Tr. Riemersma
It rotfanke
Der stienen trije froulju yn 'e hal doe't er de beide glêzen doarren foar him opklappe liet. Jees, hwerom doch ik dat, as wie 'k in meter breed, ik kin maklik troch ien doar. ‘Joun,’ sei er. Weardich, krekt as wol ik hearre litte dat ik mysels net to heech achtsje om dizze trije fortrutte froulju to groetsjen. Myn jierren, efkes jonger noch, ûnder de trittich, mar folslein fortrutte. Dy mei dy poezekraech is noch net troud, forloofd tink. Stek dyn hân ris út, poes.
De man yn 'e sel hie in goedkeape oerjas dy't nou hast wer modern wie, midi fordomd, allinne de coupe doogde net. Hy helle muntstikken út 'e beurs. Né jong, kwartsjes kinne hjir net yn, dat stiet der dochs op, hin? Altyd earst eagen brûke, en dan forstân, 't skeelt in hele bulte tiid. Net allinne fan dy, mar ek fan ús. Ja hear, kloares stekt in wurkkloer út... Finger yn 't gatsje. 051, dat is to rûken. Draei nou! Dou hast gjin kunde bûten in strael fan tritich kilometer. Och chot ja, hie 'k it net tocht? Ien dûbeltsje hie genôch west. En dan mar trochsykje tusken al dy goare grouwe sinten.
De brune trut forsette in poatsje. Wol moaije poatsjes, objektyf sjoen. Mar poatsjes dêr't neat fan útgiet, sa steryl. As ik allinne dêr nei sjoch, dat eintsje tusken knibbel en ankel, abstrahearje fan 'e brune mantel en de skuon. Né, né, dit binne gjin skonken om in keninginne to dragen.
‘Ja, dit is mei heit.’
Man wit net dat der elektrisiteit bistiet, tinkt dat er troch de koarde roppe moat. Hy set him yn postuer.
Dy blauwe frou hat noch hwat faemachtichs oer har. Noch net helendal toliderslein.
‘Ja, ik woe even prate, Hiltsje, hwant... Jamar, dêrom... Nou ja, dat woe...’ Toemar jong. Tetterje it Hiltsje mar even yn 't ear.
Dy soe noch wol fan har ôf meppe. Hat noch hwat fierens oer har. Hinget oan har man as wie se noch forloofd. Hy is fan my, ik ha him fongen, en ik bin fan him, bliuw my fan 'e bealich. Net in fanke om ôf to knappen, lykas de brune, mar ien dy't stikje by bytsje yn 'e gaten krijt hwer't se yn forsyld is en de lytse toloarstellinkjes iederkear wer oerwinne sil.
‘Né, Hiltsje, mar sa moatte wy net... Né, néwisnet, sa wie it net bidoeld...’ Ien dy't wittens en wollens trut wurdt. Ja fordomd, se sjocht it, se forwerkt it yntellektueel en bout har greatskens derop. Sa moast it komme, sa heart it to kommen. (De earste forealens giet oer, mar dêrnei komt in rêstiger en lyk-wichtiger gefoel fan byinoar hearren, de réens inoar by to stean en op to fangen, fordraechsumheit oer en wer en de opdracht inoar lokkich to meitsjen, dêrnei komt de echte leafde dy't alles óérsljochtet). Dit fanke leaut it, fordomd as 't net wier is.
‘Sa moatte jim net. Echt... né... Jawis, dat is wier, mar it spyt ús.’
Dizze is op wei in forskriklike trut to wurden. Bistjûrslid fan 'e legere skoalle of lid fan 'e âlderkommisje as se net tsjerks is. Oan 'e top fan 'e plattelânsfroulju en fia it klubblêd alle sljochtwei froulju yndoktrinearje mei skynber optimistyske,