al like wif. En de literaire niget dy't yn al dy gefallen bybrocht is, stuolket ek wer op in oare as de frysk-literaire basis.
Wy wolle it wol wêze, ús ûntbrekt it leauwe yn it effektive medium, de training en de eftergroun. En hwat wol men dan? Dit treastleas dialekt rekket men ek freeds noch fan yn in moarndeitomoarnsstimming by it kontinu gebrûk fan mear as tsien minuten. Hwa ken net dy muoisume kommunikaesje en dy ûnbifredigjende selswerjefte, dy forlamming yn it harsensproses, hwannear't de tael fan tinken en sprekken (skriuwen) forskille? En fierders: wy misse in natuerlik taelskeppend formidden. Dat makket de achterstân as aktueel en tarikkend kommunikaesjemiddel hieltyd greater, en forsterket relatyf it tempo fan de ûntheistering.
Elke streaming fan bitsjutting dy't de greate mannichte rekket, en dy't taelfoarmjende ynfloed hat, giet oan it frysk foarby. Omt de dragers fan dy streaming bûten de tael stean. Hwat hat it frysk oer fan de hippy-biweging, en fan de hiele underground? Hwant oft men wol of net, elk jargon, elke moade en elke koade fynt men lang om let yn de literaire tael werom. Dat koloryt, dy moadetint, mist ús tael, en dat makket it foar jongeren ôfgryslik muoilik om dit stege materiael to hantearjen.
Yn dy posysje slacht de fryske literator troch, nei it archaïsme yn it bigjin fankentiid, nei it hollanisme op 'en dûr. Hwat hat er oars ta syn foldwaen as in oarstalich tinken en in langer folslein ûnbrûkber (reprinted) wurdboek. Dêrtusken is hy de oersetter, de griemer by de graesje fan de fryske tael, to'n koste dus ek wol fan hwat langer eartiids ‘it frysk’ hiet. Dêrom kin hjir ek al jier út jier yn - oant yn jury-rapporten - de botste mislediging fan in literator as komplimint forkocht en - hoe is it mooglik - akseptearre wurde: syn/har wurk is skreaun ‘yn goed, geef, libben frysk’. By de graesje fan, en to'n koste fan, mar ek nettsjinsteande it frysk. Hwant in biskate earmoed fan it materiael, en de permanent open-del-geande twivel oan it medium, bitsjutte in ûnûnderbrutsen argewaesje, en de ûntdekking, dat mei dizze dubieuze tawijing de selsbiwustheit yn it nederlânske-taelgebrûk ôfnimt. Dat is in hege priis, dy't guon wolris to heech wêze koe op 'en dûr. Dêrom sil der hwat barre moatte, hiel skoalsk miskien, hiel taelwarderich, mar gewoan om op 'en gaust ta risseltaet to kommen.
Hwat men by Steven de Jong waernimt yn dit stik is foar in part faeks mear net as sleauwichheit, mar dêr is net alles mei sein. De ûnforskilligens foar de tael oer koe foar it greatste part wol ris ynjown wêze troch in biskate relaesje ta it medium. De algemien jildende wanrelaesje tusken de kréative skriuwer (skilder, dichter ensfh.) en syn materiael, wurdt yn dit gefal nochris forsterke troch de twivel oan de aktualiteitswearde, de algemiene forsteanberens, fan it materiael. De Jong brûkt hwat er alle dagen heart oan wurden en syntaksis, mei om de lêzer in ein hinne tomjitte to kommen: ‘yn 'e gefangenis’, ‘de gemiddelde nederlanner’, ‘suerstof’, ‘gewapend beton’. En by einbislút koe der ek wol ris in ûnbiwuste klam mei lein wurde op biskate (poëtyske) réaksjes fan de dichter op de troch him (poëtysk) oproppen wrâld: in hwat rekalsitrante, biswarrende, eigensinnige hâlding dy't syn bistean forsekeret. Mar dêr aenst mear oer.
Der rinne in soad linen troch de Jong syn poëzy, haedwegen en sydpaden dy't dit wurk nijsgjirrich meitsje, soms slim ûntagonklik, soms hiel trochsichtich. En in bliuwende yndruk is dochs wol dat yn Missing Link bitiden in dichter fan it ‘klassike’ soarte oan it wurd is. De parlando-raezje, de sketsmjittige en faek groteske karakteristyk, of de moadieuze tendins nei in dekadint (en dochs wol