| |
| |
| |
H.A. Witteveen
Ljouwert, in plan foar de binnensted
Mei de binnenstêd giet it mar min, striemin kin men wol sizze. Né, net op ekonomysk gebiet, och heden né, de sakelju hawwe fan de depresje noch gjin lêst. Der is mear forkoft as ea tofoaren. It wie in keap-orgy. Der is noch nea safolle omgongen as yn dit winterskoft. Mar hwat mist der dan, hwat giet der dan net goed? Dêroer woe ik it hawwe. It giet elk oan, elk hat der mei to meitsjen hwant elk komt yn dy stêd. Net allinnich Ljouwert, al giet it dêr slim om en ta, ek oare stêdden as Dokkum, Frjentsjer, Snits en gean samar troch, yn hiel Jeropa, hawwe de âlde stêdden it swier. Dêrom giet it de net-Ljouwerter krekt likegoed oan, foaral omt de stêd mear jaen moat as ekonomy allinnich.
| |
De kwalen.
It forkear rint fêst sa't men wit. Men wurdt pleage fan de útlaetgassen, men wurdt breinroer fan it gedinder. De earen sûze jin fan it kabael. Jins eagen sjogge oars neat as de dyk, hwant oars wurdt men fynknypt yn de stream fan blik. De beam en it oare grien hawwe de striid al opjown en noch in hoart en der wenje ek al gjin minsken mear. De binnenstêd is dan saneard, sa.'t men seit, dat wol sizze ‘sounmakke’, mar it wurd hat in eigen bitsjutting krige. De greate winkelbidriuwen diktearje de oerheit harren easken en de lytse middenstân draeft dêr efteroan, wurdt deadrukt sûnder dat se it sels yn de gaten hat.
| |
Foardiel fan de binnenstêd.
Oer de foardielen dy't de binnenstêd hat, of, ik kin hast better sizze hie, hoech ik neat to fortellen. Ljouwert hat monuminten fan greate wearde, it stêdsplan is tige nijsgjirrich. Syn skiednis is de muoite wurdich en ik kin jo oanriede om ris de Eekhof troch to lêzen, jo sille forsteld stean oer de orgaenyske groei fan de stêd, dy't oplossings joech dêr't eltse stêddebouwer hjoed-de-dei syn fingers by ôfslikket. Dêr komt hý net mear oan ta. En sa'n binnenstêd wurdt nou ôfbrutsen. Sa'n binnenstêd kin folle mear jaen as in útdoktere winkelsintrum, hwer't it winstmeitsjen alhiel sintrael stiet.
In binnenstêd is in moetingsplak mei 100% fasiliteiten. It jowt in wenplak sa't men it nearne fynt, mei folle mear mooglikheden as in moderne nijbouwyk.
| |
Hwa is forantwurdlik?
De wet op de romtlike oardering seit dat in bestimmingsplan basearre wêze moat op ûndersyk. De lieding fan dit wurk wurdt opdroegen oan B & W fan de gemeente. Mar in bistimmingsplan hat de Ljouwerter binnenstêd net. Binne B & W nou ek net forantwurdlik? Se hawwe de hannen frij yn Ljouwert, alles kin yn de binnenstêd, as it mar oan in reedlike wolstân foldocht, sa't se dat neame, dan is it goed. De skientmekommisje is de iennichste mooglikheit om in gebou to warren. B & W litte harren dêrtroch riede, mar dizze rie hoege hja net oan to nimmen. Se hawwe de hânnen dus wol frij, mar de ûntwikkeling alhiel net yn 'e hân. Wolle jo yn de âlde binnenstêd in hûs ombouwe ta in garaezje, dan
| |
| |
Ljouwert om 1200 hinne.
De stedsgrêft sa't dy nou rint is stippele oanjown.
1/3 part fan de hjoeddeiske stêd leit yn de âlde middelsé.
| |
| |
Ljouwert om 1700 hinne.
