S.J. Bijleveld
De eagen iepen
Dr. F.S. Sixma van Heemstra.
Tweintich jier sinsuer yn soarten, 1946-1966.
Amsterdan, Brinkman, 1970.
Der sille guon lêzers fan boeken, brosjueres en artikels wêze, dy't fine dat it net goed is, miskien wol net fatsoenlik is, om earst de lêste bledside of rigels to lêzen fan it boek dêr't men oer gear sil. Ik doch it dochs mar mei de brosjuere: Tweintich jier sinsuer yn soarten fan dr. F.S. Sixma van Heemstra. Ik doch it mei namme ek omdat ik de lêste rigels sa prachtich fyn.
Lêz mar mei: ‘De wiere revolúsje is it ôfsluten en bisegeljen fan in sosiale ûntjowing... Minskene bifrijing sûnder bifrijing fan 'e mindertallen is ûnbisteanber. En sil net weibliuwe! Dizze ûntjowing dy't wy dochs net út 'e wei kinne moat taret wurde. Om ré to wêzen as it safier is. It ark dat der is moat brûkt wurde. In stik ark dat wy sûnt de Frânske revolúsje sahwat rounom yn Westjeropa ha is it rjucht om frij jins tinzen to uterjen. De parsefrijheit is dêr in stik fan. En de sinsuer yn syn mannichfâldige forskiningsfoarmen is dêr in oanfal op. Wy moatte op ús iepenst wêze. Dit frijheitsark moatte se ús net ûntfytmanje.’
Ik soe sizze, lêz dizze rigels noch mar ris. En tink dêrby oan de Dútske tiid, de bisetting. Miskien komt dan wol de prakkesaesje dat de mindertallen, de Basken,Bretonnen, Friezen, Katalanen, Ladinen, Korsikanen, Oksitanen en Nedersaksen ûnder omstannichheden libje dy't lyk op geane mei sa'n bisetting yn oarlochstiid. En miskien komt dan ek wol omheech it witten, dat soks it gefal is foar guon mindertallen yn Westjeropa. Mei namme yn dy stikken dêr't sinsuer hearsket en tapast wurdt. Licht dat dan ek omheech komt de prakkesaesje dat der dus wol in ûndergrounske striid wêze sil yn dy mindertallegebieten, dy't op dy minskene bifrijing út is. En dêr't dus de sinsuer it bigjin is om dy bifrijing de nekke om to draeijen.
Nou, út de brosjuere fan Sixma fan H. docht bliken dat soks allegearre it gefal is. En dat net allinne yn Spanje, mar yn alle lânnen fan Westjeropa. En dat dyjinge dy't him dwaende hâldt, skriuwendewiis yn dit gefal, mei de striid fan en foar de mindertallen tsjin de sinsuer yn syn mannichfâldige forskiningsfoarmen oanrint. Sixma fan H. fortelt 1. hoe't pelysje somlike publikaesjes út de boekwinkels weihellet, 2. hoe't, oan't yn Ljouwert ta, bibleteken útsuvere wurde, 3. hoe't forstjûrde pakketten boeken troch de pelysje yn bislach nommen wurde, 4. hoe't ynfier fan boeken forbean wurdt, 5. hoe't de pelysje de útjower forbiedt, c.q. bisiket to forbieden boeken to forstjûren, 6. hoe't troch kontrole by boekeforfierende treinreizigers in sfear fan ûnwissens to weech brocht wurde kin, 7. hoe't sa it near op boeken lein wurde kin dat brave boargers dus gjin gedonder mei 't it spul hawwe wolle, 8. hoe't boekhanlers om deselde bravens guon boeken net leverje, 9. hoe't dokumintaesje en ynformaesje binefter hâlden wurde en 10. hoe't it bikend wurden fan net iens geheime rapporten oantsjut wurdt as ekonomyske spionnaezje. En folle net genôch. Sixma fan H. wit hwêr't er oer praet. Hwant hy hat, oersjende de tweintich jier fan 1946 oant 1966, libbensliif bilutsen west as skriuwer, printer, útjower, reizger-postboade en hwat der op dit mêd mar mear to bitinken fâlt by de sinsuer en de ynstânsjes fan de sinsuer. Dy't fanwegen komme as men docht oan en yn politike pornografy.