geschapen nieuwe (financiële) mogelijkheden worden ook in artistieke zin goed benut’ (NRC-Handelsblad 8/12/'71). Sels de prinsipiele dwerslizzer Gerben Abma kin skoan mei dwaen yn dit ienstimmich koar. It Friesch Dagblad makket dan ek gewach fan in ‘moaije première’. De hearen binne dus tige tofreden en bitrouwend op harren saekkundigens mei men wol oannimme dat it der mei it frysk semi-biropstoaniel moai fleurich foar stiet.
Wie't mar wier! De foarste de bêste leek mei in lyts bytsje each en gefoel foar toaniel moat nei de opfiering fan ‘Ik wol Mollema to wurd’ wol konkludearje dat peil en pretinsje elkoar by Tryater net yn it lykwicht hâlde. Fan it earste is der to min en fan it twadde fierstentofolle. Wis. der wie in inkelde útsjitter, mar oer it generael waerd der gewoanwei min spile (- in stikmannich biwegings- en spraeklessen en foaral in mentaliteitsforoaring soene gâns fortuten dwaen kinne). En it soe jin noch it measte net skele kinne, as Tryater gewoan wêze woe hwat it is, in ridlik goede amateurploech, mar it binne krekt dy professionele pretinsjes dy't jin dwerssitte. It is dy sfear fan: Fryslân moat sa nedich biropstoaniel hawwe om tsjin ‘Hollân’ op bokse to kinnen en wy fan Tryater hawwe der efkes foar soarge dat de fryske kultuer hwat dit oanbilanget op amsterdamsk peil stiet. Mar yn sté fan dit soarte loftfytserij de kop yn to drukken, dogge de resinsinten der mei harren jûchheigerop noch in skepke boppe op. Och, it is allegearre fansels hielwol to forklearjen. Hja tinke de goede saek to tsjinjen: de fryske kultuer. En dy is ommers folwoeksen en kin har op alle fronten mei de hollânske mjitte. Lit dêrom eltse krityk swije. En dat fâlt dizze kritisi net sa swier.
Van der Molen is bliid mei alles hwat ‘folksaerdich’ is en as it frysk der dan ek noch mei troch kin, is it him gau goed. Oan dizze easken foldie ‘Mollema’ alhiel. It stik hie ynhâldelik neat om 'e hakken (in oanhâldend omtoffeljen mei in maksimum oan komysk misbegryp en in minimum oan probleemstelling) en de tael wie ‘suver’. Unnatuerlik suver sels. In skoalfoarbyld fan to moai, to toaniel-litterair frysk. Dochs wie 't VdM. noch net moaijernôch. Hy hie graech sjoen dat de herteskreau ‘myn douke’ net sa faek brûkt wie, omdat ‘okkebyld’, harterke of pop mear by ús taeleigen oansletten (hie)’. (Nou, nimmen by ús op't hoekje hie ea fan sokssahwat as in ‘okkebyld’ heard. Mar ja, wy komme dan ek fan 'e klaei en binne faeks net ‘suver’ genôch.
Mar Pieter Terpstra en Gerben Abma dan? Dat binne dochs ek gjin lytse jonges? Och, de earste koe dit stik slim kreakje om 't er it folgjende skreaut (‘Europaleane 16-8’) en ús neger-literator kin fansels ek net hieltiid tsjin de tried yn; miskien hat er ris in goed sin hawn of wol er ek ris mei Tryater op 'e planken. Hwa sil't sizze. By de bihanneling fan de bigreating foar 1972 hat deputearre Pieter van der Mark sein dat Tryater de mooglikheit hawwe moat in lytse fêste biropskearn to foarmjen en dat dit biropsselskip subsidearre wurde moatte sil troch Ryk, Provinsje en Gemeenten. Dat sil't wol. It soe alderprachtichst wêze. Mar dan moatte de lju fan Tryater en de krante en al dy oaren net to skiterich wêze om ek noarmen oan to lizzen dy 't by dat idéael passe, hwant noch ien sa'n première en it frysk (semi-) biropstoaniel kin de rykssubsydzje - en dêrmei himsels - wol ôfskriuwe. Hwant it is sa't ús heit altiid seit, mei oerslochtsjen komme je der net.
(d.e. mus)