Tr. Riemersma / Hoe't Freark Dam konservator waerd
It is wier: ik bin partij yn dizze saek. De lêzer mei my dêrom fan partidichheit biskuldigje en der safolle persint rankune ôflûke. Mar der bliuwt hwat fan oer.
Sûnt 1967 it baentsje fan konservator fan 't Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum yn 'e gaten holden. Yn 1968 fan Scholten sels nochris in tip krigen. Hy joech, sei er, mear lju in wink. ‘Wachtsje de advertinsje mar ôf.’
Yn maeije 1969 sollisitearre nei oanlieding fan 'e lang forwachte advertinsje. Bigjin juny ris op 't Coulonhûs en petearke mei D.A. Tamminga oer ditten en datten. Tamminga: ‘Hast de brief fan 't Letterkundich Museum al krige?’ ‘Né.’ ‘O, nou, dou bist it net wurden. Freark Dam is bineamd. Dat stiet net yn 'e brief, mar ik fortel it dy mar. Wolst it noch even stilhâlde?’
De hiele joun spilet it jin troch de kop fansels. Ynienen: BLIKSEM, DAM SIT YN 'T BISTJÛR FAN 'T LETTERKUNDICH MUSEUM! Soks sit jin dwars, en men praet deroer mei freonen, bygelyks by Van der Zwaag-en-dy.
Ik: ‘Fordomme, litte se jin sollisitearje wylst se allang ôfpraet ha dat Dam it wurdt.’
Kobie van der Zwaag: ‘Skande fan dy kwartsjese postsegel.’
Ik: ‘Dat 's neat. Mar dy tiid! Ik ha twa jounen oer dy brief dien. It wie ien fan sawn fel.’
Geart van der Zwaag: ‘It wie fansels tsien jier fantofoaren wol bikend dat Scholten yn maeije fan dit jier 65 wurde soe. Dam koe dat ek witte, dat hy hie him yntiids út it bistjûr weromlûke kinnen as er sollisitearje woe.’
Ik kin 't net wiermeitsje mar it IS al wier: it feit dat Dam sit hie yn 't bistjûr hat bydroegen ta syn bineaming ta konservator. It wie trouwens fier foar it opstellen fan dy advertinsje in útmakke saek dat Dam it wurde soe. (To Koartehimmen. Petear oer in op to