in ûre,’ sei Jetse, nei't er op it horloazje sjoen hie. ‘Hjir kin dochs net swommen wurde?’ sa brocht se syn wurden him yn it sin. ‘Hjir net, mar fjirderop wol.’ Hy woe witte, oft se it swimpak by har hie. It siet yn de iensume koffer op it weintsje. | |
[pagina 101]
| |
‘Sille wy de dyk lâns?’ frege se. ‘Dat wie de bidoeling,’ sei Jetse. Se krige in frij gefoel, nou by dat wetter efter it griis fan it slyk en it grien fan de dyk. Sa'n kilometer folgen se de dyk, doe gyng Jetse nei ûnderen om to sjen oft it weintsje der noch net wie. Mar hy seach inkeld de hynders. Wylst se dy ophellen, forlike se Jetse mei Herman. Hy wie hwat âlder, mear folwoeksen, mar syn antlit wie jonger, it wie hielendal forbrând fan de sinne. Herman wie altyd bleek fan it binnen sitten, dat soe nou wol foroarje, nou 't er mear bûten wêze soe. Folle fidúsje hie se der ek wer net yn, omt er de hûd hie fan in rodzich minske. Se tocht Jetse har even yn, klaeid yn it unifoarm fan it heilsleger, lykas Herman, mar it woe net. By de omkromte wie de jonge noch net to sjen. ‘Lit de hynders hjir mar rinne, se bliuwe wol. Hy docht it him oan tiid, de smjunt. ‘Smjunt?’ frege se. ‘Hy mei graech narje en dwars wêze.’ Foar har idé wie Jetse oan it narjen, mar hwat wie der dan to narjen? It moast hjir frâl net yngewikkeld wurde. Fan problemen hie se gjin forlet, dy wie se út 'e wei gien. En dêr wie Freark dan. Se socht it swimpak út 'e koffer. Hie Jetse wol ien by him? Hjir yn it noarden namen se it har net sa krekt yn it wetter, hie se heard. Hwat tocht er fan har? Ynienen woe se net mear. Jetse socht in plakje op 'e sédyk en bitsjutte har njonken him to sitten. Doe siet se to sjen mei de knibbels omheech en de earms der omhinne. By de enoarme geheimsinnige sé moast se tinke oan de man njonken har. Se wie mei de situaesje oan. Der gyng ek hwat fan him út dêr't se skruten fan wie, mar bang wie se net. ‘Fynst de sé moai?’ frege er. Se knikte. ‘Wy sille ris to farren,’ ûnthiet er. Se knikte wer. ‘Yn in botter,’ fortelde er, ‘en sile kin ek, ast dat leaver dochst. Meindert hat wol ien.’ Se frege net hwa't Meindert wie. Hjir soe se forjitte kinne, miende se: alles fan juster en fan hjoed en fan moarn. En Herman ek. Se skrok fan Jetse syn stim, in swiere stim, in weake stim. Soe se mei him oppasse moatte? Mar hy wie freonlik en hoask. ‘Se is op't heden wer hwat siik,’ fortelde er. ‘Hwa?’ frege se forheard. Mar hy soe de frou wol bidoele dy't se selskip hâlde moast, hwant dêr wie se foar hierd. ‘Slim?’ frege se. ‘Dat hinget der fan ôf, dat hinget der fan ôf.’ | |
[pagina 102]
| |
Hwat in nuver antwurd. ‘Hwat skeelt har eins, hwerom moat se in selskipsdame ha?’ ‘Earst komt sikeforsoarchster,’ sei er, ‘wy moatte net forsearje.’ ‘Hwa is de baes?’ woe se nou witte. ‘Ikke net,’ lake er, it klonk hast as in forwyt. Se woe him graech freegje hwat er dan wol wie, mar doarst wer net. Trouwens se soe it fansels wol sjen. Doe't it wer stil waerd, fielde se in spanning yn har kommen dy't se net thúsbringe koe. Se seach efterom. Dêr stie Freark mei de hynders sa geduldich to wachtsje, sa mocht it om him in ivichheit duorje. ‘En mynhear is net thús?’ ‘Hy bliuwt noch wol in skoft wei.’ ‘Op reis? Sakeman?’ ‘Kaptein.’ ‘En hwat wurdt hjir krekt fan my forwachte?’ ‘Is de fortsjinst to min? Oars, siz it mar.’ ‘Ik moat der tink hwat foar dwaen? Ik sil wol gjin ornamint oan jimme himel wêze?’ ‘Der is hjir safolle! En boppedat, as hy it seit, sprekt nimmen tsjin.’ Se wie nou toch nijsgjirriger wurden nei Jetse syn birop en funksje.’ Se moast wer oan Herman tinke, soe er har misse? Even bineare har de distânsje nou tusken him en har. Dêrom sprong se oerein en roun by de dyk del nei it slyk. Yn de fierte like wol in daem to lizzen; se frege it oan Jetse, dy't by har kaem. ‘In bigjin fan ynpoldering. Stadichoan gnobje wy hjir lân by. Hjir hat it ek sé west. It folk hat der fan âlds mei dwaende west.’ ‘Ik seach fiskershûzen yn it doarp.’ ‘De fiskers birôven de sé op har wize.’ ‘Hja wiene de earmen?’ ‘Ja, mar ûnderskat har net.’ ‘En strânjutters?’ ‘Dy ek, en sérôvers, en al it wylde libben fan alear!’ Hy naem in stien en smiet dy in ein oer it slyk. ‘Donar, Thor, Wodan, Freija, soms woe ik dat wy har noch hiene. Sa't wy hjir steane en it lûd fan it wetter biharkje ût 'e fierte en ek dat fan de wyn efter ús yn de bosken, kinne it dochs wol stimmen fan goaden wêze?’ ‘Hwer is hjir de tsjerke?’ ‘In moaije réaksje!’ lake er. ‘Midden yn it doarp, mar kom, wy moatte gean. Ast nei tsjerke wolst, sil Freark dy wol bringe, hwant ik kom der net. Freark doar net iens weibliuwe. Moaije réaksje hie er sein en gelyk hie er. Herman wie se by wei gien omt er it Evangeelje as heilsoldaet bringe woe. Tsjin de tsjerke hie se har ek forset en hjir | |
[pagina 103]
| |
frege se der om. Eangst om it frjemde? Se hie ek tichter by hûs wol in baen fine kind. Yndikers en sérôvers, hie er sein. Jetse syn brune eagen soene wol net fan de Denen en Noarmannen ôfkomstich wêze. Fan de Romeinen? De Spanjaerds?’ Even kaem der eangst, hast panyk yn har. Wie it om dy man, dy't sa gau al eigen mei har wie? ‘Kom!’ sei er. Se fielde syn hân om har earm en liet har bringe. As in bern, tocht se. Noflik. It holp om to forjitten, hoe dan ek. Alles fan hjoed trouwens. En as it hwat biwend wie, kaem it dan manmachtich werom? De leanen oan de rânne fan de bosk kaem gjin ein fan. Op it lêst fortocht se Jetse der fan dat er rountsjes mei har draeide, har oriëntaesjegefoel wie net great yn de natûr. Mar doe stiene se hommels foar in great stik greide as in Ingelske lawn. Oan de oare kant stie it slot, se seach de toer dy't it har dien hie, mar it wie in dwerch, hy kaem amper boppe it dak út. It hûs wie breed mei twa fordjippings. ‘Wolkom op Séhiem!’ sei Jetse. Freark liet syn pony drave, de karre hoarte mei, de fiberen koffer fleach hinne en wer en foel der krekt net ôf. ‘Binne jim dêr einlings?’ hearde se in stim efter har. In greate frou yn it swart. Hwer wie se sa gau weikaem? Hie se earne op 'e útkyk stien? Doe't se mei de oaren om it greate hûs hinne roun, seach se boppe in gerdyn biwegen en miende dat it hastich falle litten waerd. Se moasten in houten treppen op om yn it slot to kommen, dêrûnder soe it souterrain nei de keuken wol wêze. In swarte ka stie op in peal to krassen. Jetse fortelde dat er nuet wie. Se hiene alle jierren wol ien; ûnder de pannen fan de toer koe se skielk roekeäeijen fine. Freark hie de karre yn it weinhok brocht en kaem der oan mei har koffer. It frommeske fordwoun ûnder de trep. De juffer moast har mar opknappe en dan hwat om har hinne sjen, der wie hjir genôch to bilibjen yn de iensumheit. Jetse brocht har nei har keamer yn de toer. ‘Hwat is hjir boppe noch?’ frege se. ‘Inkeld roeken. Of wie se bang foar de ûngeloksfûgels?’ ‘It wie in lytse roune sit-sliepkeamer, ynrjochte as in roefke fan in skip, in skipsskille yn de hoeke by it finster, oan de muorre hongen hûden fan harten. De lampe wie fan koper en koe ek wol út in skip komme. Doe foel har each op in opsette ré yn in herne, se griisde fan it grouwe ding. Jetse seach it oan har eagen en sette it bûten de doar. Jetse liet har nou oan har lot oer, sei er, as se ré wie kaem se mar ûnder en dan moast se him it himd mar wer fan it gat freegje. Djoeke gyng foar it finster stean, der wiene trije lytse, ien nei de sé, ien nei it hiem en ien nei de bosken. It foel har nou op dat it mar skimerich yn de keamer wie fanwegen de heane finsters, mar der stiene ek hege beammen deun by de | |
[pagina 104]
| |