De stedsgrêften op har hichtepunt; de binnengrêften wiene de oanfierwegen.
| |
| |
sille B & W jo gjin striebré yn 'e wei lizze. Hwer't dit hinne giet? Sikerwier net de goede kant op. De kwaliteit fan de bibouwing draeft efterút. Der moat hwat barre. Der is yn 1960 in struktuerplan makke foar de binnenstêd, troch in stêddebouwer. Dat plan is makke sûnder dat B & W sein hawwe, hwat sy nou einliks woene, en mei ús winsken is alhiel gjin rêkkening holden. Sa sil it ek wer gean mei it nije struktuerplan dat aenst yn febrewaris loskomt. As ik foar jo in hûs bouwe soe, lêzer, sûnder jou winsken to kennen, dan krije jo óf in hûs dêr't ik goed yn wenje kin, óf in trochsneed hûs; yn beide gefallen komme jó tokoart. Sa is it ek mei de stêddeboukundige en syn plan. Ja sels noch sterker, hwant dizze minsken witte alles fan ekonomyske problemen en fan forfiersproblemen. In tafallichhiet der't ús âlde binnenstêd fol fan is, kinne se mar min yn in nij plan opnimme. Sjoch mar ris nei Ljouwert-noard, Bilgaerd. Dêr steane twa tsjerken moai by de dyk lans, ien foar de roomsken en herfoarmen, en ien foar de grifformearden. Dat hie noait moatten, hwant yn de binnenstêd steane de tsjerken leech. Mar goed, hwat hie it nou aerdich wêst en nim in boerepleats (se stiene dêr by de rûs) op yn it plan en brûk him, ideael foar tsjerke, toaniel, ensfh. Mar hjir wurdt stiif lâns de dyk in plak foun foar twa tsjerken dy't mar min mei komme kinne yn it gehiel. Hwat in forsmiten kânsen.
Ljouwert moat sels de plannen meitsje ûnder taforsjoch fan de bêste deskundigen dy't der binne, mar jo moatte net in Rotterdammer freegje en sizze, rêdde jo mar mei de brot. Dat struktuerplan 1960 is al wer forlitten, mar it hat syn groeden wol neilitten. Dêr is de Prins Hindrikbrêge ien fan, it is mar in brechje, mar it wurket lang nei en net to'n goede.
En de boarger, hwat docht dy? Dy wachtet apathysk ôf oant se oan him ta binne, bigjint dan to roppen mar is gau wer stil. Of hy heart ta de silent majority. Of hy is de man fan bûten de stêd en hat net iens yn 'e gaten hwat der mei him bart, as er yn de binnenstêd komt. Mar tink der om, krekt op dizze man fan bûten Ljouwert driuwt de stêd. It wurdt in trêdderangs plak as hy weiwurdt. Der binne ek noch in pear aksje-groepen of hoe't je se ek mar neame wolle. Minsken dy't hwat gewaer wurden binne, dy't ynsjogge dat it sa net goedkomt. Hja hawwe it swier! Se hawwe in âld struktuerplan yn 'e holle en fan it nije plan witte se neat. En jo moatte ek net miene dat B & W harren aenst it nije plan tastjûre sille, en as se it dan al einliks opskarrele hawwe kinne se it sanksionnearje of né sizze. Se binne fansels tsjin, hwant it plan is sûnder harren makke en se krije nou it forwyt dat se to let binne, fiersten to negatyf, en sels gjin plannen hawwe. Dizze krityk fan B & W, fan riedslieden en sels fan boargers falt der altyd yn mar is net réëel. Ommers, al soe sa'n man yn de tariedingskommisje sitte (se sitte der net yn) en hy soe der de tiid for hawwe (ikke net), dan pas hat dy krityk sin!
| |
Hokfoar winsken?
Sa as al sein is, moat der dus in plan makke wurde. De Stêddeboukundige moat easken en winsken opjown krige hawwe. Hwat binne nou dy winsken, en troch hwa moatte hja steld wurde? Nou wurdt allinnich praet mei de winkellju mar der hearre yn it earste plak de minsken by dy't yn de binnenstêd komme en wenje. De binnenstêd is der net foar de winkellju. Mar hoe giet it, mei de sakelju prate jo makliker as mei de man dy't der sa nou en dan mar ris komt, en de man fan it plattelân hat sels net iens syn fortsjinwurdiger yn de rie.
