- Sine tuo numine; sûnder Jins godlike help.
It kwartsje wie net to finen. Hy stiek oer nei de hoeke fan it koarhek. Hy switte, de kop jokke him. Der stie in bidstuoltsje, dêr forsyld fan it sydalter. Hy gyng derop sitten.
- Flecte quod est rigidum, fove quod est frigidum, rege quod est devium. Bûgje hwat forkommen is, waermje hwat forklomme is, rjochtsje hwat forkromme is. Hy poattere oan it doarke fan it hek, it wie net op't slot. Fluch glûpte er deryn, die it doarke ticht, gyng it trepke ôf, sloech in hoeke om, die in houten doarke iepen, kaem yn in tsjustere rûmte, die it doarke efter him ticht, gyng op in trep sitten. Tonearsten seach er neat. Hy wie nou ûnder it prysterkoar. It sjongkoar klonk fier wei:
- Da perenne gaudium; jow de ivige freugde. Amen. Alleluja.
De minsken hoassen en gyngen oerein. Jehannes koe it geraes hearre. Efterstobek tripke er it mitseltrepke ôf; der bigoun him hwat to skimerjen. De pastoar boppe him lies it Evangeelje:
- Ik gean hinne, mar ik kom wer ta jimme.
Jehannes hearde suchtsjen. Hy hie heard oer prealgrêven, en in kammeraet hie fan mummys forteld. Der stienen ljedders en kisten en amers; hy koe se nou ûnderskiede. De rûmte wie lyts; hy seach in poartsje en dêrefter wie it ljochter.
Hy roun der hoeden hinne en dikere yn it greate forwulf. Earst seach er twa prealgrêven, stiennen kisten mei bylden fan de deaden derop, mei helmen, pânsers, swurden. Helden, tocht Jehannes. Der baernde in kears foar in byld, de holle en strielenkrânse leinen der nêst. Dat wie grif de hillige Antonius. Rjochts en lofts fan it poartsje stienen bylden op fuotstikken. Hy skeuvele nei rjochts, efter in fuotstik, en seach nei it forljochte part. Der stienen bieren. Fannijs hearde er suchtsjen, dat nou oergyng yn sêft koeren. Jehannes skûle wei efter it fuotstik, it hert bounze. De preek like dien to wêzen, de minsken gyngen wer oerein. Hy die war de rûmte fan'e tsjerke him wer to binnen to bringen. Hja bigounen nou oan it Credo. Hy stoarre nei de bieren. Ien stie hwat fansieden; dêr lei op it liif in minske, suver neaken, mei skuon oan. Jehannes die de eagen ticht.
- Ex Maria virgine: et homo factus est; berne út'e Faem Marije, en in minske wurden.
Hy die syn eagen wer iepen en seach nou ek in hast neakene frou op'e rêch lizze, mei bleate fuotten, har earmen om'e man hinne. Hja leinen deastil, de mûlen op elkoar.
Doe't Jehannes genôch sjoen hie, slûpte er werom nei it lytse forwulf, socht it trepke, die it doarke iepen en efter him ticht, en kaem ûnder de préfaesje wer boppe.
- Quapropter profusis gaudiis totus in orbe terrarum mundus exsultat; dêrom jubelet yn ûnbidige freugde it minskdom de hiele wrâld oer.
Hy fielde hwat yn syn skoech, gyng sitten en loek him út: syn kwartsje siet deryn. Hy troppe it yn'e bûse, die de skoech wer oan, roun nei de foarste bank en gyng tofreden sitten.