Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 11]
| |
A. Feitsma
| |
[pagina 12]
| |
to rêdden yn in flecht yn it offysjele en wichtige. Dat is, minsklik sjoen, forrie oan doel en wêzen fan literatuer en biweging. Dat is tagelyk, praktysk sjoen, in bilangrike faktor yn de mooglikheit ta fuortbistean fan beide fenomenen. Dêr moat wol fuort by sein wurde dat dy faktor ek foar de ‘saek’ der't it om giet, de dea yn 'e pot bitsjutte kin. Dat dat gefaer yn literatuer en taelbiweging fan dit lytse lantsje wol driget, hoech ik hjir net neijer út to lizzen. ‘Wichtigens’ garandearret nou ienkear noch gjin nivo en klimaet. Wy sille ús yn literatuer en biweging dan ek hyltyd wer ôffreegje moatte oft dit sop de koal noch wol wurdich is. Earst yn it ljocht fan dy fraechstelling sille beide forskynsels salang't se neffens ús rjocht fan bistean ha, dat bisteansrjocht yn 'e praktyk ek wier meitsje kinne. De fryske literatuer hat yn 'e groun fan 'e saek altyd west en is noch - likefolle hwat de hjoeddeiske akrobaten mei it wurd sizze meije - in kombinaesje fan literatuer en taelbiweging. En datselde jildt, mutatis mutandis, foar in fryske bibeloersetting, frysk ûnderwiis, frysk toaniel, fryske sang, ensfh. Gysbert Japiks soe faeks nea syn Rymlerije makke ha, as er net de polityk-histoaryske ideology fan it âlde, machtige Fryslân mei syn âlde earweardige tael as stipe yn 'e rêch hawn hie. En de fryske tael hie op syn bar hiel hwat minder by to setten hawn yn oansjen en gebrûksmooglikheden, as Gysbert Japiks net soarge hie foar it earste echte ‘boek’ yn de fryske literatuer. In lyksoartige ideologyske oantrún kaem fan de forhearliking fan de ‘oarspronklike’ folkstael yn de tiid fan de Romantyk. Dat bifoardere wer de bloei fan de fryske literatuer yn de 19de ieu. Dy literatuer - en binammen de lektuer - út dy tiid hat wer tige meiholpen om de, lit ús sizze, ‘fryske ideology’ ûnder de minsken to bringen (of faeks to hâlden?). Dy ynfloed koe noch namsto sterker wurde, omt der doe folle mear minsken lêzen learden as earder, omt de boekemerk noch lang sa oerladen net west ha sil as letter, en omt de fryske boeke- (of leaver boekjes-) produksje navenant heech west ha sil, en, as ik noch hwat fierder fantasearje mei, faeks aerdich goed oansletten hat by hwat de minsken (hokker minsken?) doe graech lêze mochten. En net oars sil it west ha mei Winterjounenocht, frysk toaniel en fryske sang út dy dagen. De ‘fryske ideology’ waerd net allinnich útdroegen mei't de minsken oan it frysk lêzen rekken, né, dy kaem yn forskate stikken ek mei safolle wurden ta utering. De literatuer, de fryske skriuwerij, sil doedestiids in ein hinne it iennichste statussymboal fan de fryske taelbiweging west ha, al sil it dan yn dy literatuer faek mear om it ‘boadskip’ to dwaen west ha as om in literair stribjen. Dat sil tagelyk bitsjut ha dat ‘heech en leech’ de fryske stikken lies. Earst mei de Jongfryske Biweging mei har ‘suver literair’ stribjen komt der yn prinsipe in skieding yn lêzerspublyk (rûchwei sein tusken lêzers mei en sûnder literaire euvelmoed).
