Trotwaer. Jaargang 4(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Lieuwe Hornstra In heech liet ‘Ma bouche rit’ Josquin des Préz Ik bin dyn tún, dyn finne en dyn heuvellân, de boarnen dy't net droegje kinne, de wetterwel fan ierdetsjuster, dyn foar- en efterhûs, de doar is iepen, de ûnbikende grounen fan de sé, de hynstemoannen oer de roune billen, de lytse hoallen om dêr soms to tôvjen, tentakels mei ôfprinten yn it sân, in wulving om dyn holle del to lizzen, 't skaed tusken twa beammen yn 'e gleone simmer, in myldens yn in lette huvering - ik glimkje en myn mûl' giet iepen... Vorige Volgende