Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 98]
| |
Tr. Riemersma / Trije telefoanpetearenWoansdei 27 augustus fan redaksjeskriuwer Kamminga heard dat Dam ús plan blokkearret. Plan opkommen mei Jan J. Bylsma oer dy streek to praten. Bylsma hat it der tsjin my nammentlik faek oer hawn dat der tusken De Tsjerne (doe noch) en De Strikel in goede forstânhâlding wêze moast. De Strikel moast net literair wurde (nou ja, ris in ferske), en dêrmei De Tsjerne konkurrinsje oandwaen. De redaksjes soenen ris in mienskiplike gearkomst hâlde moatte om to praten. In redakteur fan De Strikel soe ek wolris hwat skriuwe kinne foar De Tsjerne, en oarsom, hwant it iene tydskrift biet it oare net. Doe kaem Trotwaer, en it is wier, Bylsma is dêr gjin abonné fan wurden. Mar sa goed as ik it bigrepen hie net om't er syn miening oer de fredige koëksistinsje fan it literaire en it algemiene tydskrift wizige hie. Ik miende dat er noch altyd fan bitinken wie dat De Strikel en (nou) Trotwaer in aparte funksje hienen en inoar gjin flieën ôffange moasten. Dêrom woe ik him daliks skilje. Mar ik krige gjin gehoar. Doe Rink van der Velde skille: - Ha jim noch plannen foar in bysûnder Strikelnûmer? R.v.d.V.: ‘Né, de kommende nûmers wurde gewoan. Hwat stikjeboel, witst wol. Miskien dat wy mei Krysttyd wer hwat oars dogge, dat dogge wy yn 'e regel. Hoe dat sa?’ - Dat wol ik leaver net sizze. Wy hawwe mei Trotwaer hwat bysûnders yn 'e holle en ik woe allinne mar even witte oft jimme ek hwat fan doel wienen. R.v.d.V.: ‘Né, sa 'k sei. It gewoane spul. Of it soe wêze moatte dat de oaren plannen hawwe dy't ik noch net wit... Mar né, dan hienen se my wol op 'e hichte brocht.’ Fuortdernei skille mei Hylkje Goinga: - Ja, Hylkje, ik belje even foar Trotwaer. Ik woe ris freegje oft jimme mei De Strikel ek noch hwat bysûnders dogge. Wy hawwe in | |
[pagina 99]
| |
apart nûmer yn 'e holle en wy moatte inoar net yn 'e tsjillen ride. H.G.: ‘Né, dat soe 'k net witte. Mar belje Rink even, dy wit it dan wol.’ - Ha 'k al belle, mar dy wit fan neat. H.G.: ‘Nou, dan grif net. Hoe nou, ju?’ - Wy woenen yn in apart Trotwaernûmer de bikroande Relyforhalen en -fersen útjaen. H.G.: ‘O, hwat leuk.’ Tongersdei 28 augustus, telefoanpetear mei Jan Bylsma: - Siz Jan, ik woe dy lestich falle mei in kwestje tusken Trotwaer en De Strikel. Trotwaer hat De Fryske Bibleteek frege om de bikroande fersen en forhalen fan 'e Rely yn in apart nûmer útjaen to meijen. It bistjûr fielde der wol foar, mar Freark Dam hat ús plan blokkearre troch dy forhalen en fersen op to easkjen foar De Strikel. J.J.B.: ‘Jim hawwe ek hielendal gjin rjocht op dy forhalen.’ - Né, mar jim ek net. De Strikel is gjin útjefte fan 'e Bibleteek. Jim hienen ek hielendal gjin plannen yn dy rjochting. Juster haw ik Rink en Hylkje belle en dy wisten fan neat. Freark Dam hat it near lein op dat Rely-spul allinne op ús dwars to sitten. J.J.B.: ‘Nou ja, dou witst wol hoe't it sit tusken De Strikel en Trotwaer.’Ga naar eind*) - Dou hast fakernôch sein dat De Strikel net literair wurde soe. J.J.B.: ‘Nou, ris in inkeld nûmer...’ - Ja, as it nou samar in nûmer wie. Mar dit wie ús idé en jim pikke it ús ôf. J.J.B.: ‘Dit is in saek fan it bistjûr fan De Fryske Bibleteek. Dat moat útmeitsje hoe't dy forhalen en fersen útjown wurde sille.’ - Dan krijt De Strikel se. Dam wol se útjaen en it bistjûr stjit Dam net foar de kop. Dou witst hoe't soks giet. J.J.B.: ‘It bistjûr fan De Fryske Bibleteek hoecht him net efter Dam to forskûljen fansels.’ - Né, Jan, mar hjir komt gedonder út fuort. Kinstou Dam net biwurkje dat er dy blokkaezje opheft? Hwant dit is oars net as pesterij. J.J.B.: ‘Ik stean fansels efter Dam.’ - Ik bin hjir persoanlik slim oer rekke, en ik kin dy wol fortelle: Trotwaer nimt dit net. En as it nou allinne tsjin Dam gyng, mar dy giet aenst ôf as redakteur en wy bliuwe sitten mei skeel tusken de redaksjes. J.J.B.: ‘Giet Dam út 'e redaksje fan De Strikel? Dêr wit ik neat | |
[pagina 100]
| |
fan.’ - Ik miende dat dat yn 'e Ljouwerter Krante stien hie. Dat er dit jier noch úttsjinje soe. Mar dat docht der ek net ta, wy krije troch dy streek fan Dam gedonder tusken Trotwaer en De Strikel. J.J.B.: ‘Nou, as it dochs oarloch wêze moat, dan fuort mar goed.’ |
|