Der komme yn ús ieu neist de literatuer stadichoan hwat mear gebieten der't it frysk hwat hâld krijt: ûnderwiis, offysjeel forkear, tsjerke, gearkomsten ensfh. Net allinne hat de literatuer him dus (mei Fedde Schurer syn proklamaesje fan 1945?) ‘losmakke’ fan de fryske taelbiweging, dy taelbiweging hat sels ek mear status-symboalen krige as de literatuer allinne. It houlik taelbiweging- literatuer is oergien yn in frije leafdesforhâlding mei karmooglikheden oan wjerskanten. Sa liket it tominsten as men de proklamaesjes fan it wiispratend omsittend laech heart. Mar yn wêzen binne literatuer en taelbiweging foargoed oaninoar troud, en hingje se noch altyd fan inoar ôf. Mear frysk taelgebrûk sil bitsjutte in greatere lêzersrounte foar de fryske literatuer. Mear, better en/of folksaerdiger literatuer yn it frysk sil bitsjutte bifoardering fan it fryske taelgebrûk. Om it gebrûk fan in | |
[pagina 13]
| |
tael mei rjocht en reden bifoarderje to kinnen, sil der nou ienkear ek hwat wêze moatte yn dy tael dat de muoite wurdich is. In oare kwesje is dat de striid om de maetskiplike posysje fan it frysk, dus de ‘praktyske’ en troch de maetskippij honorearre gebrûksmooglikheden fan de tael, yn ús dagen navenant folle bilangriker wurden is. Yn dat forbân is de erkenning en it gebrûk fan it frysk troch de oerheit foar de takomst fan it frysk njonken de literatuer ien fan de biskieden faktoaren wurden.
Yn tsjinstelling ta de jongfryske literatuer der't de fryske tael en de fryske biweging noch in greate rol yn spilen, komt ‘de’ ‘fryske ideology’ yn de hjoeddeiske literatuer suver net mear oan it wurd. Nou is dat op himsels sa'n wûnder net, hwant ek it frysk yn ûnderwiis, tsjerke en rjochtseal is en wurdt hiel faek fordigene op groun fan ‘algemiene’ arguminten, sa to sizzen bûten it frysk om, en sels wol mei in seker eksplisyt distânsje nimmen fan ‘de fryske biweging’ en syn ‘driuwerij’. Dochs wasket it wetter fan de sé net ôf dat al dy saken rjochtstreeks to krijen ha mei de fryske taelbiweging.
Kin men dat distansjearjen fan ‘dy fryske driuwers’ yn dy gefallen noch forklearje út in bisykjen om yn in sa gunstich mooglike ûnderhannelingsposysje to kommen, dat leit by de jongere literatoaren hwat oars. It hat der in soad fan dat de fryske taelbifoardering har in griis en in grouwel is. Der is gjin plak foar de (of: in) ‘fryske ideology’, net yn har boeken, mar ek net yn har idéëwrâld. Sels by de gâns âldere foaroanmannen fan de bibeloersetting (dy't oars wol net safolle op taelbifoardering tsjin ha sille) ha wurden as ‘purisme’ en ‘neologisme’ in útsprutsen ûngunstige klank krige. Dochs brûke se wol purismen, hoe soe it ek oars. Mar tekenjend is dochs wol dat it skeppen fan nij frysk taelmateriael yn it ramt fan in forantwurde fryske nomenklatuer by in great part fan de literaire (en biwegings-) âlderein net mear yn tel is. Dat bitsjut yn wêzen ôfsjen fan in mooglike takomst fan it frysk.
De fisy fan ús jongere literatoaren is lykwols noch hiel oars. Hja steane b.g. twatalige tydskriften en dichtbondels foar, net as needsprong yn de bisteande sitewaesje, net as needsaek foar it wurk sels, en net as tafallich him foardwaende mooglikheit, mar as in om himsels nei to stribjen ideael, as in hannelsmerk foar fordraechsumens, iepenens, en alderhande oare moaije dingen. In ‘fryske ideology’ mei de klam op it eigene, liket by de jongere literatoaren fan dit stuit net sa bêst to forkeapjen to wêzen. Faeks dat yn it ramt fan de hjoeddeiske demokratisearring it fruchtber meitsjen fan de sitewaesje fan it frysk tusken folkstael en kultuertael noch it bêste oansleat by hwat der op dit stuit by de jongere generaesje libbet. Wy moatte lykwols bitinke dat it hjoeddeiske ‘engagemint’ him nou ienkear drokker makket oer ûnrjochtfeardige forskillen (of diskriminaesje) as oer in ûnrjochtfaerdich net honorearjen fan forskillen (= forneatigjen fan it eigene, en by better tasjen dus ek: diskriminaesje). It is nammers de fraech oft de hjoeddeiske jongere skriuwersgeneraesje noch leaut oan in takomst foar it frysk, en dêr hwat by opsette wol. Steven de Jong akseptearre in jier of hwat lyn de delgong fan it frysk as feit, en wie, as ik him goed bigrepen ha, net fan doel om him dêrtsjin to forwarren. Dat docht allegearre fansels neat ôf oan it feit dat de skriuwer troch syn skriftueren de tael bifoarderet, en de taelbifoarderer troch syn wurk de literatuer stipet. Likefolle oft se dat wêze wolle of net. | |
[pagina 14]
| |
It soe nijsgjirrich wêze to witten oft de redenen om frysk to skriuwen by skriuwers as Steven de Jong ek oars lizze as by auteurs dy't de takomstmooglikheden foar it frysk hwat optimistysker sjogge of alteast de gok op dy takomst weagje wolle. Dy fraech soe nammers likegoed foarlein wurde moatte oan âldere as oan jongere auteurs (en pommeranten). Har idéën datoangeande soene in seker forbân ha kinne mei de greater of lytser efficiency yn har wurk foar in takomst foar it frysk en mei har sicht op de fryske literatuer. It soe wêze kinne dat hiel hwat wurk yn de fryske literatuer dien wurdt as in fuortsetting fan in tradysje der't men nou ienkear yn stiet (en der't men ek it bêste de eigen status yn fêsthâlde kin), mar sûnder idé of alternatyf foar de takomst.
