kinne - tusken de ‘ik’ en de lêzer in tuskenpersoan op to stellen oan hwa't de bycht dien wurdt. Dat kin in psychiater, in advokaet, in doomny of noch in oare fakman yn sieleroersels wêze. Soms bigjint de ‘ik’ daliks al sa'n fakman ta to sprekken, soms fornimt de lêzer pas fierderop yn it forhael, dat de ‘ik’ it net tsjin him hat, mar tsjin in yntermediair persoan. Dat skept in eigenaerdige distânsje tusken it forhael en de lêzer. De lêzer is de harker en de strúnder foar it kaeigat. Sa'n posysje kin de spanning forheegje - heart dat to dwaen, - mar omt de skriuwster dit prosédé ek wol net mei opset sin tapast hawwe sil, wurket it allinne by tafal, lyk as yn ‘Brief oan myn advokaet’. Ik kom der noch wol op, dat de lêzer-op-distânsje yn ‘Jantsje... Ja heit’, it titelforhael, himsels wer yn in oare opstelling delset fielt.
Eigenaerdich is ek, dat de froulike ‘ikken’ har bychten altyd tsjin mânlju uterje. Of eigenaerdich? Yn forhalen út dizze bondel dêr't in heit-dochter relaesje yn foarkomt, is dy relaesje bûtenwenstich goed. De bychtende ‘ikken’ forwachtsje blykber ek alle bigryp en sympathy fan de pleatsforfangende heiten i.c. de faklju yn it bigripen. Ut dizze forhalen is bêst in nijsgjirrich stik elemintaire man-frou relaesje to heljen, foar hwa't dêr niget oan hat.
Omt ik der it nut net fan sjoch om min of mear mislearre forhalen neijer to bisjen en omt ik fan miening bin, dat de skriuwer en de lêzers it measte bilang hawwe by de bêst slagge wurkstikken, wol ik in pear fan dy - neffens my - bêste forhalen yn dizze bondel yngeander bihannelje.
It forhael ‘Jantsje... Ja heit’ is op de earste side nijsgjirrich opset. Alle eleminten fan dy opset komme yn it forhael ek alhiel ta har rjocht.
It unike fan de maetskip Jantsje-heit wurdt effektyf dúdlik makke troch 1) de spesiale namme fan it famke yn dizze forhâlding, 2) it eliminearjen fan oare nije relaesjes: mem en (letter) man.
Op de earste side is ek al sprake fan in menear oan hwa't dit forhael forteld wurdt. ‘Wier, menear, ik ha nou noch trije bern en mear kin ik ek net oan, mar de fjirde is kommendewei, it giet net oer, dizze kear en ik forsûp der strak finael yn. Hoe't dat moat?’ (s. 72)
Mei dizze iene sin witte wy, dat der in harker is (net de lêzer, mar in menear), en ek, dat de fortelster yn in geastlik labile tastân forkeart. Wy witte ek, dat hwat forteld wurdt, jierren lyn bard is.
De hiele eftergroun is dêrmei ré setten foar de lêzer, dy't sels op in distânsje stean mei. Hy is dúdlik gjin dielhawwer, mar taskôger, as siet er op de bioskoopkreake ôf to wachtsjen hwat de film bringe sil.
De oansprutsen ‘menear’ komt forskeidene kearen yn it forhael werom, hwant dizze frou moat oan in frjemd dy't wol hwat nuvers wend is - net oan de lêzer dy't bêst net to fortrouwen wêze kin - dúdlik meitsje hoe gewoan in bern it fynt om togearre mei heit in efterôf bisjoen, ûngewoane hobby to hawwen. Se geane sneins togearre to brânstiftsjen yn moaije boerepleatsen. Dat de sensaesje dêrfan de nou folwoechsen frou noch prikkelt komt út op side 77, hwer't de fortelster ynienen by it biskriuwen fan har gefoelens by in brân oergiet fan de doe-tiid nei de nou-tiid: ‘Ik wurd der hearlik gek fan, dronken is it miskien wol, ik fiel it troch myn hiele lichem en oeral, oant yn 'e neils fan myn teannen ta.’ Sintúglike erfarings kin men weromroppe.
Logysk yn it forhael past it folgjende: om noch mear diel to hawwen oan it destruktive barren fan brân, giet heit by de brânwar.