toer. Se koe mear sjen as se yn it trijehoekstuoltsje sitten gyng. Vitrages wiene der net, allinnich hierrige oergerdinen. Se bisocht in finster iepen to krijen. Earst wie der gjin biweging yn de sluting to krijen, mar doe gyng it sa hommels dat se har lykwicht kwytrekke. Dêrnei socht se in wasktafel en foun him yn in houten omskot, dêr't it lid fan optild wurde moast, it wie in pompke. It wetter rûkte nei de sé, mar it preau net sâlt. Doe't se oan it forklaeijen wie, bleau se ynienen stil stean to harkjen. Dat paste der krekt by: it roppen fan in spoek. Earst brocht se it lûd by de hounen thús. Se hie trije sjoen. Se die de doar op in kier om better to harkjen, mar it hold like ûnforwacht op. As se it fannacht mar net hearde! Se soe Jetse aenst freegje! Koe se al nei ûnderen gean, of moast se noch wachtsje? Sa wie se in finzene efter iepen doarren. Se skodde de holle om har healwize tinzen kwyt to reitsjen, mar hearde nou har eigen hertslach. Doe't se bûten stimmen hearde, wie se as in hazze by it finster. It wie Freark mei in arbeider yn it blau. Freark boun roazen op. ‘Kin ik net in pear krije?’ rôp se. ‘Se wurde aenst wol brocht!’ Wer foun se dat it hjir moai wie. En Jetse hie ek aerdich west. Se tocht oan syn moaije brune eagen. Soe er frousk wêze? Nou ja, in man sûnder frouljusfleis wie gjin man. By him soe se it âlde forjitte en it nije oannimme. Of die se nou hwat opskroeven, om de eangst dy't se hieltyd ek fielde? Trouwens de streek dy't se forlitten hie, bleau der wol, miskien seach se him wer yn de maitiid. Dêr wie Jetse mei de roazen. Wylst se der in goed plakje foar socht, frege se nei it neare gûlen. ‘De wyn tink? Dy makket mâlle lûden om de toer, mar it is in goed hûs.’ Se lei him út hoe't it klonk. ‘Mar dat is it bern.’ sei er. ‘It bern?’ Wie hjir in bern en hiene se dat net skreaun? En hwerom moast it sa krite? ‘Is der ien?’ frege se. Soe se ek foar gouvernante spylje moatte? ‘Ja, der is mar ien.’ sei er en lei de klamtoan op mar. ‘Hwerom gûlt er sa raer?’ ‘Omt er sa raer is, tink.’ ‘In bern kin net raer wêze.’ forwiet se him. Under stie de swarte frou by in lytse bar en frege Djoeke oft se in drankje ha woe of thé. Se keas thé. ‘Mei sûker, mei sitroen?’ ‘Sitroen graech.’ In mânske angoara kat naem de hiele sitting fan in stoel yn bislach. De frou warskôge har, hy woe wolris agressyf wurde by frjemden. ‘It is oars sa'n skat,’ sei se en tilde it gewicht op yn har earms en frijde mei it bist. | |
[pagina 105]
| |
‘Gean nou mar yn syn stoel sitten, hy moat mar leare dat er net altyd syn sin ha kin.’ Djoeke siet maklik en de kat socht in plakje yn it finsterbank, se miende dat er hieltyd hwat gemien nei har siet to loeren. Se bitrape harsels in pear kear op in heal foarnimmen om oerein to gean en him har sit wer ôf to stean. Even letter kaem Jetse by har en sei: ‘Der is noch ien.’ Se seach him forheard oan, hwer hie er it nou oer? Noch sa'n kat? Doe makke er it har dúdlik: ‘Noch in bern. Dû moatst it dochs witte.’ ‘Kom mei,’ noege er hwat ûnfatsoenlik. Se moast hwat oanlûke, hwant it wie bûtendoar. Wie dat bern earne oan it boartsjen? Hwerom net wachtsje oant it thúskaem? Se hearde gjin bernestimmen yn de omkriten, mar it koe ek allinnich wêze. Hy naem in paed troch it bosk, it wie sa smel dat se efter inoar rinne moasten. Se rûkte spjirren, mar der wie ek leechhout, iken, bjirken en yn de blêdden risselen fûgels. It joech har in waerm gefoel. Op it lêst kamen se by in iepening, in stik greide mei in poel yn 'e midden en in hiele âlde, grouwe ikebeam. ‘Is er hjir earne?’ frege se nou. Jetse seach har oan as wie se net goed wiis. En dat hie sa frjemd net west nei alles hwat se hjoed al forwurke hie. Se rounen dwers oer it lân, oan de oare kant wie wer in bosk. Mei in kapmês makke Jetse rûmte, it wie in wyldernis. Einlings sei er: ‘Sjoch!’ en gyng hwat oan de kant stean. Foar har lei in heuveltsje as in grêf. It gyng har raer troch de maechstreek. Se waerd bang, as soe der hwat slims mei har barre kinne. Panyk. Mar it gyng wer oer. Jetse brocht har nou troch in foech hikje en doe stiene se op in lyts hôf. ‘In tsjerkhôf?’ frege se. Jetse knikte. Djoeke hie wol fan famyljes heard dy't as privileezje der sels in tsjerkhôf op nei holden. Har eigen folk hie in grêfkelder op it doarpstsjerkhôf, mar dat wie hwat oars. ‘En hwerom is dat lytse grêf hjir net makke?’ woe se witte. ‘Dat silst “him” freegje moatte.’ Hy forfette: ‘Ik wit net oft ik der goed oan dien ha it dy sa gau al to fortellen. Hawar, dat moat “hy” ek mar útmeitsje.’ De eangst kaem wer oer Djoeke en de trystens hjir koe se amper forneare. ‘Miskien woe er it bern hielendal foar himsels hâlde,’ sei Jetse noch. Se waerd tige nijsgjirrich nei dy ‘hy’. ‘Komt er noch lang net thús?’ ‘Nimmen hat forlet fan him en hy fan net ien. As wy him nedich ha, kinne wy him warskôgje en dan komt er wol. Mar hwa soe dat dwaen moatte?’ ‘Mefrou ek net?’ | |
[pagina 106]
| |
‘Ek net. Alteast op 't heden net.’ Djoeke stroffele oer de ûnegale groun. Jetse woe har in hân jaen, mar dy wegere se. Se woe har sterk fiele. ‘Wie it in jonge?’ frege se. Se woe fan alles freegje. Hoe âld wie er wurden? Hwer wie er oan stoarn? ‘Dou witst it nou,’ sei Jetse rethoarysk. Of mei oare wurden: net mear freegje. Mear joech gjin foech. Al sa nuver! De helt meidiele en fierder swije. Hokfoar man moast dy mynhear wêze! Liet syn frou siik thús en gyng sels op aventûr. It moast him hjir mar rêdde. Dêr hie er Jetse tink foar. En se waerd hwat langer hwat nijsgjirriger hwerom't se hjirhinne helle wie. ‘Moast it har net fornimme litte,’ sei Jetse. ‘Lokkich dat der noch in bern is,’ sei se. Suver hwat lilk sei er: ‘Praet my net fan lokkich.’ Fuort boun er yn: ‘De libbene hast noch net sjoen.’ ‘Hwerom moast ik de deade foar de libbene sjen?’ Se fielde Jetse syn hân even tsjin har rêch oan, it gyng har as in elektryske fûnk troch de lea. Of hie se it har mar yntocht? Ta ôflieding sei se: ‘It is better om by in tsjerke bigroeven to lizzen.’ ‘Dat makket in heap út,’ spotte er. ‘It hat op de ien of oare wize mei God to meitsjen.’ ‘Bistû kristlik?’ ‘Binne wy net in kristlike naesje?’ ‘Mar persoanlik?’ Hwat moast se op sa'n direkte fraech sizze? Lykwol hy joech net op alles in goed antwurd, hwerom soe sy it wol dwaen? Se soe ier of let foar harsels mei dy frage klearkomme moatte. Even tocht se der op troch. As se frege: leau ik, dan moast se ‘ja’ sizze. En hwat bitsjutte dat krekt? Wie se net to lui om yn de Bibel to lêzen? Herman die it alle dagen. Oaren leine jouns op 'e knibbels foar it bêd, dat hie se fan har heit ek wol sjoen. Soe er it noch dwaen, nou't er in nije, jonge frou hie? Sy sels sei har gebet op, lui, langút ûnder de tekkens. Hawar. ‘Ik hear by in tsjerke,’ sei se. Se huvere. Wie it hjir net klearebare heidendom, hwat se der nou fan gewaer wurden wie? ‘Kinne wy gau oan it wurk?’ frege se. Se wist dat wurk sounens wie. Doe foel it Djoeke op dat se hjir net in minske tsjinkommen wiene, nou op 'e weromreis ek net. ‘Hjir wenje tink net folle lju?’ ‘Hwat arbeidersfolk yn lytse spultsjes. En de oare kant út, dêr nei de sé, dêr wennet in greatboer ek op in soarte fan slot.’ ‘Binne dyen ek sa?’ | |
[pagina 107]
| |
Jetse bigoun to skatterjen. It klonk as in bifrijing. Djoeke lake mei, mear om it laitsjen as om hwat hy yn har wurden foun. ‘Wy binne allegearre minsken, hear!’ rôp er. Yn alle fleur kamen se by it hûs werom. En doe hearden se it gûlen fan it bern. Kjel griep se Jetse by de mouwe beet. ‘Sa slim is it nou ek wer net!’ treastte er har. |
|