Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 101] [p. 101] Ofkard wurk fan de Rely 68/69 [pagina 102] [p. 102] Ofkard wurk fan de Rely 1968 Meindert Bylma / De spylman op 'e hoeke fan 'e strjitte stiet sabeare in spylman mar de minsken hawwe it drok mei ynheljen en de spylman sjongt mar sabeare 50 KM liedtsjes oer it ein fan de ein mei sawn pykjes dy hawwe se deariden op 'e hoeke fan 'e strjitte stiet sabeare de spylman mar it jonkje (krekt of ken ik him) dounset in kwartsje yn syn hoed en keapet eefkes letter foar itselde jild in sjokodips Vorige Volgende