Tryng-Wang Hoe / In ûnbikende keat.
It hat de Eale Redakteuren fan it tydskrift Trotwaer hage de ûnweardige persoan Tryng-Wang Hoe út to noegjen om inkelde neatsizzende wurden to wijen oan de oersetting troch de dichter Marten Sikkema fan in rige fersen út syn memmetael, dy't de Achte Lêzer fine kin yn in ôfsûnderlike útjefte fan it tydskrift De Strikel. Tryng-Wang Hoe tanket foar de eare him hjirmei oandien.
Hy merkt mei greate biskiedenheit op dat er foar de fersen fan de dichter Sikkema greate biwûndering hat. Mar, hoe't de neatwittende persoan Tryng-Wang Hoe der ek tsjinoan skytskoarret om it steile wurd út to sprekken, him tinkt dat der tusken de treflike fersen fan de dichter Sikkema en de fersen fan K'ung Fu Tsé, Ly T'ei Po en oaren net in foldwaende forbân en oerienkomst is.
De dichter Sikkema ken de memmetael fan K'ung Fu Tsé en Tryng-Wang Hoe net, skriuwt er. Hy hat de fersen út oare talen oerset. Hokker talen? ûnderwynt Tryng-Wang Hoe him to freegjen. Hat de dichter Sikkema tige frij oerset of hat syn ûnbikende boarne tige frij oerset? Tryng-Wang Hoe is de lêste dy't it wit. Mar hy seit: ien fan twaën.
Hy lêst bygelyks by de dichter Sikkema yn it fers Minskelot de rigels:
Fan maitiids bloeisel sparret simmer neat,
koel komt de hjerst en dan yn wite klean
Mar K'ung Fu Tsé hat skreaun:
Dat is yn 't Frysk oerbrocht:
Ik fei de appelblossem fan dyn jak,
myn hân rêst effen op de titten.