Bartle Laverman
Taelbifoardering en literatuer?
Under dizze titel ha twa taelbifoarderers yn foargeande Trotwaer-nûmers harren fisy jown op in mûglike relaesje tusken beide bigrippen. Koe ik Straatsma in hiel ein folgje, oars waerd dit mei Feitsma. Fral it sitaet hwêr't hja it omslach mei helle joech my argewaesje. Fryske literatuer in kombinaesje fan literatuer en biweging?? Hwat bidoelt hja dan mei literatuer? Ut har fierdere bitooch waerd my dit net dúdlik, earder noch mear fraechtekens.
Om misbigryp foar to kommen liket it my dêrom it bêste om foar it sykjen nei in mûglike relaesje beide bigrippen neijer to omskriuwen.
Oangeande taelbifoardering liket my dit net sa slim. It wurd seit in soad: bifoarderjen fan it gebrûk fan in tael, de fryske tael. In bifoarderjen fan dy fryske tael hat in kwantitatyf en kwalitatyf aspekt. Minder ienfâldich leit it mei in omskriuwing fan it bigryp literatuer.
Lykwols yn in ûndersyk nei in mûglike relaesje tusken literatuer en taelbiweging is it needsaeklik, wol men net yn dizenich praet falle hwêr't nimmen hwat oan hat, dúdlik to omskriuwen hwat men mei literatuer bidoelt. Dat dizze omskriuwing to eksplisyt en simplistysk wêze sil, liket my yn it ramt fan dit artikel akseptabel.
Literatuer stiet foar in bipaeld skriftlik gebrûk fan tael. Om oan to tsjutten hokfoar tael men op it each hat, set men foar literatuer in adjektyf bgl. nederlânske literatuer, poalske literatuer, spaenske literatuer.
Literatuer omfettet dat skriftlik taelgebrûk dat literair neamd wurdt. Hwat wurdt literair neamd en hwa neamt it sa. Binne der objektive mjitstêven om ta etikettearring fan it skriftlik taelgebrûk to kommen.
Lange tiid ha de natuerwittenskippen miend dat hja objektyf wienen en alle oare wittenskippen bisochten methoadysk safolle mûglik op de natuerwittenskippen to lykjen. Lokkich is men hjir sa stadichoan fan werom kaem en sels de natuerwittenskippen ha muoilikheden mei it bigryp objektyf.
Mei objektyf bidoel ik hjir dan ek: sa min mûglik subjektyf. Sa steld binne der yndied objektive mjitstêven, de omskriuwing fan it bigryp objektyf hâldt lykwols yn dat dizze mjitstêven net abslút binne, foar eltsenien oeral en altyd jildich.
It subjektive elemint fan de mjitstêven wurdt foarme troch de minsken dy't har de fraech stelle ‘hwat is literair/literatuer’, de minsken dy't fan dizze fraech harren fak makke ha. De literatuerwittenskippers, biropskritisi. It antwurd fan dizze foarmannen op niisneamde fraech slacht del yn in greatere rounte fan lju dy't harren ynteressearje foar it probleem. Hoe greater nou de rounte dy't ynstimt mei in bepaeld antwurd op de fraech hwat literair is, hoe objektiver de mjitstêf. Troch it wurk fan de literatuerwittenskip is dizze rounte mondiael wurden, en it is op syn minst ûnforstannich om útspraken etc. oer it literair-wêzen fan in taelprodukt to dwaen sûnder weet to hawwen fan hwat der yn dizze rounte oer sein is.