As jo allinnich prate mei winkellju dan wolle dy trije parkeargaraezjes yn it hert fan de stêd. Freegje it oan de stêddebihâlder en der komt gjin auto mear yn.
| |
| |
Jawis, twa útersten, mar noch efkes en der stiet in parkeargaraezje dy't de saek jierren fiksearret. Hwat seit de Raad van het Groot winkelbedrijf oer winkelsintra yn nije gebieten? ‘Het winkelgebeuren mag niet ondergeschikt worden gemaakt aan andere doeleinden’ Fuort, de fasiliteiten dy't nou krekt de stêd meitsje ta hwat se wêze koe. ‘De winkels mogen daarom niet worden onderbroken door opname van woningen en torenflats’. Mar in museum of in gallery moat der krekt tusken kinne. ‘Het parkeerterrein (verh. t.o.v. het verk. opp. is als 4:1.) dient als eenheid gesitueerd te worden en niet dieper te zijn dan max. 300 meter’.
Jo sjogge it wol, by dizze mannen draeit alles om de forkeap. Hwat better as de massa harren winkels ynkomt, hwat better it is. Oare dingen dy't dit noch forbetterje kinne wurde op priis steld as it mar ekonomysk is. Sokke minsken moatte it net for it sizzen hawwe yn 'e binnenstêd, mar der sitte allinne winkellju yn de struktuerkommisje!
Hwat sizze B & W yn de struktuernota 1971? ‘Er dient in ieder geval voldoende parkeerruimte te worden aangelegd, zowel binnen de stad als in de onmiddelijke omgeving daarvan. De functie zal duidelijker en sterker zijn wanneer de hoofdvoorzieningen een behoorlijk bereikbare plaats in de binnenstad krijgen of behouden’. Mar oer ûntwikkelingen oan de Tynjedyk (Albert Heijn), dêr wurdt net oer praet. It is jo nou wol dúdlik dat de binnenstêd ien greate parkearromte wurde sil mei winkels yn de middenmoat. Of it sintrum sil sakje ta in tredderangs plak, sa't al faek mei oare stêdden bard is. It winkelsintrum lykas dat fan Albert Heijn hie noait oan de Tynjedyk set wurde meijen, it taest de binnenstêd oan. Nou is it fansels wol sa, dat as B & W dit wegere hienen, it yn Hurdegaryp kommen wie en dat hie noch minder west. Mar ek dêrre heart net in sintrum dat mear to bieden hat as de forsoarging fan it wenplak. De Planologyske Tsjinst sil sokke ûntwikkelingen sa folle mooglik keare moatte.
| |
De auto.
De auto is ús hillige kou, wy laitsje wol om de lju yn India dy't sa healwiis mei dy kij omspringe, mar wy binne net better. Dochs sil de auto syn wearde as statussymboal forlieze en in greate wearde krije as gebrûksartikel. Mar krekt dêrtroch komme der noch folle mear auto's. De auto bipaelt it greatste part fan it belied, neat hat ús libben sa foroare nei de oarloch as de auto. De oplossing fan dit probleem soe de oplossing wêze fan in bulte stêddeboukundige swierrichheden. Men freget jin ôf hoe't it mooglik is dat de auto mei al dy neidielen: deaden, yn 'e stêd net to brûken, it stjonken, it kabael, djûr, en gean sa mar troch, sa'n great part fan it minskelibben ynnimt. Mar nim mar oan dat der noch folle mear auto's komme, in forhâlding fan 1 auto op 2 minsken sil fêst helle wurde. Wis, de minske soe himsels net wêze, as der gjin forbetteringen kamen. Sa sil it stjonken oplost wurde, sjoch mar nei de 2-takt-motor, dy is ek al forlitten troch Saab. It kabael sil formindere wurde. Elektroanyske systemen sille botsingen foarkomme en dus ek deaden, ja, it is aenst mooglik om jou weintsje sûnder dat der immen ynsit nei de garaezje to stjûren foar ûnderhâld. Mar ien ding bliuwt, dat is it greate oantal. En krekt dat oantal sil nea yn 'e binnenstêd kinne, ek al brekke jo dêr alles ôf. Der binne plug-in city's makke, op papier dan, en dêr past dat guodkeape elektroanyske weintsje bêst yn, mar sa'n stêd sjoch ik hjir de earste tyd noch net. Sa'n stêd is fiersten to kwetsber. As de auto it net docht op in wiete moarn dan is dat forfelend, mar jo rêdde it noch wol, it fytske sil der by komme moatte. As nou it elektrysk útfalt sitte al hiele folkstammen yn 'e kjeld. Yn sa'n plug-in city sille jo mar sitte moatte mei sa'n trelit. Se fine jo nea wer
| |
| |
libben werom. It minskdom wurdt kwetsber en dêrom sille wy sels baes bliuwe moatte en ús net to ôfhinkelik meitsje fan ús apparatuer. Tink der mar om en hâld jo kacheltsje by de hân.
| |
Hoe moat it dan?