Wy hoege der net omhinne to heljen: foar it frysk is de hjoeddeiske twataligens en it oanwinnend tal net-Friezen yn Fryslân in neidiel. De net-fryske ymport is, hwat de posysje fan it frysk oangiet, grif oer syn optimum hinne. Dat optimum soe earne lizze moatte by de formule: genôch ymport om bisef to krijen fan eigen karakter, en to min om it hollânsk op guon plakken in dominearjende posysje to jaen yn de deistige omgong. By hokker tal oft sa'n optimum sahwat lizze soe, haw ik gjin aen fan. De faderlike formoanningen oan de Friezen om harsels en har tael net to isolearjen, kinne wy dan ek, hwat it taelgebrûk yn Fryslân oangiet, rêstich by ús delgliidzje litte as irreële slogans. De realiteit is nammentlik dat it hollânsk noch altyd in oppermachtige posysje hat, der't it frysk mar in hiel lyts bytsje hurde, reële macht tsjinoer stelle kin. Dat is sa yn it ûnderwiis, yn de literatuer, yn de krante, en gean sa mar fierder. It frysktalich toanielselskip Tryater hat fan it bigjin ôf oan greate swierrichheden mei it byinoarswyljen fan genôch subsydzje; De Noorder Compagnie krijt it winliken samar taskikt. Fryske tydskriften moatte om de sinten biddelje; DIF (mei ynwenjende frysktalige Strikel) moat en sil mei alle gewelt jild ha. Sokke foarbylden binne tekenjend foar de posysje, foar de status fan it frysk. Fansels is it sa goed sa kwea, dy subsydzjes en dy status-jacht, en in gefaer foar de eigentlike bidoeling fan literatuer en taelbiweging. Mar wy moatte ús nou ienkear hanthavenje yn dizze wrâld en ûnder dizze bitingsten, wolle wy noch hwat forwêzentlikje kinne. Dat in biskate poarsje oan oerheitsjild (noch altyd mar in fraksje fan hwat it hollânsk krijt) sil it foar de fryske saken wol net sûnder kinne.
Yn de bisteande sitewaesje ha wy gjin oare kar as oan to wurkjen op in twataligens en in trochbrekken fan it ûnderlinge isolemint op de manier sa't Straatsma dy biskriuwt. De geastlike sounens fan de fryske literatuer en taelbifoardering wurdt nammentlik net bidrige fan de ientaligens fan tydskriften en dichtbondels en it taelkundige ‘isolemint’ dat dêrút fuortkomme soe, dy wurdt oantaest fan geastlike binyptens, maklikens en arrogânsje, yn hoefolle talen oft dy har ek uterje meije. Dat is nammentlik in gefaer dat yn in lytse taelmienskip ekstra spilet en dat net troch twataligens forholpen wurde kin. Hwant it is wier, in lytse taelmienskip kin kultureel aktivearjend wurkje, mar hy kin ek aktiviteiten smoare, en hy kin ek binammen minsken fan it twadde plan oanlûke dy't dêr lykwols de kâns sjogge en krije om in earste fioel to spyljen, likefolle oft it nou om literatuer of om taelbifoardering giet. Dat is in reden om ‘oan it frysk to dwaen’ dy't Straatsma to'n ûnrjochte oerslacht. |
|