Remco Heite
Hwat har driuwt ta skriuwen en ta hwat se op papier sette
Tiny Mulder. Hwer hast it wei?
Drachten, Laverman, (1971).
In earsten prinsipe foar in fraechpetear mei in skriuwer hinget gear mei it biskied oer de rjochting fan it petear. ‘Het zijn de losse mededelingen, waar de lezer iets aan heeft, de toevalstreffers, tegen welker achtergrond het werk van de schrijver een dimensie meer kan krijgen’, skreau K. Schippers ris. Syn yn 'e mande mei J. Bernlef ôfnommen ynterviews, Wat zij bedoelen (1965), sochten it dan ek biwust yn 'e breedte, net yn 'e djipte. De antwurden op fragen oer ‘het mechanisme van het kréatieve proces’ moasten fanneed dizenich bliuwe. Tizerige eksplikaesjes hat gjinien forlet fan, hiet it. As soe in petear dat it wol yn 'e djipte siket, per definysje in tizeboel wêze. De rjochting (hoarizontael/fertikael) fan it fraechpetear hinget fansels op 'en nausten gear mei de aksinten dy't it leit. Yn Wat zij bedoelen lizze dy op de persoanlikheit fan de auteur en op syn hâlding tsjin it skriuwerskip oer. Dat ynterviews yn 'e breedte, alhoe ûnderhâldend fakentiid, skraechoan hwat dúdlik meitsje oer it wurk fan in skriuwer, leare de eksimplaren fan Bibeb wol.
It oare fraechpetear, dat him mear bikroadet om niisneamde fordúdliking,biheint him troch opset, oanpak en formulearring ta ien inkeld stanpunt of probleem, of ta mar in stikmannich. Faek sels dúdlik bifoaroardiele, lykas yn H.U. Jessurun d'Oliveira syn Scheppen riep hij gaat van Au (1965).
In fraechpetear wurdt wol in tige momintane en ek hwat de emoasjes oanbilanget determinearre saek neamd, of lykas d'Oliveira it formulearre: ‘een karikatuur, maar gepubliceerd is gepubliceerd’. En dat is it faek ek wol. Mar dat in ynterview mear net wêze kin as dy momintopname en dat de theory perfoarst oan ‘wittenskippers’ foarbiholden bliuwe moat, is net hielendal krekt. (Alhoefolle wiers der sit yn de opmerking dy't gauris heard wurdt, it hat der de skyn fan de nederlânske kunstner skept leaver as dat er tinkt). De Entretiens (1970) b.g. fan Philippe Sollers mei Francis Ponge wize wol oars. De rol dy't it yntellekt spilet by sawol it petear oer as it meitsjen fan proaza en poëzy, is in wichtigen ien. Lit it sa wêze dat de yntellektuele binadering net forabsolutearre wurde mei, it seit himsels dat it forstân by it lêzen fan, sprekken en oardieljen oer proaza en poëzy in needsaeklike fakulteit is.
Fansels hingje opset en probleemstelling fan it ynterview nau gear mei de mjitte fan theoretysk bisef fan de auteur. En mei de mjitte hweryn't syn theoretysk formogen mei syn wurk korrelearret.
De petearen yn Hwer hast it wei? jowe de yndruk in bisykjen yn fertikale,alteast diagonale rjochting to wêzen. Dat se as sadanich net botte slagge binne, kin in gefolch wêze fan in bytsje fortrouwen yn de partner, mar likegoed fan ûnachtsumens of ûnwittenheit fan de ynterviewster. It birop dat sy op de ûnderfrege persoanen docht, giet net folle fierder as it sizze litten fan in tal earste bisûnderheden (‘Bist mei proaza of mei poëzy bigoun?’, ‘Kinst altyd wol skriuwe?’, ‘Lêstou in heap?’, ‘Hastou in foarkar foar biskate skriuwers?’, ‘Wurde dyn boeken goed forkocht?’) en fan hwat taljochting op ynhâldlike fasetten. Soms forriede biskate opmerkings dat der hiel wol in sinfol petear plak-