It autoforkear yn de binnenstêd sil biheind wurde moatte. It is ûnmooglik de binnenstêd mar wer oan to passen oan it altyd mar tanimmende tal auto's. Faeks sil it forkear der op freed en sneon alhiel út moatte: de binnenstêd wer foar de fuotgonger, as it drok is. B & W sille dy kar dwaen moatte en as se dat net dogge rint it oer 10 jier dochs forkeard. Fan moandeis oant freeds jowt de auto nou noch gjin probleem. Dizze dagen wurde dus stimulearre. De wegens troch de binnenstêd moatte smel en floeijend wêze, sadat passearje en hurd ride net mear mooglik is. De trottoirs forgreatsje y.p.f. forlytse. Mear saken moatte earder of letter slúte sadat de forkearspyk forlytse wurdt. Parkearmeters moattte djûr wêze en maksimael mar in ketier to brûken. De bisiker fan it sintrum sil syn auto kwyt kinne moatte bûten de grêften. Rounom de stêd stiet âlde bibouwing, dy plakken binne der gaedlik foar. Sa kriget men ek wer de tsjinstelling tusken de ticht biboude binnenstêd en de iepen romte dêr om hinne. De man dy't hjir syn auto kwyt kin, moat nou rinnende fierder, linea recta oer de grêften. Dus fuotgongersbrechjes (heechhouten) oanlizze. De ôfstân nei it sintrum sil sa'n 300-500 meter wêze en is dat tofolle, dan kin it iepenbier forkear dit oernimme (taksi en buksi). Drokke krúspunten moatte alhiel fuort út it sintrum, en allinne lytse bifoarriedingsauto's meije foar 11 ûre moarns guod bringe hwer't it perfoast net oars kin. De mooglikheit om fytsen en sels auto's troch de binnengrêften ride to litten jowt kânsen op frije krusingen. Miskien is it mooglik om ûnder de wegen nêst de grêften noch parkearmooglikheden to meitsjen. Kantoaren dêr't minsken wurkje dy't neat yn it sintrum nedich hawwe, moatte der út. Sels de kantoaren fan it stêdsbistjûr
hearre net yn it sintrum mar oan de rânne dêrfan, sadat se goed birikber binne foar fuotgongers út it sintrum en ek foar de man mei de auto. Yn Den Haech draeit 90% fan it forkear om de greate saken, lykas De Bijenkorf, V & D. ensfh. De greatwinkelbidriuwen hawwe foaral mei min waer in bulte mear to bieden as de lytse winkel, men kin droech fan it iene nei it oare plak komme. Dêrom moatte der gebouwen komme dy't foar in part forhierd wurde kinne. Yn sa'n gebou sitte dan forskate middenstânners dy better de klant to wurd stean kinne as in greatwinkelbidriuw. Plak foar sa'n gebou is noch wol to finen. De gemeente hat groun oan de Haniastege (it westlike part fan de Nijestêd). Troch hjir in middenstânswarenhûs to stiftsjen soene B & W in finger yn de brij hâlde, en har jild goed bilizze. Sa is dit ek mei it Oldeburgerweeshûs, it is to gek en set sa'n pear wezen op in fiersten to djûr plak healwei de Nijestêd. It blok Nijestêd-Wurdumerdyk-Ruterskwartier-Skavernek kin yn de takomst ien great gebou wurde hwer't men fan Skavernek oan't Wurdumerdyk droech troch hinne rinne kin. Mar dan moat men der nou al oan bigjinne. Foar elts pand yn dit greate blok moat in plan makke wurde dat oanpast wurdt oan it gehiel. Hawwe dan twa of mear oaninoar lizzende panden de winsk om yn 'e mande fierder, dan brekt men de tuskenmuorren der út en men kin sûnder bûten to kommen fan de iene nei de oare gean. It sterkste punt fan de winkelman, syn deskundichheit, komt dan pas goed oan bar. De romte tusken Nijestêd-Foarstreek en Willemskaei-Sudergrêftswâl-Easterkaei, moat bistimd bliuwe foar it sakelibben. Noardlik fan Nijestêd en Foarstreek moat it wenjen wer syn gerak krije.
| |
| |
Nije Kaei en Kaserne.
