Josse de Haan / In great swart gat: moment opnamen
Wy hawwe nea sein dat wy dy deadzje soene. Dou dochts it sels. Hielendal allinne. Hoe komst der by. Wy binne gjin moardners. Hwat sizze jimme mannen, moardners, toe nou. De oare trije mânlju bûgden stiif de holle en gniisden doe Gosse yn syn harsens. Dou moatst springe jonge, mear net. Allinne mar efkes springe, dat is alles. Hwat der dan bart is net mear ús saek. Dat is in kwestje fan god en trawanten. Springe, springe, springe. Geart hjirre makket stúdzje fan selsmoardners. Gosse seach de fjouwer mannen bang oan. Hy wist noch net of se it nou mienden of net. It soe dochs to gek wêze, foar ien slipperke dea. Mar dochs bin ik gjin selsmoardner, tocht er. Se moatte my der mar by del smite, dy smychten. Ik spring net. Jimme sille my slaen moatte. Kranksinnige idioaten. Hessel seach him hwat spytgnyskjend oan. Ik tocht oars datstou wol goed springe koeste, as ik tink oan dyn mânske sprongen fan juster. Ja, goed dat wie wol sa djip net, mar yn wêzen is it ommers itselde. Wy woene graech datstou omdel sprongst. Gewoan ju, út dy sels wei. It sil de wittenskip wer in ein op wei helpe, hie'k tocht. Dyn libben hat dan dochs in bytsje sin hawn. Hoechst dy net mear ôf to freegjen by dyn dea, hwat ha'k dien. Né, dou hast de wrâld mei dyn sprong rêdden. Dou silst in great man wêze. Dyn namme sil de hânboeken opfleurje.
Nou fordomme, wurdt it noch hwat man. It sycht hjir as de pest. Wy kinne hjir net ûren stean, sei Hânske. Hy stuts in segret oan. Gosse seach nou wol dat it mienens wie, en bigoun to flokken en to razen. Jimme binne mûnsters, greate dweilen, bisten. Gjin mislediging graech, sei Hessel. Hast allinne mar lege briefkes yn to bringen, mear net, Spring jezus kristus, of ik skop dy der út. Gosses eagen forweechden nei lofts en rjochts. Syn boarst gong fûleindich op en del. De trije mannen diene in stap nei foaren. Hy moast wol nei efteren skouwe. Nei it donkere gat. De trije bilagers wiisden nei