Tichel wurk
Ljouwert: it Mekka fan 'e cinefilen
Soe it dan dochs ris hwat better wurde mei it filmklimaet yn Fryslân, nou't Ljouwert der mei Studio F (foar Fryslân) in lytse bioskoop (yn Cinema, dat forboud wurdt) by krijt en ek Frjentsjer en Boalsert (al is 't dan mei lijen) harren filmliga's krigen hawwe? Men doar it hast net hoopje. Hwant de symptomen binne fierders net sa bimoedigjend.
Om to bigjinnen stiet film noch lang net by eltsenien as ‘tsiende muze’ to boek. Gjin wûnder dat de filmkrityk - ynsafier't de fryske blêdden dêr al hwat oan dogge - net út komt boppe it peil fan it neifortellen fan de koarte ynhâld. In foredele foarm fan advertinsjes, mear binne de biskôgingen faek-en-folle net.
Boppedat skynt it och sa dreech to wêzen jin to réalisearjen dat alteast goede films makke wurde troch regisseurs en net allinne troch stjerren. De Harmonie bygl. forhipt it konsekwint om yn de oankundigingen ek efkes de namme fan de makker te neamen. En sels de ljouwerter Liga, dy't dochs better witte moatte soe, lit op it ek foar it oare alhiel a-funksjonele affysje, inkeld de titels drukke. Gjin regisseur, gjin jier fan ûntstean, sels gjin ûre fan bigjin. Neat fan dat alles. Biroerder kin't net. (En dan swij ik noch fan de bjusterbaerlik originele kar fan de rolprinten: de oprjochte cinefyl skuort him grif de bûsen út by it sjen fan dizze histoaryske en avantgardistyske masterwurken).
It publyk moat it grif sels allegear mar útfine. It sil de hearen fan de Liga in soarch wêze. Sa't it harren blykber ek in soarch is dat in soad minsken gjin weet hawwe fan it bistean fan dizze klup en syn program, hwant oan propaganda dogge hja in súterich lyts bytsje. Né, as de Filmliga Leeuwarden symptomatysk is foar it filmklimaet yn dizze provinsje, dan stiet it der net sa bêst foar.
Mar hwa wit is der noch hoop foar de takomst. Yn elts gefal stiet de fryske haedstêd hwat it bioskoopbisyk oanbilanget foaroan yn 'e rige fan middelgreate stêdden en wie it tal bisikers de earste alve moannen fan '71 al aerdich heger as it jier dêrfoar. (théaterdirekteur Weyschedé yn 'e Ljouwerter Krante fan 13 desimber '71). Goede groun foar liga's, soe men sa sizze.
(d.e. mus)