Op it plak fan de Bonifasius-tsjerke wie heechbou foarsteld, gelokkich sil dat net trochgean. De binnenstêd fordraecht gjin heechbou.
| |
| |
As it forkear yn de binnenstêd to drok wurdt sil it der út moatte; potinsiële parkearplakken oan de rânne fan de stêd binne nou noch frij.
| |
| |
| |
It wenjen yn de binnenstêd.
In wengebiet yn de binnenstêd hat greate foardielen. It forkear nei de binnenstêd ta wurdt ûntlêste, hwant de man wennet der ommers al. Wennet men dêr dan soe men hast sûnder auto kinne, men sit oeral tichtby. De hiele forkaveling fan it gebiet kin brûkt wurde, de binnenterreinen moatte wer iepenbrutsen wurde, ideale plakken fan rêst, dêr't tunen in prachtich gehiel foarmje kinne. De fuotgongerspaden rinne troch dy tunen en sa komme de âlde hofkes der ek wer. Op plakken dy't net geskikt binne foar wennings, bygelyks in noardeast hoeke, kin men lytse kantoaren yn kwyt, en de timmerman, de leadjitter, ensfh. Dizze ambachtslju soene harren wurk dwaen kinne mei in hânkarre en de auto koe fuort. To greate bidriuwen moatte út dit part fan de stêd wei, foaral as der gjin bining mei is. Al dizze punten wurkje hast gunstich op it forkear, meitsje it minder drok en dat is krekt hwat wy wolle.
Op dit stuit is it sa dat as in âld pand net mear foar biwenjen to brûken is, it ticht spikere wurdt. Men seit dan dat der gjin leafhawwers mear foar binne, dat opknappen fiersten to djûr is. Faek sit in bidriuw om sa'n pand to springen, dus steane B & W ta dat in wenning forlern giet. Mar as der in goed bistimmingsplan is hoege al dy biswieren net to jilden. Der binne dan wol leafhawwers foar dy wenten, de minsken doare it wol oan, hwant in kâns dat nêst jou hûs in foddepakhûs komt is der net, hwat nou wol it gefal is. In bidriuw kin dan rekkening hâlde mei it feit dat der net mear útwreide wurde kin, en yn syn planning der rekkening mei hâlde evt. nei in oar plak to forhúzjen. B & W hoege dan de noas net mear to stjitten. Ik kom dan net mear mei krityk oer it oantaesten fan it wengebiet, en it bidriuw net oer it tsjinhâlden fan útwreiding.
| |
Gearfetting
Men sjocht wol dat men by it bistudearjen fan de problemen yn de binnenstêd yn in greate tizeboel tolânne komt. B & W fan de gemeente Ljouwert, mar ek dy fan oare stêdden, krije it by it sykjen nei oplossingen net maklik en dêr wurdt in soad krityk op jown dy't net altyd to fordigenjen is. Bipaelde dingen binne nedich, der sil forlies lit wurde om dy dingen klear to krijen, sa hat it altyd west en sa sil it ek wol bliuwe.
Hoe't it mei de binnenstêd komt wit gjin minske, mar men kin nou wol sjen dat al dy auto's der noait yn kinne. B & W tinke lykas yn de struktuernota 1971 stiet, dat it wol kin. Dat wiist der op dat der trochbraken komme sille, dat der noch mear ûngelokken barre lykas mei de Prins Hindriksbrêge, Amicitia en nou wer de útwreiding fan de Fryslânbank, dy fiersten to heech is op dit stuit. Wy sille hoopje dat it nije struktuerplan dizze flaters net hat (al liket dat wol sa wêze to sillen) en dat it de oanset is foar it bistimmingsplan foar de binnenstêd. Is dit struktuerplan net goed, dan moat de saek nou keard wurde, Wy meije net trochgean de stêd to fornielen.
|
|