L. Popma
By de neidagen fan in keamerhear
Pier Boorsma. De neidagen fan in keamerhear.
Amsterdam, Brinkman, 1971.
Nûmer sawn fan it tydskrift Sonde is okkerdeis forskynd as bisûndere útjefte, in bondel gedichten fan redakteur Pier Boorsma, mei foto's fan Piter Doele: De neidagen fan in keamerhear. Net great en geweldich miskien, mar wol sympathyk, en in bondel mei sfear. Ek dizze bondel hat hwat fan dy iensinnigens dy't mei de sjarme fan Sonde útmakket, sa likernôch it linker span fan de fryskliteraire troika?
Oer dy trijekaert is de lêste tiid wer hiel hwat sein. D.A. Tamminga hie it yn it desimbernûmer (1971) fan Dif oer in trije-fâldige oerdied, yn in bitter stikje, dêr't hwat al to maklik yn foarbysjoen waerd oan omstannichheden dy't in forbazend soad oerienkomst fortoane mei de dagen fan olim, doe't alles jit sa moai en aerdich wier. Tamminga hie yn guon dingen fansels gelyk. Nettsjinsteande de mentale kontradiksje en de guodkeapte fan guon opmerkings yn syn artikel, moatte wy dêr hjir mar net oer gear. Omwille fan de solidariteit dy't D.A.T. sels - en net alhiel to'n ûnrjochte - yn syn artikel preket.
En om de ieuwige rûzje foar to kommen, hwant men wit noait hwa't der mei op 'e rin giet. Noordmans riert dat gauris oan yn syn Leeuwarder Courant. En hy hat gelyk. Hy forjit lykwols ûnderwilens dy iene fraech: hwat rol spilet de publisiteit eins yn dit soarte saken? In sitaet fan N. yn oar forbân:
‘De publiciteit heeft niet louter gevoelens en reacties geregistreerd, maar ook gemobiliseerd. Zij blijft niet alleen afspiegeling en echo, maar gaat een eigen rol spelen in dit soort zaken en gaat daardoor mee invloed uitoefenen op de menings- en besluitvorming’. (L.C. 7/3/72)
Dêr hat it faken fan op it stik fan fryske (literaire) saken, dat mei om my, mar dan ek dúdlik kleur bikenne, en oer de hiele line. As Noordmans earne konkludearret: ‘yn fryslân hinget de “promotion” fan it frysk wolris mear gear mei de “promotion” fan it eigen ik, de eigen status...’, dan siz ik, akkoard, oké. Mar net sa hypokryt. Dy ‘promotion’ kriget foar in great part stal troch de publisiteit. It medium is hjir ek it boadskip, skynt. Hwa makket hjir, to úzes út hwa't en hwat dy ‘promotion’ dielhaftich wurdt? As it giet om it machtich ynstrumint Leeuwarder Courant?
Dat tart elke objektiviteit. Net allinne bisjoen fanút de lytse kring fan direkt bitrutsenen, mar foar in breed front fan tsien tûzenen konsuminten!
Of dy publisiteit is mei syn eigenwille en foarkarren part fan it nearzige gehiel, ‘it frysk’, dat himsels hieltyd wer yn 'e hûd byt; óf, dy publisiteit is yn 'e eigenwaen fan net bitrutsen, ûnpartidich, heech-heilich medium, de lytse stimmingmakker oan it fryske front, de theo koomen fan de fryske literatuer. ‘Promotion’ fan it eigen ik.
Mar werom nei Sonde en de striid om it bistean. Hwant alhoe'n pré it neffens Feitsma dan wêze mei om yn net to definitive foarm foar it ljocht to kommen, wrotten bliuwt it wol. En as dy stinsele en oare moadieuze útjeftemooglikheden