Trotwaer. Jaargang 4(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 77] [p. 77] Durk van der Ploeg Sawn gedichten 1 As de nasionalisten har net forskreaun ha, bin ik út dizze ierde skepen; in hân, in holle, in fries, in rôt ûnder de rails fan it lokaelspoar. Moat ik my dêr noch tsjin forsette? God, de goaden, de helden, wapene mei flaggen en findels, alles mei heraldike krektens biskreaun. It tiidstip fan de útforkiezing wurdt ús foarhâlden mei it útsicht op 'e bergen. It libben dat ik wol, dream ik. Dit libben ha ik my net keazen, dat hwerom stek ik myn holle net yn de skurte mei al myn forlytsingswurden, de wrâld forgiet en mem it hielal. Ik manke foetus, driuwend oan in string dat nei de nawle opkrinkelt tusken de fluezen en fellen. It útstoarten fan it sie yn 'e ljisk in lokkich barren yn de kostlike neisimmer fan '30 Wie dat iene momint net foldwaende? [pagina 78] [p. 78] 2 Al wer sa lang lyn, yn '40 tink, Jan Sadelaar glied my op syn hymjende fytsbannen foarby. Noch leit syn forhael, syn frommens yn myn ûnthâld as it biflibe tekenwurk fan in hillige. Oh, sa'n prachtich akwarel fan de himel en it soele waeijen fan dy simmerdeis oer ús feart, de Eufraet. [pagina 79] [p. 79] 3 Dit hûs fan klaei ha ik my boud út it plato de lep de bats bliksem né mei de bleate hannen stie'k de godgânske dei yn 'e drek to griemen Nou is in hûs noch to dwaen mei tûgels prikken en droechsum waer mar in frou foar de lingery de tael it pearjen om my fuort to plantsjen dêrfoar mei ik wol in heal fiem djipper en stek sa'n klien fel út dit fjild De groun is hjir hwat rodzich dat it kin in fûlbart wurde. [pagina 80] [p. 80] 4 De terpen biwolke mei damp himelske terrassen mei in komyske fauna Jan Hin en Jan Got De skuinmarsjearders, skriftgelearden ús fossile aertsfaders op 'e dwinge en ús muoike op 'e kranken fan in Gazelle Wjukwapperjende ingels drifkje de roustoeten oer it lykpaed De weropstanning it wurdt de drokste dei yn Fryslân Ein fan de terpekultuer Hegerop: drachtige goaden de plomstrikende superstjerren op it grintpaed fan de Molkwei Efter de planeten de swarte echo yn stereo de boaze godskop De keppel fan oerhoer biskeukt de lytse saken yn it forburgen fan de tekken en bange eagen nei it forwulf [pagina 81] [p. 81] 5 De godgelearde boalen spylje in probleemstik yn 'e tsjerke oer de leafde oer de god fan hannen en fuotten mei de avesearskuon oan ús leaven hear mei sawn pear earen mar dochs noch tomin mar kom net oan it hillige poadium oan de godlike koulissen elk dy't de toanielfeint oanrekket moat stjerre Wêz dêrom lokkich mei dyn ambivalinte deadsforachting en wit dat de ûngefoeligens en de ûnwittendheit dy lokkich meitsje sille. [pagina 82] [p. 82] 6 We binne al wer in geslacht fierder. Us famkes knipten har wjukjes út in kartonnen doaze fan super thésekjes De oekjes devoot sweevjend as ingels en sjongend foar de Hear. [pagina 83] [p. 83] 7 Rigel G, nr. 52 (2) De ûnbireizge fûgels hipten op it snietek. Ik forjit it noait wer hoe't we mem efterlieten de bier op 'e planken mei it tou yn 'e knik har earmen en hannen dy't yn de Aula al forklûme wiene frearen har ôf. Socht ik gjin waermte by mysels? Wy allegear mei de skonken yn 'e drek sochten om in ôfskie en fûstken meielkoar as wiene wy al opstien en seagen omheech. Wy fortrapen elkoars spoaren yn einleaze wegen. Nou noch sjoch ik har dêr stean yn in trochskinende kiste mei it rose nachthimd of soms wiuwend fan de wolken dy't út myn kessen kwatte. Vorige Volgende